fotografy: Moon Saris

Dûnsje mei it libben yn Rialto

RYNK BOSMA –

De seal fan De Rialto is klear foar it feest dat kommendewei is, mar noch net hielendal. De slingers lizze oeral en nergens, de ballonnen binne mar heal oppompt en lytse en grutte glitterballen lizze ek oeral. Dy ballen soene foar it libben stean kinne en oan de ein sjout elk syn eigen bal, as wie it syn eigen libben mei in knypeach nei Atlas. It is de gaos fan it libben, libbenstriedden en triedsjes dy’t troch elkoar hinne rinne en betiden fertiisd reitsje. Dat is it dekôr yn dy prachtige Zalen Schaaf yn Ljouwert fan de foarstelling Trouwerijen en rjochtsaken, smoarge hoeren, ligers, minne heiten en memmen, ûnnoazele bern ensafuorthinne en it hâldt mar net op en dat kinne je ek sizze fan de titel fan de foarstelling.

 

Teksten en ferhaallijnen wurde yn in razend tempo útrolle, mar it publyk koe der yn it earste oere mar sunigjes om gnize.

 

Yolande dy’t alles en iderien by elkoar ropt yn de seal dêr’t elts syn eigen ferline hat. Joop Wittermans mei him útlibje as dokter Max dy’t it paad syn heale libben bjuster west is en ynienen stiet hy each yn each mei syn dochter. Aly Bruinsma kin har noch mear útlibje as de hoer op leeftiid dy’t in oar paad ynslaan wol. It is de totale gaos sawol yn ‘e hollen as by it hanneljen om eigen libben op it spoar te krijen of te hâlden.

De teksten binne moai betiden, in hoastjende dokter Max dy’t mompelt fan ‘Se fleane der nochris út’ en op prachtige wize útleit wat it ferskil is tusken Korsakoff en Parkinson mei de borrel yn de hân as ‘aanschouwend onderwijs’. In formidabele Eelco Venema dy’t in ‘loser’ as Sacha del set en in net al te bêste ferhâlding hat mei Yolande, ‘De fearren komme troch de beklaaiing’, sa skampert hy faker as ien kear. En dêr tuskentroch de jongerein, mei in Anna Raadsveld dy’t mei har spul dochs wol oantoant wêrom’t sy lanlik yn byld is by films en searjes. De benjamin Thierry hat yn syn rol te min tekstuele fleugelslach om fier te fleanen, wylst de rol fan Rik Witteveen dochs wat oan de fage kant bliuwt, ek om’t hy de emoasjes ferside heart te hâlden.

Teksten en ferhaallijnen wurde yn in razend tempo útrolle, mar it publyk koe der yn it earste oere mar sunigjes om gnize, letter waard dat wat better. En sa komme wy op de twasprong fan Tryater telâne dy’t de jongerein werom ha wol yn it teater. In diel fan de teaterbesikers is as de toerist dy’t Nederlân ‘doet’, se wolle graach de bylden sjen sa’t dy yn eigen holle sitte, se wolle in ferhaal sjen en hearre dat past by eigen omjouwing, mei de streekeigene humor lykas Bouke Oldenhof dat sa goed kin. En dan is it bot wennen oan dy Bourgondise, súdlike toanielfoarm.

Tryater siket it spoar fan de fernijing, fan in soad aksje op it toaniel, fuort mei de statise dialooch, akteare dogge je mei it hiele lichem. Dat betsjut dat Wittermans wat krebintich in Spaanske dûns opfiert, it kreaket oan alle kanten. It is dûnsje mei it libben dat him oppenearret yn in ‘ondraaglijke lichtheid’. Miskien sil it Fryske teaterpublyk dizze wei skruten folgje, mar ynearsten liket dat noch net it gefal, it liket noch te folle op Eelco Venema oan de ein dy’t foar in mânske atlasbol stiet. Earst krijt hy der gjin beweging yn, ien kear op de nekke stuitert hy ûnwis oer de dûnsflier.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.