Filosofyske film ‘Dystopië’ yn premjêre

FROUKJE SIJTSMA – 

“De psyche van de mens, dat boeit me mateloos”, fertelt gymnasiast Thom Lunshof út Ljouwert, dy’t mei syn 18 jier grif ien fan de jongste filmmakkers fan Fryslân is. Fan ‘e jûn giet syn nijste film ‘Dystopië’ yn bioskoop Cinema yn Ljouwert yn premjêre. De psycho-analyze fan neurolooch Sigmund Freud ynspirearre Tom ta syn film.

“Dystopië is het tegenovergestelde van Utopië, oftewel de ideale samenleving. In deze film gaat het over hoofdpersoon Yorick die zijn draai niet kan vinden in de maatschappij en daarom vertrekt hij. Buiten de stad komt hij in contact met een sekte die zich verzet tegen de huidige samenleving.” De sekte wurdt laat troch de charistmatyske Kerion en syn dominante frou Yana. Stadichoan wurdt Yorick yn de groep opnommen.

 

“Ik wil hier mijn van werk maken. Linksom of rechtsom … ik ga verder in dit vak!”

 

Thom Lunshof sit yn it eksamenjier fan it stedelik gymnasium yn Ljouwert en skreau it skript fan ‘Dystopië’ foarich jier yn it ramt fan syn profylwurkstik. “Filosofie is één van mijn favoriete vakken. Het mensenlijk brein, het bewuste en het onbewuste, het is iets bijzonders. Het zet tot nadenken en is daarom goed te gebruiken in films.” De psycho-analyze fan wittenskipper Sigmund Freud leit oan de basis fan it filmskript.

“Freud benoemde drie componenten die het menselijk brein beschrijven: ‘Es’, ‘Ich’en ‘Uber-ich’. Die drie componenten staan met elkaar in verbinding en zijn met elkaar in conflict. Het ‘Es’ is het primitieve deel van het brein, het zijn de driften van de mens. Het ‘Ich’ is het aangeleerde gedrag door sociale conventies. En het ‘Uber-Ich’ staat voor het geweten van de mens.’ Yn de film ‘Dystopië’ fertolke de haadpersoanen Yorick, Kerion en Yana de trije komponinten dy’t Freud beskreau.

Syn profylwurkstik waard mei in 9 beleane. Dochs woe Thom it net by it skript allinnich litte, want it leafst woe er de film ek echt meitsje. “Met een groepje zijn we via crowdfundingswebsite Cinecrowd op zoek gegaan naar financiering. Dat is allemaal gelukt. Daarna hebben we oud-leerlingen van theaterschool Meeuw benaderd of ze ook auditie wilden doen voor de film.” It grutste part fan de film waard ôfrûne simmer opnommen yn en om it statige Fogelsangh State yn Feankleaster. “Met een groep van 30 man hebben we de hele productie op ons genomen. Daar komt heel wat bij kijken, want naast acteurs heb je ook mensen voor de kostuums, de make-up, de techniek of bijvoorbeeld logistieke zaken nodig. Het was voor iedereen erg leerzaam.”

It is net Thom syn earste produksje. Earder makke hy al de film ‘Zonder Emotie, dy’t yn filmhús Slieker te sjen wie. Dy film giet oer in persoan dy’t de it ûnderskied tusken feit en fiksje net makket. Thom hopet dat it net by dizze films bliuwt. “Ik wil van dit vak mijn werk maken. Deze film gebruik ik daarom voor mijn toelating aan de Filmacademie in Amsterdam. Er zijn maar weinig plekken beschikbaar, dus het wordt wel erg spannend. Maar als ik niet word toegelaten laat ik mijn droom absoluut niet varen. Linksom of rechtsom … ik ga verder in dit vak!“

 

De film ‘Dystopië’ giet no tiisdei 3 febrewaris 2015 yn premjêre. Foar it grutte publyk is de film op 10 febrewaris 2015 te sjen yn bioskoop Cinema yn Ljouwert.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.