Elpees rêde de muzykferkeap

Hoewol’t der hjoed-de-dei mear aktive bands en artysten binne as ea, sit de ferkeap fan muzyk yn in alderheislikste dip. Yn Ljouwert ferdwûnen it ôfrûne jier al wer twa platesaken (v/d Akker en Music Store), wylst yn in plak as Dokkum hielendal gjin winkel mei ‘fysike’ lûdsdragers mear te finen is. ‘It is dien mei de cd’, seit Tamme Zijlstra fan eveneminteburo Crazycat Events. ‘Mar net mei de  hannel.’ Hy is dwaande in promoasje-album te meitsjen mei fjouwer Ljouwerter heavy metal toppers. ‘Op elpee,’ fertelt er entûsjast, ‘want dêr bliuwt altyd wol fraach nei.’

Zijlstra kin it witte. Ferline jier organisearre Crazycat in platebeurs yn muzyksintrum Schaaf. Dy beurs, ynklusyf in optreden fan De Hûnekop yn de foyer, wie suksesfol genôch om op fierder te bouwen. ‘Op snein 27 maart sitte we wer yn Schaaf. Mei in soad finyl fansels, mar ek cd’s, rariteiten, sammeldersguod en hooplik wer moaie live muzyk.’ Miskien fjouwer Ljouwerter hollebatshelden? Hâld de stân fan saken yn de gaten op www.crazycatevents.nl.

Platebeurs, Muzyksintrum Schaaf, 27 maart, fan 11:00 oant 17:30, yntree 3 euro.

Arjan Hut

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.