Fellini en de betsjoening fan teater

EELCO VENEMA – 

De gedachte kaam ynienen by my op: ’Ik wol hjoed nei it teater!’ No is dat op sich gjin frjemde gedachte; ik hâld fan teater, ik ha der sels myn wurk fan makke en skriuw der hjir ek noch lytse ferhaaltsjes oer. De kar foel úteinlik op het Spegeltheater yn Zwolle. In ein fuort, dat wol, mar it wie ien fan de iennichste mooglikheden foar my, neffens myn aginda, om Fellini noch te sjen fan it NNT.

‘Alles kloppet oan dizze foarstelling’, ‘NNT pakt út!’, ‘Vermaak dat raakt’ en de wereld oan stjerren as wurdearring yn de parse. Omdat ik my de bestjoening fan Fellini middels teater net ûnthâlde woe, belle ik dy middeis nei de skouboarch yn Zwolle.

‘Jo wolle reserveare? Dat is net nedich, menear, keapje jo mar gewoan in kaartsje by de kassa, kinne jo noch in moai plakje útsykje’.

En dêr siet ik dy jûn, mid-mid yn de grutte seal tusken de (wat ik fermoed) de kultuerminnende elite fan Swol, dat der fan Maastricht oant Ljouwert skynber oeral itselde útsjocht. (Gjin oardiel, allinne in observaasje.) Foegje dêrby in klas jonge teaterstudenten (om de leeftyd wat te drukken) en je komme op sa’n 50/60 besikers. Aardich foar it MFC fan Toppenhúzen miskien, mar in bytsje sneu foar in grutte seal fan in skouboarch yn in provinsjehaadstêd.

Ach, wa lêst der tsjintwurdich noch in krant, lit stean in teaterresinsje? Al krijt in foarstelling alle stjerren fan ‘e himel, der komt net in mins mear om, sa liket it. Ik sil hjir net beweare dat Fellini in briljante foarstelling is. De muoite wurdich fan it sjen? Jawis!

Bysûndere bylden en in orzjinele fertelling oer de nijsgjirrige Ytaliaansje filmmakker Fellini. Mar tsjin wa sis ik dit allegear hjir no eins? It is as in skoaldosint dy’t in tirade hâldt tsjin bern dy’t der wól binne, oer bern dy’t spijbelje. Jo binne fansels ek leafhawwer, oars wiene jim net oan dit ferhaal begûn.

De diskusje dy’t wy fiere moatte, achte leafhawwers, is hoe’t we minsken wer it teater ynkrije kinne. Dy ferantwurdlikheid leit ommers by elkenien. Net allinne by beliedsmakkers, skouboarchdirekteuren en teatermakkers, mar ek by âlders en dosinten. Elkenien dy’t in passy hat foar teater moat it as harren plicht sjen om it troch te fertellen oan elts dy’t it hearre wol (en foaral ek oan dyjingen dy’t it net hearre wolle).

Ik kin my net foarstelle dat minsken net graach ris in tapdûnsjende sjiraffe sjen wolle yn in sniestoarm. Wêr sjochst no soks? Ik yn it spegelteater fan Swol en 50 lokkige minsken mei my.

 

De foarstelling is jûn en moarn noch te sjen yn de Oosterpoort yn Grins. Klik hjir foar kaarten.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.