Dirk Scheele yn Jirnsum

EELCO VENEMA – 

Wy begjinne dizze digitale reeks yn Jirnsum. Gjin Posthuis, gjin Harmonie, nee, we geane nei De 2 Gemeenten yn Jirnsum. En nim jo bern of bernsbern mei, want Dirk Scheele, muzikant, sjonger en acteur spilet en sjongt foar de alderlytskes.

Hy begûn oait mei it meitsjen fan ferskes foar ferstanlik hendikepten dêr’t hy mei wurke. No wurket hy mei grutte nammen as Dikkie Dik en hat er syn eigen show op Nickelodeon. Syn musyk giet oer wat lytse bern dwaande hâld: boartsjen dus! Hy docht dat mei in grut ferskaat fan ‘muzykgenres’

Yn Jirnsum is Dirk te sjen yn syn yntime solofoarstelling: ’Ik woon in een huis’. Sjoen it feit dat Jirnsum ûngefear yn it midden fan Fryslân leit, is it foar elts mei lytse bern in leuke tip en in kâns om ek ris bûten de skouburchen in leuke berneteaterfoarstelling te sjen.

 

Dirk Scheele yn Jirnsum, De 2 gemeenten – sneon 23 febrewaris

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.