Erotic Heechterp-Schieringen oan de Volga

Publisearre op 29 juni 2020

ARJAN HUT – 

Ulyanovsk is in grutte stêd yn Ruslân. It leit oan de Volga en is (krekt as Ljouwert) UNESCO City of Literature. De stêd organisearret in grutte online ekspo ‘A City as a Writer’s Workplace’. Nicole van den Berg (1988) út Ljouwert stjoerde in foto yn dy’t se makke fan in boartersplak yn de wyk Heechterp-Schieringen. Dêr kuieret se wolris mei har stabij Yuko. De foto helle de útstalling.

Se dielde it nijs op Facebook en melde dêrby ‘Ik vind mezelf trouwens nog steeds geen echte schrijver.’ Dêr stiet se noch altyd achter. “Ik schrijf wel eens wat, en ik fotografeer wel eens wat, maar ik ben nog zoekende. Je bent pas een schrijver wanneer je iets af hebt gemaakt. Of dat er een duidelijke rode draad in al je losse stukjes zit.” Se beskiuwt har wurk as gedichten, ferhalen of gewoan ‘statusupdates’. “Ik zou wel een boek willen schrijven. Nu ben ik kilometers aan het maken.” Letterlik, want it kuierjen mei Yuko smyt in soad teksten op. “Met een hond ben je makkelijk benaderbaar. Zonder Yuko had ik zeker minder inspiratie!”

 

Stond ik ineens in Amsterdam bij mensen van Nijgh & Van Ditmar. Ze vroegen me of ik al met een boek bezig was.

 

Sân jier lyn stie se alris op it punt om ‘een echte schrijver’ te wurden. “Met mijn korte verhaal was ik een van de winnaars van de Lowlands-schrijfwedstrijd. Stond ik ineens in Amsterdam bij mensen van Nijgh & Van Ditmar. Ze vroegen me of ik al met een boek bezig was. Toen kreeg ik het gevoel dat dat moest, en ik schoot meteen in de kramp.”

Troch har gedichten/ferhalen/statusupdates rint wol deeglik in reade tried. De treurichheid fan in wrâld dêr’t alles op papier goed regele is. It ûngemak fan komfort. Se skriuwt sûnder pretinsje, droechkomysk, kompakt. Wat se mei wurden kin, kin se likegoed mei foto’s.

Har ekspo-foto is op it earste each in gewoan boarterstastel sjen, yn in gewoane bûtenwyk fan in trochsneed stêd. Mar wa’t dêr touterje wol, wachtet in útdaging. “Die horrorfoto had ik al een tijdje. Ik zag de oproep en heb best getwijfeld. Is het niet te pretentieus om mezelf schrijver te noemen? Welke aanhef moest ik gebruiken in het mailtje? Zo is het nog lang blijven liggen.”

Oorspronkelijk komt se út IJsselmuiden, in doarpke ûnder de rook fan Kampen, midden yn de Bible Belt. “Wij waren het enige gezin dat niet naar de kerk ging. Ik werd ‘de dochter van Satan’ genoemd.” Se tilt der sa te sjen net sa swier oan. Se is in observator, sjocht om har hinne it libben – sa’t it ferfrjemdet troch swiet en soer tagelyk te wêzen. “Verder was het een leuke tijd. IJsselmuiden ligt in een hele mooie omgeving.”

Op har achttjinde ferhûze Nicole nei Grins om dêr Skiednis te studearjen. Se wurke yn in bakkerij. De leafde brocht har nei Ljouwert … en liet har dêr achter. “Mijn toenmalige vriend, de vader van mijn hond, woonde in Leeuwarden en wilde er graag blijven. Het is nu uit tussen ons, maar ik denk dat ik nog wel even blijf.”

De dochter fan Satan nimt in hap fan ien fan de roze koeken dy’t op tafel lizze, en fertelt oer in apart fenomeen dat har hjir yn de besnijing hâldt. “Je hebt van die fietsnetwerkborden, hier in de buurt. Er is iemand, die zet daar dan het woord ‘erotic’ bij. ‘Erotic Potmargepaad’ wordt het dan, of ‘Erotic De Alde Feanen’. Watvoor ANWB-stellen fietsen die routes? En wat denken ze dan? Het lijkt me wel wat om al die ‘erotics’ uit de omgeving te verzamelen, en dan een erotische kaart van Leeuwarden maken.”

 

Sjoch ek: http://slenteraar.nl/

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels