“Pak even in DeWolff foar dizze man”

ARJAN HUT – 

Tink net dat der yn de takomst in Streaming Day, of Playlist Day komt. Mar Record Store Day (in aksje ter befoardering fan platesaken) is wilens in tradysje. It binne lytse oases foar dejingen dy’t muzyk oanreitsje wolle. Lykwols, der binne allegeduerigen minder ‘fysike winkels’, ek yn de Fryske haadstêd. De susters Sophie en Jeanette fan Poort Music oan de Foarstreek giene mei pinsjoen. En yn itselde streekje makke in brân (foarearst?) in ein oan Wobbe van Sijen syn Music & Film.

 

Tamme hat ek boeken, ûnder oaren it oeuvre van Geart Tigchelaar is hjir te krijen.

 

“Wobbe ken ik net persoanlik sa goed, mar ik tink dat er wol werom komt,” seit Henk van ’t Zand, dy’t fan ’t jier úteinset is mei in nije platesaak, T-Rex Records, oan de Oostersingel. As ik mei frou en bern sneon de saak ynrin, biedet er ús Iwan daliks in lolly oan. Oer de boksen draait Headless Cross, in plaat fan Black Sabbath út 1989. Yn de smûke winkel steane wat stuollen en in bank, en de útbater (de saak is allinne op sneon iepen) makket graach in praatsje. It liket mear op in hûskeamer, kwa sfear. Der wurdt kofjeset. Behalve lp’s en cd’s, sjochst ek boeken, poppen en oare rock-parefernalia yn de bakken en oan de muorren. Heavy Metal oerhearsket. Henk hat hjoed gjin Record Store Day-guod. Wol besocht, fia distributeur Bertus, mar hy moast erges oars wêze, soe werom belle wurde. “Ik hie fansels self ek werombelje kinnen, mar it is der by ynsketten.” Botte entûsjast oer de spesjale aksje-hannel is er net. “Der wurde op sa’n dei hiel wat spesjale útjeften dropt, mar faak giet it dan om reguliere, âldere albums mei in krekt wat oare ynslach. Dat se in plaat nochris útbringe, mar dan op pears vinyl.

Wat ik wol moai fyn, is as der echt wat mei nije muzyk útkomt.”  Der binne in pear klanten yn de winkel. Yn de etalaazje hat Henk in stopljocht, as it ljocht op read stiet, moatst even wachtsje oan ien nei bûten komt. In jonge fan in jier as tweintich rint mei in stel Rainbow-elpees nei de toanbank. “Weet je het verhaal achter deze hoes,” freget er, en hâldt de lp ‘Straight between the eyes’ omheech, mei in tekening fan in gitaar dy’t in foarholle binnenknalt. “Jeff Beck vroeg aan Ritchie Blackmore wat hij van Jimi Hendrix vond. Toen zei Ritchie, ‘straight between the eyes.’” Ik keapje de soundtrack fan de film Zweedske film Fucking Amal, 4.95 euro, en omdat Henk der entûsjast oer is, ek de cd ‘Dehumanizer’, fan Black Sabbath, foar 3,95.

Earder hiene we al by KingKong Records west oan de Foarstreek. Opfallend drok dêr, al hâldt elkenien kreas oardel meter ôfstân. It liket wol in ballet. André Moerman, eigner, stiet sels achter de toanbank. Der hinget in Record Store Day poster op it finster, mar de spesjale negoasje is allegear al fuort. “Ik had veel te weinig besteld, om kwart over elf was alles weg!” Oer de boksen spilet in cd fan Gill Landry, in Amerikaan mei in djippe stim en donkere muzyk.  “Ik dacht, ik bestel niet te veel, maakte een keuze, onder meer iets van Fatal Flowers, maar te weinig, te weinig.” Ik keapje in cd fan Curtis Mayfield, syn debút út 1970, foar 7,50 euro.  “Eén van zijn beste,” wit André, “samen met Superfly!” Hy leit de soul box-set Stax 68 foar myn noas en seit dat er nocht hat om dy te beharkjen. As er in besiker even de yngong wegeret fanwege te drok, ferlitte wy it pân en meitsje plak. In bliksembesite, mar ûnder gewoane omstannichheden kinst ek by KingKong rêstich in stoel delsette en dy in dei fermeitsje, al sneupend, al keuveljend. By de doar sjogge we Sophie fan Poort Music,  in bak mei cd’s yndûkt. Of is it Jeanette? De susters lykje bot opinoar.

Dan gau nei Tamme Oosterhof syn Big Bad Wolf Records oan it Fliet. Yuki, in blaffend wyt wolkje, hâldt de wacht. ‘Durkje, pak do even in even in DeWolff foar dizze man.’ freget Tamme syn assistinte, dy’t by him achter yn de winkel sit. Sy is dwaande mei de webside, set titels op Discogs, se is krekt warber mei in doaske mini-cd’s. “3 inch cd’s,” leit de baas út, “dat ha se oait yntrodusearre, mar wie net sa’n sukses. No komt it wer werom, foaral punkbands brûke it.” De assistinte langet my de EP fan DeWolff oan, ‘Blizzard-Pruf’ hjit it. Twa live-yn-de-studio ferskes, ien koart, ien lang. “Yn augustus is der wer in Record Store Day, de ynternasjonale. Hjoed wie it allinne yn Nederlân en België. Dus allinne Nederlânske bands mei aksjeplaten. It is wat betiizjend.” Net elkenien krijt ‘Blizzard-Pruf’, inkeld klanten dy’t geregeld even delkomme. Tamme is net te sprekken oer ‘allegear folk dat hjir oars noait komt’ mar wol as der wat fergees te heljen falt. Ik besjoch de lytse elpee fan DeWolff, wylst Tamme my útleit hoe’t Henk fan T-Rex oan Record Store Day-materiaal komme moat. “Wobbe hat hjir ek del west, of hie ik dat al fertelt? Ik hie him in mailtsje stjoerd, dat koe er wol wurdearje.”

In man en in frou rinne de saak yn. “Hebben we nog een cd-speler thuis”, freget de frou en as de man ja seit, dûkt se de bakken yn. In jonge freget Tamme oft er ek bluesplaten hat, en wêr’t dy steane. “Hjir stiet alles trochmekoar,” seit er, mar wiist dan op in hoeke dêr’t de kâns op de blues it grutste is. Online stiet wol alles op oarder, mar yn de winkel (batsen hardrock en metal, it measte fiif euro) is dat net by te hâlden.

In skoftke lyn kaam Tamme, krekt as Henk en André ek ynkeaper fan jo âlde platen, oan in bats countrymuzyk. Dêr hat er him skoan mei fermakke, al skalt no in konsert fan metalleginde Queensrÿche troch de saak. Yn de winkel steane stadichoan mear platen as fysik mooglik is, mei tsjoenderij en magy wurde de gongpaden frijhâlden. Tamme hat ek boeken, ûnder oaren it oeuvre van Geart Tigchelaar is hjir te krijen. Foar 5 euro keapje ik it boek ‘Kayak-40 jaar symfonische rock’.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.