Farwolkom. Arjan Hut – Nachtswimmers

HARMEN WIND –

Dichters besykje ûnder wurden te bringen wat net te sizzen is. It heechste, it djipste, it fierste, wat faak leit yn de deagewoane deistige dingen. Alle taalbrûkers witte dat it folle makliker is om it ienfâldige slim te ferwurdzjen as it slimme ienfâldich. En faak is it ûnderskied net sa maklik oan te jaan.

It útwêzen op effekt (in foarm fan kamûflaazje) is in falkûle, al komme guon dêr (lykas politisy) soms noch in hiel ein mei. It is mei sizzen net te dwaan, benammen net foar in dichter. Dêr hearre kwestjes as ynfielen, belibjen en oertsjûgjen by.

Nachtswimmers, it debút fan Arjan Hut, is in tematyske bondel, brocht as in teaterstik yn twa bedriuwen, ûnderbrutsen mei ‘pauzenûmers’ yn ‘Wolkom yn de Foyer’.

It die my tinken oan Music Hall fan Paul van Ostaijen. In surrealistyske opfiering, in dreamwrâld. Sels typografysk komt Van Ostaijen werom: Yn ‘Wolkom yn it fabryk’ (60) komme werhellings foar yn hieltyd in letterpunt minder of mear, om oanboazjen of weistjerren te suggerearjen. En om de haal fan it mes oan te jaan, stiet yn it fers ‘Helm’ (49) fjouwer kear efter it wurd ‘snij’ in skeane streek : /.

De wrâld yn dizze bondel is gjin klearebare fantasy, hy ferbyldet it ferline. De titel is ûntliend oan in jeugdûnderfinen: midden yn ’e nacht derút pike om tegearre neaken yn ‘e mar te swimmen. Kom mei Marije, mei my nei de mar, it is al let (16). Dy leafde gong ferlern. Marije is har eigen wei gong. Faak wurdt ek suggerearre dat se dea is. Se hearde by in sirkus / wie mar ien simmer yn libben (13)

It is bloedich de takomst yn te gean / as dyn langst yn it ferline leit, hjit it yn it lêste gedicht ‘Winters fersteklingen’. Romantyk dus? Swarte romantyk om my? Dat is dêr op ’t lêst it skaaimerk fan: ûnfrede mei it hjir en no en dus flechtsje yn it ferline en de fantasy.

Mar it wol mear wêze (of minder, dat is yn dit stik itselde): wat ûntbrekt is de wenstige idealisearring fan dream en ferbylding. De wrâld dy’t skepen wurdt, sit fol tûkelteammen en gefaren. De dea slacht dêr foar master op. It is it eigen ynderlik, de eigen geast, dêr’t it him yn ôfspilet. De klam leit net op hoe moai it allegear wie, mar op it ferbrekken, it fergean, it ferlies.

It iennichste wat de dichter noch kin, is in stik opfiere, in yllúzje foarmjaan. Dat it bedroch is, wit er sels mar al te goed. Sterker noch: hy wol, yn Brechtiaanske tradysje, dat bedroch sjen litte, om sadwaande it werklike ferlies skrinender foar it ljocht te bringen. In dichter kin in soad suggerearje, mar de taal is beheind.

 

Op bêd bin ik in merkeman.

In handler, keapman fan kleden,

eksoatyske motiven, flochten mei flyt

en dêrtroch ferweven: teksten

dêr’t gjin tou oan fêst te knoopjen falt. (‘Helm’, 49)

 

In tekst falt net konkreet fêst te hâlden, is net yn te kapseljen yn ús hâlden en dragen. Dat is in moai en wier byld. Mar te faak kloppet yn dizze bondel ek dy gewoane betsjutting fan de útdrukking: teksten dy’t ta wurdebrij ûntaardzje.

 

(…)

Dei, ik sto hjirwei, flechtsjend

foar ûntlicheme stimmen, wuoljend

ûnder de driging fan dizze leaden

kathedraal, smeekjend, bliedend

kom ringen dei.

Duvelsbrette satellyt.

Simmerecho’s fan bedwelme lust

draaie blyn oer de krite.

‘Moannefertsjustering,’ lústeret ien. (‘Luna’, 57)

 

De dichter besiket dan hiel wat op te roppen, faak yn in mearkeseftige benearjende sfear. Mar it is ‘overacting’ en wurdt foar de lêzer (foar dizze alteast) kryptyske retoryk. Kosmyske eachweiden ferskronfelje yn sochte formulearrings en ûnskerpe bylden. ‘In der Beschränkung zeigt sich der Meister’. Ek as er it ûneinige beskriuwe wol.

It is net tafallich dat boppesteand sitaat (maklik út te wreidzjen mei mear) út it lêste part komt, ‘Nachtswimmers II’. Dat lijt neffens my it measte oan retoaryske opklopperij. En om my hiene guon ferdivedearjende pauzenûmers yn ‘Wolkom yn de foyer’ (bolle baalt as in stier, ‘Ko’, 32) ek wol weilitten wurde kind.

Twa stylmiddels dy’t Hut te faak út ’e kast hellet binne repetitio (werhelling), en alliteraasje (begjinletterrym). Werhelling kin beklamjend en benearjend wurkje. Dat bart ek gauris. Mar wurdt it te faak dien, dan ferliest it syn krêft.

Funksjoneel is de werhelling om de tematyske gearhing (sis mar ‘it stik’) te beklamjen. Sa komme û.o. de ‘nachtswimmers’ en de ‘sliepertrein’ as Leitmotiven út en troch wer foar it ljocht en wurdt de lêzer / taskôger ynspûn yn it ferhaal. De gedichten binn’ sênes. Net altyd wurket dat meganisme: dêrfoar binn’ de ferwizings faak net konsistint genôch. Dan wurdt it sykjen. (Wêr ha ‘k dat ek alwer earder lêzen?).

Foar alliteraasje jildt noch slimmer dat de dichter derop útglydzje kin: (…) en de earste krookjes binne al dea / ferferzen, ferreind, ferrifele / fierste fluch… (‘Oh jas’, 34) Yn sawat de helte fan de gedichten komt forsearre alliteraasje foar. Boarterij is neat op tsjin, mar wol op betòchte boartlikens. Genôch oer foarmkwestjes. Wat falt der te sizzen fan de ynhâld? It tema?

De lêste rigel fan it titelfers (sjoch it ôfprinte gedicht) is in wichtigenien: ‘Op dat stuit waard ús farwol besletten.’ Ik freegje my ôf wat dat betsjut:

It farwol is definityf (befêstige): se binn’ elkoar foar altyd kwyt.

It farwol is be-einige (ôfrûn): se sitte foar altyd oan elkoar fêst.

It giet om de paradoks: beide betsjuttingen binn’ wier.

Yn it farwol sit it wolkom. It momint fan ôfskie bringt in libbenslang gemis. Wylst ik dit skriuw is bûtendoar de glêzewasker oan it skreppen. Troch it raam kringt, tagelyk út ’e transistorradio op ’e grûn en fan ’e ljedder út ’e hichte, in moai stikje patos ta my troch: Het is wel over, maar nog niet voorbij. Marco Borsato. Nuver, is it net krekt oarsom? Arjan Hut sjongt yn dizze bondel: Wat foarby is, is net oer. En sa is it. Foarby is: skiednis. Oer is: wei.

De ferlerne leafde, de ferstrutsen tiid, de dea dy’t it libben regeart – it is fan alle tiden. Mar ik fyn dat Arjan Hut wol deeglik in nijsgjirrige ynfalshoeke fûn hat.

Foar in grut part fan syn wurdkar jildt dat ek: hy brûkt, neist it dichtersjargon, byldzjende geeffryske fynsten lykas ‘wyldkaterje’, ‘dûkelsân’, ‘sinkelsûslân’ en ‘moarswei’. Gjin sljochtwei hinne wurden (foar my), mar autentyk en sfearskeppend. Hy hat dus sels genôch yn ’e hûs.

By it lêste part, it twadde bedriuw (dêr’t ik kwa taalgebrûk krityk op ha), moast ik faak tinke oan Gerrit Achterberg. Ik sis dat net om Hut plagiaat of epigony oan te wriuwen, mar bedoel it yn positive sin: alles yn syn hiele hâlden en dragen stiet yn it ljocht fan de ferlerne leafde en dat ropt altyd mar weroan syn ferbylding wekker. Hy hat troch dizze opset (it teaterstik) der ek in funksjonele foarm foar fûn.

It is dy oerâlde romantyske paradoks fan ferlies en behâld, dy’t de krêft fan it dichterskip fan Arjan Hut útmakket. Dy moat er noch soberder en persoanliker ynfolje. En al is it mei sizzen net te dwaan, yn de sizzenskrêft dêrefter sit genôch besieling. Dêr leveret dit debút de bewizen fan.

 

Arjan Hut, Nachtswimmers. Bornmeer, Ljouwert 2004. 72 siden.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 3 (2004),  5 (juny), s. 36-37.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.