Foarum Fryske literatuer

Publisearre op 17 januari 2011

Op freed 21 jannewaris 2011 wurdt oanbean de bondel ‘En de inket sil útrinne – 50 jier poëzij’ samle fersen fan Steven H.P. de Jong mei in unyk optreden fan Rixt van der Kooij (piano) en Carina Vinke (alt-mezzo) en in foarum û.l.f.. Karen Bies oer it tema: Hoe sette wy it Frysk literêr boek yn ‘e merk?

Steven de Jong (* Ljouwert 1935) waard bekend as Frysk dichter, prozaïst en skriuwer fan boeken as De maagd fan Babylon (1980), In spylman op it binnenpaad (1999) en Swarte egen (2001). Yn 1992 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn roman De Wuttelhaven del (1989).

Yn de bondel ‘En de inket sil útrinne’ is neist earder publisearre wurk út syn seis dichtbondels, allyksa poëzij opnommen dy’t net earder ferskynde ûnder it skift Sturtswylje. De sammelbondel befettet mear as twahûndert fersen, uteraard ynklusyf de eksperimintele poëzij út De Jong syn quatrebras-tiid, it literêr tydskrift dêr’t er redakteur fan wie. De Jong seach fernijing yn dadaïsme en neorealisme. De Jong wie learaar Nederlâns te Ljouwert, wenne yn Gytsjerk en ferfear yn 2008 nei Burgum.

De samle fersen ferskine yn de rige Frysk en Frij Klassyk dêr’t ûnder oaren earder yn útkaam wurk fan Gysbert Japiks, Douwe Hermans Kiestra, Obe Postma, Douwe Tamminga, de samle fersen fan Tsjits Peanstra en Tiny Mulder (ûnder de titel Bitterswiet). By de oanbieding wurde in fyftjin fersen fan De Jong nei foaren brocht troch de alt-mezzo soloist Carina Vinke, mei pianobegelieding fan Rixt van der Kooij.

By de oanbieding wurdt in foarum hâlden oer it tema: Hoe sette wy it Frysk literêr boek yn ‘e merk?

Datum: freed 21 jannewaris 2011
Tiid: 16.30-19.00 oere
Plak: Tryatergebou, Eastersingel 70, Ljouwert
Parkeargaraazje: Hoeksterein

Programma
16.30 oere: Ynrinnerij mei iten en drinken út ‘e folop
17.00 oere: Oanbiedig bondel:
-deklamaasje
-ynlieding fan Trinus Riemersma
-fersen fan Steven de Jong op muzyk fan Rixt van der Kooij

Foarum
gespreksliedster: Karen Bies
foarumleden: Jitske Kingma, skriuwster, dir. Printing On Demand-útjouwerij Elikser Ljouwert, Sigrid Kingma, studint Nederlâns, foarsitter studinteferiening Skanomodu Grins, André Looijenga, klassikus, redakteur wiidweidich Frysk weblog, Ype Meijer, dir. Boekhannel Brouwer Drachten, bestjoerslid It Fryske Boek, Oege Reitsma, dosint marketing-kommunikaasje Noordelijke Hogeschool Leeuwarden, Elske Schotanus, skriuwster, literêr resinsint, bestjoerslid Skriuwersboun, koördinator Skriuw

Algehiele lieding: Jelle Bangma.
Tagong: fergees

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels