Dijk vol dromen, it ûntheisterjende ferhaal fan Penjum

ELSKE SCHOTANUS – 

Stefan Belderbos (Dirk Stoelwinder), sosjaal geograaf en ûndersiker yn de geasteswittenskippen, wennet yn Penjum en ûndersike de skiednis fan de omkriten dêr’t er, op it poadium fan it doarpshûs in lêzing mei ljochtbylden oer hâldt. Hy befrege bewenners oer plakken dy’t sy moai fine. It bysûndere, sa konkludearret er, sit him yn trije dingen: de skiednis derfan, oantinkens oan de jeuchdjierren, kultuerlânskippelike eleminten. Der is de sândyk boppe it doarp dêr’t tsjerkepaden elkoar kruse, der is Okke’s hel. Okke dy’t sa allemachtich flokke koe, dat er de duvel oanluts en sa syn ûndergong temjitte gie. Géke (Terpstra-Lemstra) wurdt út it publyk helle en fertelt hoe’t sy as famke troch wyn en waar nei skoalle fytste, troch it lânskip mei de, as de dize oer it lân leit, sweevjende kij.

Wûnderlike klanken útstjittend, binne sy de oanboazjende stoarm en tagelyk de befolking dy’t flechtet foar it opkommende wetter.

Der hat in perioade west dat de greide alle desennia ûnder wetter strûpte. Belderbos ferhellet oer it kleaster Vinea Domini en de oanlis fan de Penjumer Halsbân, de ring fan seediken dy’t de omkriten beskerme moast tsjin it opkommende wetter. Yn it ieuwenâlde lânskip om it doarp hinne binne noch altyd de spoaren fan it ferline waar te nimmen en op it skerm is te sjen hoe’t achter de âlde seedyk net de greide mar ea de kwelder lei. Lûden klinke op, eangstige minsken, bisten dy’t fersûpe, op it doek ferskine bylden fan tsjerketuorren dy’t boppe it oanboazjende wetter útstekke, baltende kij yn deadsneed, it neakene bern dat de mem stevich beet hâldt.

Op boeiende wize ferhellet Ineke (Kalderen) de skiednis fan de Hillige Lucia dy’t harsels de eagen útluts en dy oan har bewûnderer stjoerde en foar straf de prostitúsje yn moast. De nonnen fan Vinea Domini bouden in kapel, wijd oan de hillige dy’t harren, om har stânfêstens, beskermje soe tsjin de driging fan de see. De abt fan Lidlum makket der op in stuit in mannekleaster fan, wijd oan de Hillige Victorius, dy’t de foarútgong bringe moast. Mei dat beslút rôp er it ûnk oer it lân ôf: de Sint-Luciafloed fan 1287 wie ien fan de grutste wettersneedrampen ea.

Dizze skiednis, mingd mei legindes, miten en sagen krijt it publyk mei foar’t sy yn de kapwein, op de fyts of yn de auto stappe om nei de eardere seedyk dêr’t sy, yn prosesje achter de wyt klaaide nonnen dy’t, mantra’s sjongend, it hilligenbyld (fan byldzjend keunstner Michel Dil fan Penjum) lâns de muzikele wynmûnen (Martijn Pieck út Utrecht) oer de dyk nei de kapel drage. De wite klaaiinge fan de froulju stekt al like wûnderlik ôf tsjin de driigjende wolkepartijen as de wynturbine op de achtergrûn. Mei’t de ‘Hillige Victorius’ beskermje moat tsjin klimaatferoarings feroarsake troch CO2-útstjit, wurdt de link lein mei it no. Yn sang- en klankymprovisaajes foarmet it Genetic Choir út Amsterdam it muzikale dêkôr fan de lofsang op it lânskip dy’t ‘Dijk vol dromen’ is. Wûnderlike klanken útstjittend, binne sy de oanboazjende stoarm en tagelyk de befolking dy’t flechtet foar it opkommende wetter dêr’t de foarstelling mei ôfslút.

 

Dijk vol dromen fan keunstnersferieniging Kunst achter de Dijken is noch te sjen op 20 en 21 septimber.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.