It griisstienen wurd
fotografy: It griisstienen wurd

Elske Schotanus slacht in brêge nei har publyk

Boekwinkels binne ticht, presintaasjes en optredens gean net troch… Mei tank oan it Letterenfonds ha skriuwers de mooglikheid oare wegen te sykjen om yn dizze tiid fan social distancing in brêge nei har publyk te slaan. Sa lêst Elske Schotanus, tidens de lockdown fanút har húskeamer – achter de kompjûter, de kamera oan – de 21 ferhalen út har debút It griisstiennen wurd (Venus, 2004) foar oan de besikers fan demoanne.nl. It boek is net mear te krijen, de ferhalen bliuwe. ‘De ferhalen yn It griisstiennen wurd spylje op en oer de grinzen fan de deistige werklikheid. De beskreaune wrâld liket gauris sa betroud en eigen, mar dan teart de werklikheid om yn it surrealistyske of hy glydt súntsjeswei fuort yn it mysterieuze. De persoanen bedarje yn in ûnbekend gebiet dêr’t de wenstige regels gjin jildichheid ha en alle hâldfêst fuortfalt.’

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.