Ferhalewedstriid ‘Ut ’e bocht’

Publisearre op 17 december 2022

Boeken fan Fryslân skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan de
BoekWinterBoek-ferhalejûn dy’t op freed 10 febrewaris om 20.00 oere yn kafee De Bogt fen
Guné yn Frjentsjer holden wurdt. Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal fan op syn
meast 1.000 wurden te skriuwen op it tema ‘Ut ’e bocht’. Ferhalen meie yn it Frysk of yn ien
fan de Fryske streektalen oanlevere wurde.

De winner wurdt op de BoekWinterBoek-ferhalejûn yn Frjentsjer bekend makke en mei
syn/har ferhaal foardrage foar it publyk. Dat betsjut fuortendaliks in live-optreden tusken de
skriuwers fan dizze jûn: Anne Feddema, Koos Tiemersma, Sietse de Vries, Willem
Schoorstra en Hylke Speerstra. Dêrneist kriget de winner in boekepakket en wurdt it ferhaal
publisearre.

Ynstjoeringen moatte op syn lêst freed 27 jannewaris binnen wêze op it e-mailadres
ferhalewedstriid@boekenfanfryslan.frl en foarsjoen wêze fan namme en kontaktgegevens.

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels