Dijk vol dromen

EELCO VENEMA – 

It ôfrune ier stie foar my yn it teken fan reizigjen. Sawol foar business as pleasure reizige ik nei útienrinnende plakken. Fan de Grykse strannen nei it kâlde Moskou. Fan in hektysk en benaud Bangkok nei it rûge en prachtige lânskip fan Laos en dêrnei –  miskien wol de grutste oergong – de winterske bergen fan Tirol en oant beslút ‘bella Roma’ as simmerk neigesetsje.

Foardat jim begjinne te roppen fan: ‘Lucky bastard!’ en ‘Hiest tiid en jild oer as sa?’, kin ik jim yn alle gefallen fertelle dat ik wol wat yn te heljen hie. As bern kaam ik überhaupt amper bûten de provinsjegrins.

‘Misto it hege lân ek?’ Ik brekte en gûlde fan: ‘Jaaa, ik mis dat ek!’

Ien kear gongen we nei Ingelân. It blykte net it paradys te wêzen. De camping wie lilk en ûngesellich, it strân wie smoarch en it iten wie net te fretten. Ik wit noch hiel goed it momint dat ús heit, de grutste heimweekampioen, tsjin my sei: ‘Misto it hege lân ek?’ Ik brekte en gûlde fan: ‘Jaaaaaaaa, ik mis dat ek!’

It hege lân –  iens yn de safolle tiid komt it plak my wer yn’t sin. Soe ik it besykje út te lizzen oan jim, de magy soe werskynlik oan jim ferlern gean. Ik soe jim meinimme moatte om it sjen te litten. En jim fertelle dat hoe moai en bysûnder al dy plakken west ha dêr’t ik lâns reizige, it hege lân foar altyd dat iene spesiale plakje yn myn wêzen follet. ‘No place like home’. Yndie. Nergens is it as thús.

Itselde gefoel hawwe de makkers fan de iepenloftfoarstelling ‘Dijk Vol Dromen’ heechstwerskynlik ek. Dit bysûnder keunstkollektyf (keunsters fan ferskate disiplines) makket in foarstelling op lokaasje yn ‘De Lytse Bouhoeke’, sa’t de trijehoeke Boalsert, Harns, Achlum ek wol bekind stiet. Skriuwer en regisseur Stefan Belderbos wurket fanút de ferhalen út de regio dy sa fier gean as de midsiuwen.

‘Dijk vol dromen’, giet oer dyken, kleasters, stoarmen en oer dy ferhipte wynmûnen, dêr’t op dit stuit safolle om te dwaan is yn alle dielen fan Fryslân dêr’t de wyn frij spul hat. Toch is de dream foaral in oade oan it lânskip dêr’t de feskate keunstners hikke en tein binne. Datselde lânskip is no letterlik it dekor fan de foarstelling; it lânskip fan de Pingjumer Gouden Halsband om presys te wêzen. In bysûndere namme. Dêr kin myn Hege Lân net oan tippe.

Oan it projekt wie ek in priisfraach keppele. De opdracht wie om it moaiste plak fan de Lytse Bouhoeke te beskriuwen. Trije priiswinners hiene sadwaande yn juny al de earste kaarten te pakken. Ien fan de lokkige winners wie Wiep, dy’t gauris op ‘seedyk by Surch op in bankje te finen is om yntins te genietsjen fan it spul tusken wyn en wetter. Benammen as it stoarmet, wurdt it foar har suver magy. Ik winskje Wiep, de makkers fan Dijk vol Dromen en alle taskôgers in magyske jûn ta. En de groetnis fan it Hege Lân.

 

Mear witte oer ‘Dijk vol dromen’ of kaarten bestelle? Sjoch op www.kunstachterdijken.nl.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.