Foardrachtklip ‘Set de klokken stil’

MARRIT DE SCHIFFART – 

FeRstival, de jierlikse Fryske foardrachtskriich foar learlingen fan alle foarmen fan fuortset ûnderwiis, wurdt yn 2016 foar de 74e kear organisearre troch Cedin. In tradysje fan hast 75 jier poëzij op ‘e planken. FeRstival smiet winners op lykas Rients Gratema, Nynke Laverman, Theun Plantinga en Tet Rozendal.

Yn dizze foardrachtklip draacht Rients Oppewal ‘Set de klokken stil’ fan W.H. Auden foar (yn in oersetting fan Lida Dykstra). Rients wûn FeRstival 2015, as ekstra priis krige hy dizze opname fan syn foardracht.

De foarrondes fan FeRstival 2016 binne op 4 novimber yn De Lawei yn Drachten en op 13 novimber yn De Stolp yn Snits en yn Zalen Tivoli yn Ljouwert. De finale is op sneon 10 desimber yn Het Posthuis Theater op It Hearrenfean.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.