Fausto & Giulia

Neam alles datst witst oer Fausto Coppi. Ehm… Italiaansk, hurdfytser, jierren ’60? ’50? Klimmer, Tour de France wûn, giro, jonge fan it plattelân, gedoch mei froulju, polio… Nee, gjin polio. Malaria! Stop! Keurich, mar we misse noch it Iepenloftspul Snakkerbuorren. Fausto Coppi yn in iepenloftspul? Hoe is de bêste man dêr no yn fersyld rekke? In grutte faktor moat wol regisseur en sportleafhabber Luuk Eisema wêze dy’t dizze produksje foar syn rekken nimt.

Dochs komt it stik ek net samar út de loft fallen. Yn 1992 waard it skreaun troch Paul Feld, ien fan de oprjochters fan teatergroep ‘Growing up in public’. Neist toaniel wie sport ek in grutte passy foar Feld, dy’t ûnder oaren foar Sport international en Volkskrant as sportjournalist wurke hat en 20 ier de ferslachjouwing fan de Giro d’Italia die. Ut dizze miks fan teater en sport kaam úteinlik Fausto & Giulia op it repetoire fan ‘Growing up in public’.

Yntriizjes, opgong en it fallen fan in held, religy, oanbidding fan it folk, macht en in bline masseur. Klassyke yngrediënten foar in moai stikje drama. Ut Italië fia Feld en Eisema op nei de Doarpstún yn Snakkerbuorren.

 

It stik spilet fan 5 o/m 7 en 12 o/m 15 septimber yn de Doarpstún fan Snakkerbuorren. Mear ynformaasje: www.iepenloftspulsnakkerbuorren.nl.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.