fotografy: Ruud van Empel

Digitale natoer yn museum Belvédère

KLAZINA HOFSTEE – 

De stilte bolderet my temjitte as ik foar “Collage #7” stean fan de keunstner Ruud van Empel. Yn in bosk fan ferstille beammen dêr’t moask en skimmels regearje, hipt in iensum fûgeltsje. It byld is sa as ik my de Narnia wrâld fan de Ingelske skriuwer C. S. Lewis yntink. Ik soe der wol even ynstappe wolle. Mar it bosk is net echt. It is makke yn de kompjûter fan keunstner Ruud van Empel. Troch foto’s digitaal te knippen en te plakken makket hy syn eigen ynterpretaasje fan de natoer.

 

It is de sfear fan it lânskip dêr’tst as sjogger ynlutsen wurdst. Somtiden is dy sfear útbundich: in fjild fol greideblommen op eachhichte, dêr’t myn noas spontaan fan begjint te jokjen.

 

Van Empel (1958) is fan hûs út grafysk ûntwerper en wie yn de begjinjierren fan syn karriêre ferantwurdlik foar de foarmjouwing fan telefyzjeprogramma’s lykas ‘Kreatief met Kurk’ en ‘Theo en Thea’. Letter begûn hy mei syn digitale fotokollaazjes. Fan foto’s dy’t hy sels makket kreëarret hy nije bylden. Lykas yn syn eardere portrettesearje ‘Study in Green’. In portret fan in jonkje of famke is yn werklikheid in gearstalling fan ferskate bern. It byld dat sa ûntstiet hat wat ferfrjemdzjend en fielt dochs fertroud. En dêr leit ek de krêft fan it wurk fan Van Empel. It set dy op de ferkearde foet en wit dy dêrtroch te reitsjen.

 

Van Empel eksposearret oer de hiele wrâld, mar is foar dizze eksposysje spesjaal nei museum Belvédère yn Oranjewâld kaam. Van Empel en konservator Han Steenbruggen kenne inoar noch fan de tiid dat Steenbruggen by it Groninger Museum wurke. Neffens Steenbergen passe dizze wurken fan Van Empel goed by de sfear fan Belvédère. Yn dizze eksposysje ‘Making Nature” leit de klam op Van Empel syn ynterpretaasje fan de natoer. De mins komt der lykwols net yn foar. It is in wrâld fan beammen, blommen, kaktussen. Ast goed sjochst fynst sa no en dan in fûgel, in flinter, in ynsekt.

 

Mar it is de sfear fan it lânskip dêr’tst as sjogger ynlutsen wurdst. Somtiden is dy sfear útbundich: in fjild fol greideblommen op eachhichte (Voyage Pittoresque #3), dêr’t myn noas spontaan fan begjint te jokjen. Sels sûnder heakoarts moat ik der hast fan proeste. Ik rûk de simmer.

 

Oare wurken lûke my yn in hast unheimische wrâld, lykas de searje Floresta Negra. Ik fiel my as dwaal ik yn it tsjuster troch in bosk. It jout in bytsje in ‘beklemmend’ gefoel. Mar op alle kollaazjes is earne it ljocht te finen.

 

 

De eksposysje ‘Making Nature’ is oant en mei 26 maaie 2019 te sjen yn de grutte seal fan Museum Belvédère.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.