Dûbeleksposysje Brecht Kuiper en Elmar Kuiper by Holder Interiors
Publisearre op 7 september 2022
Op snein 18 septimber fynt yn Gytsjerk by Holder Interiors de feestlike iepening plak fan in bysûndere eksposysje mei skilderijen, tekeningen en romtlik wurk. Brecht is treddejiers studint oan Academie Minerva. Har heit Elmar studearre dêr tusken 1994 en 1998.
Brecht Kuiper
Brecht tekenet en skilderet fan jongs ôf oan. Se is dreaun troch nijsgjirrigens en siket hieltyd bylden dy’t se noch net earder sjoen hat. Se tinkt en wurket út it materiaal wei en ûnder it wurkjen stelt se harsels fragen: Wat bart der? Hoe reagearret de ferve? Wat kin ik dermei dwaan? Hoe kin ik it feroarje? Dit liedt ta sawol twa as trijediminsjonaal wurk. Har wurk hat in ekspressyf en kleurryk karakter. Ritmyske werhellings falle op. Se leit de beweging fêst. ‘Keunst en it meitsjen derfan is in wize fan libjen. It giet om it harkjen en it folgjen fan dyn yntuysje en it ôfstimmen op dyn kompas. Ik wol ûntdekke en erfare wat it meitsjen my bringt. Der is foar my mar ien ding wat der ta docht en dat is dat ik altyd plezier hâld yn itjinge ik doch.’
Elmar Kuiper
Kuiper groeide op yn it Marsumer Aldlân. As feint makke er lange fjildtochten. De oantinkens oan it (oer)lânskip litte har spoaren nei: sa fertaalt er de grillen fan de âlde Middelsee yn meänderjende, kronkeljende linen, yn skrassen, klobben en ‘spoaren’ ferve. Ek azemet de moderne tiid yn syn wurk troch: roasters, strange linen en kaders symbolisearje it kâlde, rasjonele yn de mins, dy’t dolt en plantet, yngrypt, de hûd fan it lân skeind. It mentale lânskip is ferkavele, fersnippere. Kuiper skilderet en tekenet mei bravoer. Plastisiteit en folume drukt er út yn in searje wandskulptueren, dêr’t er in pear fan sjen lit. Syn wurk hat in rau, poëtysk idioom.
Eksposysje
Wat: Dûbeleksposysje Brecht Kuiper en Elmar Kuiper
Wannear: Snein 18 septimber o/m snein 30 oktober
Wa: Brecht Kuiper, artdiaryb (instagram)
Elmar Kuiper, elmarkuiperartist (instagram)
Wêr: Holder Interiors, Rinia van Nautaweg 3 yn Gytsjerk, www.holderinteriors.nl
Tiden: snein 18 septimber (iepening tusken 13.00 en 16.00 oere) o/m snein 30 oktober, alle sneons en sneins 13.00 – 17.00 oere.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Byldzjende keunst,Essay
YME KUIPER - ‘Een portret kan groot zijn, grooter dan de oneindige lucht, grooter dan de heerlijkste buitendag, het portret toch kan het leven, de [...]
Kategory: Byldzjende keunst,kultuerbelied,Ynterview
GRYT VAN DUINEN - Yn 1997 makke Oeds Westerhof (37) as direkteur fan Keunstwurk syn entree yn de Fryske kultuer. Foar fiif jier woe er [...]
Kategory: Arsjitektuer,Byldzjende keunst,Essay
HUUB MOUS - It Frysk Museum hat fan de ferline jier ferstoarne arsjitekt Abe Bonnema achttjin miljoen euro krigen foar nijbou ‘op of aan het [...]