Earbetoan oan Bram Vermeulen

HENK VAN DER VEER – 

“Ik wie befreone mei Bram op basis fan de keunst. Ik organisearre twa kear in solo-eksposysje foar him en ik die mei Bram noch twa kear mei oan in groepstentoanstelling. Dat wie myn freonskip mei Bram. Ien fan syn dochters hat mij ris ferteld dat Bram mar ien freon yn syn libben hân hat. Dat wie syn eardere buorman!”

Galeryhâlder Peter Bax út Snits relativearret syn freonskip mei Bram Vermeulen (1946 – 2004), de sanger, komponist, skilder, skriuwer, dekoraasje ûntwerper en TV-programmamakker. Trettjin jier foarme Vermeulen in legendarysk kabaretduo mei Freek de Jonge as Neerlands Hoop in Bange Dagen.

Doe’t Peter Bax 50 jier wurde, wie Bram Vermeulen ien fan de gasten fan de Abraham. Hy song doe sels yn it Frysk in oersetting fan in fers dat hy oait skreaun hie: Lyts ferske//lyts ferske//lyts ferske// lyts ferske foar jim//Lyts ferske//lyts ferske//omdat ik fan jim hâld

Fan 16 augustus oant en mei 27 septimber 2014 is der in bysûndere eksposysje yn Galery Bax, wêrby’t in hommaazje oan Bram Vermeulen brocht wurdt. Tsien jier nei Vermeulen syn hommels ferstjerren op 4 septimber 2004 yn it Italiaanske San Dalmazio, wol Peter Bax yn gearwurking mei de Erven Bram Vermeulen troch crowdfunding en sponsoring in boek oer Bram de Schilder útjaan.

“Yn novimber 2000 iepene Bram by ús yn de galery in eksposysje. Hy die dat op in hiele autentike Bram Vermeulen-eftige wize. In prachtich gedicht oer de keunst. Nei syn iepening sei ik tsjin Bram dat ik ûnder de yndruk wie en dat dizze taspraak bysûnder wie. Beskieden at er wie, sei Bram dat hy it fers wol wer ris brûke koe foar in publikaasje. Ik hoegde my hielendal net beswierre te fielen. Doe doarde ik ek te sizzen dat dy publikaasje dan mar in boek wurde moatst mei Bram syn skildere wurken. Ad rem as altyd witst Bram fuortendaalk de titel al: Bram de Schilder!”

Peter Bax praat mei passy oer Bram Vermeulen en syn wurk, hy hellet it orizjinele fers fan de iepeningstaspraak der by en lêst it foar. Eksklusyf foar de Moanne, mei in strofe út it liet hjir publisearre wurde:

De angst van de oorspronkelijkheid

als bedreiging van zijn zijn.

Niemand heeft er om gevraagd.

Het is de eigen zin van het bestaan,

die hem of haar daar lijdt.

En daarom onafwendbaar.

Het is de noodzaak van het zijn

waardoor het tot verbeelding raakte,

wat het tot zichtbare waarheid maakte.

Wie is deze vinder van gevaar?

 

Dat is de kunstenaar.

De nederige, angstige.

De tastende, voelende.

De vindende, verliezende.

De uitgaande, ingaande.

De lachende, huilende,

De bewerende, bezwerende.

De vol en vol ledige.

De eenzame, enige,

De altijd aanwezige,

De eeuwige kunstenaar.

 

It fers sil de basis wurde foar it skreaune part fan it boek dat dit jier noch ferskine moat, in boek yn oblong formaat fan 24 bij 30 sentimeter. “Bram de Schilder! set útein mei de striptekeningen dêr’t hy oait mei begûn. Prachtich om te sjen dat de stripfiguren fan Bram Vermeulen eksakt gelyk binne oan wat hij letter skildere. Elkenien dy’t de sketsboeken fan Bram Vermeulen yn hannen krijt of besjocht wit dat it bysûnder is. Dat fiele je simpelwei. Net dat it skildertechnysk sublym is, mar stadichoan seagen je wol dat der groei yn syn wurk siet. Oeral komst de humor tsjin, de tragyk fan it libben, is it net mei in trien dan wol mei de golle laits. It rekket!”

Schermafbeelding 2014-09-02 om 13.09.17

Mei it boek wol Peter Bax sjen litte hoe’t de skilder Bram Vermeulen dwaande wie mei syn wurk. De galeryhâlder lit sjen dat Bram Vermeulen yn de earste jierren dat hy skildere altyd yn syn wurk oanwêzich wie. It earste skilderij dat Bram Vermeulen makke, komt út 1989. Yn dat jier begûn multy-talint Vermeulen mei it skilderjen omdat hy gjinien fine koe oan wa’t hy útlizze koe hoe’t it affysje foar syn programma Dans met mij der út sjen moatst. “Sa stadichoan ûntwikkele Bram twa rjochtingen by it skilderjen. De mear spirituele rjochting, dêr’t hy hast altyd sels op foarkont. En de polonêze rjochting. De mienskip as in op it earste each fleurich dûnsjende groep minsken mei in masker op. Minsken dy’t achter mekoar net witte wêr’t se hinne sille, mar dy’t folhâlde dat it feest is. Ellinde yn fleurige ferpakking. It toanbyld fan ekspressionisme. Skilderijen oer it Boerenleven en de Honden binne mylder, hjiryn spylje bist en minske in wichtige rol,” fertelt Peter Bax as we by de skilderijen delrinne.

Bram Vermeulen sinjearde syn skilderijen noait. Op fersyk fan Peter Bax die er dat letter wol, mar noch net opfallend. It leafst mei allinne mar de inisjalen BV.

Op dit stuit binne Tamara en Katarina, de dochters fan Bram Vermeulen, drok dwaande mei it trochlêzen fan de deiboeken fan harren heit. Parten út dy deiboeken sille ek in beskieden plakje fine yn it te ferskinen boek oer De Schilder Bram Vermeulen. Foarearst is Peter Bax fan doel om 1000 eksimplaren fan it boek printsje te litten.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.