Frijwilliger yn ’t ljocht

FINNY ANDRINGA-VAN DER PAL – 

It wie yn it Princessehof yn Ljouwert by Brekber, dat ik efkes noflik siet te praten mei ‘ús’ Hilly (koördinator fan de frijwilligers). Wy hiene it oer de fraach fan Tryater om in stikje oer it frijwilligerswurk by Tryater te skriuwen. Ik murk dêrby op, dat dat neat foar my wie, om’t ik mysels hielendal net sa’n aktive frijwilliger fyn. Ommers guon oaren binne folle faker op alderhande plakken dwaande om Tryater te stypjen. Al pratende kamen wy by de 11-Stêdetocht, dy’t fan 20 desimber 2008 oant heal jannewaris 2009 troch Fryslân davere, en ja, dêrfoar ha ik wol in tal moannen mear as normaal dwaande west. Dat wie sels noch fóar Hilly har tiid. No ja, sa kaam fan it iene it oare en in tal wiken letter waard ik belle troch Susanne fan it Tryaterkantoar mei de fraach oft ik wol in stikje skriuwe woe oer dý perioade.

 

It alderearste begjin
It wie al augustus 2008 doe’t Epko Dalstra (ek frijwilliger by Tryater) by my kaam mei de fraach oft wy tegearre de organisaasje en yndieling fan de frijwilligersynset by dit grutte spektakel op ús nimme koene. Wy ha doe op 18 augustus in lang oerlis mei Frouk Oostra (âld koördinator fan de frijwilligers) hân, wêryn’t sy útlei wat de bedoeling sa ûngefear wie en wat der allegearre (miskien) barre soe en moast. It wie daliks dúdlik dat it in hiele ûndernimming waard om ien en oar op ‘e tiid klear te krijen. Mar it luts ús beiden ek wol om sa’n grutte organisaasje op te setten.

 

De organisaasje
Fan begjin septimber ôf wiene wy dwaande mei dit bysûndere projekt. Omtrint alle dagen kamen Epko en ik byinoar om de organisaasje yn gong te setten en út te fieren. Oare kearen wiene wy yn it Tryatergebou foar it ferstjoeren fan poststikken, it opheljen fan alle formulieren fan de meiwurkers of oerlis mei it artistike en it technyske team. Dy teams wiene fansels al folle langer dwaande en sy hawwe in hast ûnmooglike prestaasje levere mei de organisaasje fan al dy foarstellingen op bysûndere lokaasjes. Dat dát allegearre sa goed yn inoar paste wie werklik geweldich, ommers guon akteurs moasten wol op twa of trije plakken troch de provinsje yn de ferskillende sênes stean.

Epko en ik begûnen daliks mei it stjoeren fan brieven nei alle al bekende frijwilligers fan Tryater mei dêryn twa fragen: oft se sels meiwurkje woene en oft se noch mear minsken oanbringe koene dy’t ek wol meiwurkje wolle soene én dêr ek geskikt foar wiene. De reaksjes wiene oerweldigjend, wy hiene nei in pear wiken al sa’n hûndert nammen op papier. Wat ek wol nedich wie fansels, want it gong diskear net om in pear jûnen yn te foljen. Nee, de plannen wiene dat der fan 20 desimber oant en mei heal jannewaris alle dagen 24 bussen troch Fryslân ride soene fan moarns seis oant jûns seis oere. Yn elke bus soene dan de hiele dei ien of twa frijwilligers meiride moatte foar publyksbegelieding. It die bliken dat dizze grutte oantallen, fan 24 bussen yn it earstoan, net altyd helle waarden, mar de klus wie fansels ymmens.

 

De tarieding
Doe’t bliken die dat it tal frijwilligers net it grutste probleem wurde soe, koene wy begjinne mei de yndieling fan elkenien. Mar yn de wiken dêrfoar wie der fan alles bard, want: elke begelieder hie al fragelisten ynfolje moatten mei postgegevens, mailadressen en telefoannûmers en syn of har foarkar fan te wurkjen dagen; yn it Tryatergebou waarden ynstruksjemiddeis en -jûnen hâlden, mei dêrby aksjes lykas: in parkoers ôflizze, test mikrofoangebrûk, in ploechje minsken tasprekke ensfh. Hiel yntinsive en fleurige oerkes wiene dat; In grut tal frijwilligers beseach yn it foar de hal dêr’t de start wêze soe en ek dêr waard wer útlis jûn oer de prosedueres.

Om elk yndiele te kinnen op de dagen dy’t men oanjûn hie, wie in hiele útsikery. Mar och, wat hâlden wy oan al dy telefoantsjes en mailtsjes mei al dy entûsjaste minsken somtiden prachtige kontakten oer.

 

Hoe’t it fierder allegearre ferrûn
Op 17 desimber begûnen de earste bussen ‘op proef’ de Tocht te riden. En fan 20 desimber ôf begûn it Sirkus dus echt te draaien. Wy hiene doe sels al inkelde kearen de kâns hân om de rûte mei te riden en te testen oft it allegear wol komme soe sa’t it logistyk betocht wie. Doe’t withoefolle mails, berjochtsjes en telefoantsjes de doar út gien wiene en ús listen mei de skema’s fan de meiwurkers hielendal klear leine en elke frijwilliger yndield wie nei eigen fersyk, guon foar ien kear, oaren wol foar trije of fjouwer kear, koe alles draaie. Tochten wy …

Mar ja, as dan bliken docht dat op ferskate dagen dy 24 bussen hielendal net ride sille om’t der deagewoan (noch) net genôch publyk is, dan moatte der op it lêste momint wer minsken ôfbelle wurde. Hielendal net slim fansels, mar elke jûn wie der sadwaande yn dy spylwiken wol wat te ferhakstûkjen. Somtiden hilaryske aksjes om minsken te berikken. Epko wit wol safolle fan Fryske doarpen, strjitten en syn bewenners ôf, dat wy altyd wol by in oplossing kamen. Somtiden fia famyljeleden, achterbuorlju, goekunde en neam mar op.

Doe’t der letter yn de spylperioade wól 24 bussen tagelyk fan start giene, kamen der wer oare probleemkes. De gryp begûn aardich te hearskjen troch de provinsje en dus kamen der ôfsizzingen fan frijwilligers en moast der wer op koarte termyn wat oars regele wurde. Wat in genot dy telefoan en ‘mailderij’. It bleau geweldich sa’t al dy meiwurkers harren bêst diene om méi ús nei oplossingen te sykjen en it is dan ek allegearre altyd wer op ‘e tiid klear kaam. Net te leauwen, wat in ploech minsken!

Mei bewûndering ha wy nei de frijwilligers sjoen. Elke moarn en jûn wie óf Epko óf iksels, óf wy beide yn de start/finish-hal oanwêzich as de groepen fuort gongen of weromkamen. Somtiden wiene wy ek nochris earne ûnderweis om de sfear mei te meitsjen. En al dy frijwilligers diene sá harren bêst om it elk nei it sin te meitsjen.

Dat minsken harren noch sá ynsette wolle foar ditsoarte fan frijwilligerswurk is gewoan fantastysk! It wie in gouden tiid, dy’t ik net gau ferjitte sil!

 

 

Wolst lykas Finny ek frijwilliger wurde by Tryater? Stjoer in e-mail nei h.kronemijer@tryater.nl of belje nei 058-2882335. 

Dit artikel is skreaun ta eare fan it 50 jierich jubileum fan Tryater en komt út de spesjale útjefte fan de Moanne: Tryater 50 jierde Moanne sjocht nei Tryater fan hjoed-de-dei. Hoe wurdt it selsskip skerp holden? Wat binne de driuwen en oanfiterjende dreamen dy’t binnen dit selsskip libje? Dizze Tryater-special is ferstjoerd nei alle abonnees fan de Moanne en de Freonen fan Tryater.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.