Frysk tsjerkebesit

KAREL GILDEMACHER – 

Der binne net in soad âldere boeken dy’t hjoeddedei nochris op ‘e nij en dan ferbettere útjûn wurde. Dat jildt yn it algemien, foar Nederlân ek en foar Fryslân seit soks him sels. Der binne fansels wat omstavere literêre (proaza)wurken en samle gedichten en inkelde kear binne dy ek wat bewurke, lykas de Rimen en Teltsjes. En dan binne der in pear saneamde fotografyske reprints op it mêd fan de skiednis.

Sadwaande is it tige bysûnder dat okkerdeis in nije ferbettere útjefte fan de printe Benefisjaalboeken fan 1543 by de Afûk ferskynd is. Peter van der Meer en Hans Mol hawwe net keazen om de besteande njoggentjinde-ieuske edysje fotografysk wer te printsjen. Se hawwe de hiele skreaune tekst sa’t dy doedestiids brûkt is, op ‘e nij lêzen en de werjefte diplomatysk, d.w.s. letterlik wat der stiet, printsje litten (bygelaat fan in stikmannich noaten). It nije boek telt mear as tûzen siden. Gean der mar oan stean. It is in geweldige prestaasje fan de twa Fryske Akademymannen.

Yn de ynlieding nimt Hans Mol de pet nammers ek ôf foar de eardere transkripsje. Deputearre Steaten fan Fryslân hiene baron Schwartzenberg yn de 18de ieu opdracht jûn om alle âlde oarkondes en sa oer Fryslân yn print út te jaan. Yn Hollân hie Van Mieris dat dien en wy koene, mei sa’n romrofte skiednis, fansels net benefter bliuwe. Yn it fjirde diel fan it Charterboek hiene de yn 1543 opmakke listen fan it tsjerkebesit opnommen wurde sillen. De bewarre parten fan Eastergoa en Westergoa wiene al printe doe’t besletten waard om dy oersjoggen dochs mar net te publisearjen. Mei Eekhoff tinke de besoargers fan dizze nije edysje dat DS bang wie dat de Roomsken har yn 1580 troch de Herfoarmen konfiskearre besit werom easkje soene.

De fellen bleaune lizzen oant argivaris Van Leeuwen se werom fûn en dy mei de listen fan de Sânwâlden útjoech yn 1850. Dat grut folioboek binne noch mar sa’n pear fan dat der in nije edysje komme moast. Dy is der no yn in prachtútjefte en mei in CD dêr’t de hiele tekst yn pdf op stiet sadat men jins kompjûter nei tal fan dinkjes (nammen, wurden) sykje litte kin. Fantastysk.

As bern wie ik fertroud mei rike tsjerken en earme. Dy earme, dat wiene yn it foarste plak de Griffermearde tsjerken. Us heit as otterdokse Herfoarme fûn dat logysk. Dy Griffermearden wiene fuort rûn út de Herfioarme tsjerke en wa’t fuortgiet hat nearne rjocht op. En doe’t ik foarsichtich oer de Roomsen begûn, want earst wie dochs elkenien Rooms, learde ik dat it Herfoarme tsjerkebesit fan de minsken yn it doarp sels wie en dat de paus, de uteinlike eigner fan alles wat Rooms wie, der gjin rjochten op hie. Sadwaande. De Herfoarming hie folslein terjochte west.

Jild hat ek foar it beskriuwen fan it tsjerkebesit yn 1543, dus noch foar de Herfoarming, it motyf west. Karel V hie fan de paus tastimming krigen om ek oer tsjerkebesit ûnreplik-guod-belesting  te freegjen. Mar dan moast wol bekend wêze wat in tsjerke besiet. It hat wat jierren duorre ear’t er it foar elkoar hie, mar yn 1543 is de brod beskreaun. Meast troch de lokale geastliken en in inkelde tsjerkefâd, kerkrentmeester sizze se hjoeddedei. Braaf.

Sa skriuwt bygelyks in Hamster op: een huysstede uijtwaerts aende Ee, te weten heijdlandt ende ruysche fenne. Lang net altiten setten se der in wearde by, ek doe wiene se net achterlik.

Dy hiele registraasje jout een prachtich byld fan wat in tsjerke hie, wat bestimd wie foar it ûnderhâld fan it gebou en wêr’t mynhear pastoar en syn eventuele kappelaan en de koster fan libje moasten. Troch de lizzing fan it tsjerkelân – mei wat geplús is dat wol út te finen – is ek te efterheljen wat de relaasje wie tusken de pleatslike haadlingefamylje en de pleatslike tsjerke. Fansels siten dy op ien kessen, de lannen grinzgen faak oan elkoar en soms hat sa’n haadling de tsjerke ek sels stifte. Hy stelde lân beskikber foar gebou en pastoar en de biskop joech tastimming en stiftsje in nije parochy.

It nijsgjirrige fan tsjerkebesit is dat it suver nea ferkocht is. De eftergrûn is simpel: Wat oan God jûn is, kin in minske him net wer taeigenje. Wat ien kear by de tsjerke heart bliuwt hiel lang sa en men kin dus fier werom yn de tiid. Doe’t parochys ûntstiene.

It is spitich, mar dêr kinne de besoargers ek neat oan dwaan dat net alle opjeften bewarre bleaun binne. Fjiouwer fan de alve stêden ûntbrekke, Gaasterlân is der net by, Skoatterlân net en Anjewier allikemin. Dat is net oars, mar ik hie sa graach sjoen hoe’t it mei Terbant siet.

Der is in folksferjhaal dat nei in slimme sykte op in dei yn ien kear otterdokse en frijsinnige dûmnys troch de himmelpoarte kommen wiene. Petrus hie efkes sliept. Doe’t God him der op oan spriek hie de kaaibehearder in oplossing. Hy gie bûten de poarte stean en rôp lûd: “Terbant is vakant”. Sa hurd se koene draafden de frijsinnige dûmnys nei bûten. Terbant gou as in tige rike tsjerke mei in grou traktemint. Grif is dy rykdom earst yn de 19de ieu mei de feanterij kaam, mar it hie sa moai west om te sjen hoe’t it der yn de 16de ieu hinne lei.

Njonken foar de skiednisstúdzje is dizze nije útjefte  ek fan grut belang foar in byld fan it lânskip. De pastoars omskriuwe har lân:  saedtlandt, maedlandt ende fenlandt (Pitersbierrum) of dat landt ende principaael Pastorie landt zyn cortelanden en gaen nyet op ende vuyt (Oerterp) en wêr’t it leit: streckende van de scheenswall doergaende landen tuyn, terp ende huysstede op die poellenswal (Goaïngaryp). Ek fynt men hoe grut it is (mei alle riedsels dy’t der by hearre): es van twee lopenstal groet (Surhuzum), twee haed schergers in Dircksma wer (Dunegea) of  Vier hoefdt ende een tweedeel aen een hoefdt graslandt (Koudum).

It is in prachtige boarne foar ûndersyk nei tsjerkeskiednis, lânskipsûntjouwing en fral ek taal. Soks jildt net allinne foar lju dy’t yn har eigen doarpskiednis ynteressearre binne, alsille dy bliid wêze mei it nije boek. Taal- en nammekundigen sille har wille ek net op kinne.

In prachtige útjefte dus. As ik sa ûnbeskieden wêze mei, Van der Meer en Mol binne no dochs klear, meitsje ek sa’n prachtige nije útjefte as dizze fan it Charterboek van Friesland. Per slot hawwe de Hollanners ek al lang in opfolger foar Van Mieris syn Groot Charterboek der graaven van Holland.

 

De Beneficiaalboeken van Friesland 1543, Utjouwerij Afûk, €75,00

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.