Frijwilliger yn it ljocht: Tineke Bleeker

TINEKE BLEEKER – 

Koartlyn krige ik fan Tryater in spjeldsje as blyk fan wurdearring om’t ik fan it begjin ôf oan Freon bin fan Tryater. Yn jannewaris lêstlyn krige ik de fraach oft ik as frijwilliger wat oer mysels skriuwe woe; ek in blyk fan wurdearring neffens my.

Wat ha ik mei Tryater en mei toaniel? As lid fan de ‘Lytse Fammeferiening’ fan Parregea-Hieslum en letter as klublid fan dizze feriening kaam ik yn kontakt mei toaniel. Alle jierren waard in toanielstik opfierd. Ik hie ek in rol yn in toanielstik. Nachtmerjes hie ik der fan: ik wie myn tekst kwyt … De tekst kwytreitsje: ik ha it Aly Bruinsma noch frege by de foarstelling fan Brekber: “No nee,” sei Aly, “wy binne betûfte spilers.” Dat bin ik nea wurden.

 

As ik tsjin Jan Arendz sis ‘de X-ray men’ wit hy wa’t ik bin. Om mar oan te jaan dat frijwilligers ek belutsen binne.

 

Wol bin ik al jierren entûsjast leafhawwer fan Tryater. Tryater hat myn hert. Stikken as De Kontrabas, Feint fan twa masters, Richard III, Pronkje fan Ierlân, Twa en noch folle mear heuge my noch goed. Frysk toaniel. Ik ha destiids by de Twadde Keamer pleite foar it behâld fan Tryater.

Ik wie frijwilliger by Kening Lear yn Drachten, siet op ’e bus by De 11stêdetocht , wie by De IIsfoarstin en wie frijwilliger by Brekber. Frijwilligers fiele harren ferbûn mei de spilers. By de foarstelling fan Kening Lear stie ik yn de hoareka. As ik tsjin Jan Arendz sis ‘de X-ray men’ wit hy wa’t ik bin. Om mar oan te jaan dat frijwilligers ek belutsen binne.

Yn it deistich libben wurkje ik yn it Tjongerschans sikehûs op It Hearrenfean. De minsken op It Hearrenfean libje op in ’trijesprong’: Hollânsk, Frysk en Stellingwerfs. Fakentiids doare sy gjin kar te meitsjen. Wat ik wichtich fyn is dat minsken foar har miening útkomme wolle, in kar meitsje wolle, respekt hawwe foar oare talen en kultueren en dêr linich mei omgean wolle. Ik bin grutsk op ús Fryske taal en kultuer en wol dat útdrage. By Tryater kin dat. Myn slogan is dan ek: “Bliuw dysels en in oar sil dy kenne”.

 

Wolsto lykas Tineke ek frijwilliger wurde by Tryater? Stjoer in e-mail nei h.kronemijer@tryater.nl of belje nei 058-2882335.

Dit artikel is skreaun ta eare fan it 50 jierich jubileum fan Tryater en komt út de spesjale útjefte fan de Moanne: Tryater 50 jierde Moanne sjocht nei Tryater fan hjoed-de-dei. Hoe wurdt it selsskip skerp holden? Wat binne de driuwen en oanfiterjende dreamen dy’t binnen dit selsskip libje? Dizze Tryater-special is ferstjoerd nei alle abonnees fan de Moanne en de Freonen fan Tryater.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.