“Is dit ek opera?”

Publisearre op 12 februari 2013

SITO WIJNGAARDEN – 

Opera liket wer wat oan populatiteit te winnen, sjoch bygelyks aktuele opera’s op tillevyzje yn De Wereld Draait Door. Fast Opera Productions (FOP) skriuwt koarte aktuele opera’s fan maksimaal in pear minuten. Tidens harren stúdzje, yn 2009, oan it Keninklik Konservatoarium yn Den Haach, ûntstie it idee en yn datselde jier stie de earste mini-opera fan FOP op papier. Sûnt juny ferline jier set FOP ek mini-opera’s online. Foar neat, foar de hiele wrâld.

Johannes Terpstra (De Jouwer), ynisjatyfnimmer/slachwurker FOP en dosint oant it Keninklik Konservatoarium yn Den Haach, hopet dat wannear’t it wurd ‘opera’ falt, der net fuortendaalk oan de romantyske lange opera’s tocht wurdt. “Wy wolle in momint kreëarje. In nije operabelibbing foar in nij publyk.”


Opera liket dochs mar in lytse groep ‘fijnproevers’ oan te sprekken, hoe sjochsto dat? Kieze jim dêrom ek foar in ultrakoarte fariant?
“FOP rjochtet him net op standert operapublyk. Wy wolle gjin opera’s meitsje dy’t mear as twa oeren duortje. Opera kin sels, lykas yn ús online Fastopera’s, yn trije minuten. Opera is it fersterkjen fan in ferhaal, it libretto, troch de muzyk en it byld. Benammen de gearhing fan dizze trije ûnderdielen binne yn in opera belangryk. Soks kin trije oeren duorje, mar dat hoecht fansels net.”

“Wy binne begûn mei opera’s dy’t op festivals en op oare lokaasje te sjen wienen. Opera’s fan sa’n 15 − 20 minuten. “Is dit ek opera?” Hearst dan faak. Ik tink dat wy in opera-belibbing meijaan kinne oan in relatyf nij publyk dat yn earste ynstânsje net trochhat dat wat wy dogge ek opera is. In koarte belibbing kin faak mear impact hawwe as in kompleet jûnsfoljend programma.”

 

“De besunigings hawwe in grutte ynfloed op it meitsjen fan nije produksjes yn de keunstsektor. Dat leveret ek in soad protest op, mar wy hienen gjin sin om dêryn mei te gean. Wy binne byelkoar sitten gien en besletten om gewoan moaie produksjes te meitsjen.”

 

“Wy wolle mei FOP in momint kreëarje. Lykas mei ús online Fastopera’s. Wy brûke it ynternet om minsken te berikken dy’t eins wat oars sochten, mar troch harren sykaksje by in Fastopera útkomme. Om’t wy alle moannen in nije opera meitsje, merke wy dat wy ek in fêste ploech besikers krije. It publyk groeit.”

“Wy krije in soad positive reaksjes. Fan kollega’s, mar ek fan sjoggers en harkers fan de Fastopra. Neist dy reaksjes merke wy it ek oan de donaasjes op Voor de Kunst dat it publyk it wurdearret.”


Wy sjogge in koart filmke fan in opera op Youtube stean, mar hoe komt sa’n hele produksje ta stân?
“De besunigings hawwe in grutte ynfloed op it meitsjen fan nije produksjes yn de keunstsektor. Dat leveret ek in soad protest op, mar wy hienen gjin sin om dêryn mei te gean. Wy binne byelkoar sitten gien en besletten om gewoan moaie produksjes te meitsjen. Binnen ús netwurk hawwe wy komponisten, regisseurs, skriuwers en musisy fûn dy’t sûnder fergoeding meidwaan wolle. Dêrby hawwe al in heel soad grutte nammen meiwurke oan ús mini-opera’s of tasein dat se yn ‘e takomst meiwurkje sille. Dêrneist wurkje wy gear mei UniCornStudios foar it audiopart en makket Nander Cirkel de byldopname en docht hy de montaazje, ek allegear sûnder fergoeding.”

“Watst faaks net trochhast wannear’t in online Fastopera te sjen is, is dat de opname op ien dei plakfynt. Moarns nimme wy it lûd op – faak is de inket fan de partituer noch net iens droech – en middeis dogge wy de fideo-opnames. Op de lêste moandei fan de moanne is it opnamedei en dy freeds al is de útstjoering op Brava en stiet de opera al online. Dêrnei geane wy wer los mei de brainstorm foar in nij ûnderwerp, tegearre mei de komponist, librettist en de regisseur.”

 

“It moaiste soe wêze wannear’t wy in selfsupporting product op poaten hawwe. Al tink ik dat de maatskippij noch net klear is om foar keunst te beteljen.”

 

Fast Opera Productions draait noch mar in healjier. En dochs witte jim yn sa’n koarte tiid in nije doelgroep oan jim te binen en opera op in ferrassende wize tagonkliker te meitsjen. Dan is it klear dochs?
“It moaiste soe wêze wannear’t wy in selfsupporting product op poaten hawwe. Al tink ik dat de maatskippij noch net klear is om foar keunst te beteljen. Keunst is troch subsidy altyd tagonklik west foar in heel soad minsken. No moatte wy om in bydrage freegje. Dizze bydrage waard earder fansels jûn fia belestingsinten, allinnich wurdt dit hieltyd minder oan keunst en kultuer útjûn. Bedriuwen dy’t koartlyn minsken dien jaan moasten, sponserje ek minder maklik. Dêrom besykje wy it mei donaasjes. Op VoordeKunst.nl kin elkenien in donaasje jaan foar ús online Fast Opera’s. En dat liket te wurkjen.”

“Keunst en kultuer binne belangryk, it jout ûntspanning, hat in sosjaal aspekt en ferrommet de geast. Soks is foar ûndernimmend Nederlân in soarte fan ekstra. As it ús slagget om de maatskippij en de ûndernimmers dêr fan te oertsjûgjen, is it foar ús echt slagge.”

“Om’t wy no alle moannen in Fastopera meitsje, ûntstiet der in geweldige flow yn de groep. En op dit stuit binne wy dwaande om neist de online Fastopera’s ek nije produksjes te ûntwikkeljen. Dan kinst tinke oan festivals, it teater, ensafh. En wa wit sels yn de kroech. Optrede foar live publyk is dochs wol it meast tankbere watst as muzikant dwaan meist.”

 

Mear witte oer FOP of benijd nei de online opera’s? Sjoch op: www.fastopera.nl. Entûsjast rekke troch it ferhaal fan Johannes Terpstra? Stypje Fast Opera Productions en doch fia VoordeKunst.nl in donaasje.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels