dEROELS – Net Mear Sa As Ik Tocht

Mariska Tymensma makke in striptekening fan it nûmer Net Mear Sa As Ik Tocht, dat Hedser Tijtsma skreau foar syn band dEROELS. Wêr helje sy de ynspiraasje wei? de Moanne prate mei de beide keunstners.

Hoelang tekenesto al? Hoe is dy leafde oait begûn?
‘Ik teken mijn leven eigenlijk al. Vroeg mocht ik ook graag met klei spelen en creatief zijn. Als mijn vader dan vermoeid thuis kwam van zijn werk en in de stoel in slaap viel, dan kleurde ik zijn voeten in de meest bonte kleuren met stift. Dat vond ik geweldig. Dus als het papier op was, was mijn vader de klos. Ik werd later door een lokale wasserij waar ik werkzaam was gevraagd om voor hun interne blad, Het Knyperke, te gaan tekenen. Vanaf dat moment is het balletje wat gaan rollen en ben ik vaker opdrachten gaan uitvoeren. Mijn moeder, Mary Tymensma, schrijft blogs onder de naam Famke de Vries. Toen deze gebundeld werden, mocht ik de illustraties maken. Sindsdien zijn er vier boekjes uitgekomen en ben ik nog meer gaan tekenen.’

Do hast fan in tekst fan dEROELS in strip makke. Koesto dy band al? Hoe hast it meitsjen fan de strip oanpakt? Hoe bisto ta dizze yllustraasjes kommen?
‘Ik kende dEROELS niet maar vond het wel een hele leuke tekst. Terwijl ik het las, zag ik de strip al in mijn hoofd voorbij komen. Ik heb hierna eerst een storyboard gemaakt en daarna de tekst verdeeld. Aan de hand daarvan heb ik de strip vormgegeven. Daarna heb ik naar het liedje geluisterd en de laatste aanpassingen gemaakt. Ik was erg blij met wat ik hoorde. Het is een erg leuk nummer en daarnaast vond ik het ook leuk dat ik voor hun deze strip mocht maken.’

Mei wat foar materiaal wurkesto meastal? Hasto al earder publisearre?
‘Ik werk het liefst met printpapier, potlood en een gum. Zodra de tekening goed is, gebruik ik vaak tekenpennen in verschillende diktes waarmee ik de tekening overtrek. Afhankelijk van de opdracht kleur ik ze dan ook in. Daarvoor gebruik ik Paint.’

Mariska Tymensma (36, Snits) is tekener. 

Hedser, de tekst Net Mear Sa As Ik Tocht van dEROELS gaat over twee vrienden die in de loop van hun leven uit elkaar groeien. In hoeverre is dit een autobiografisch verhaal? Hoe kwam je bij dit onderwerp?
‘De tekst foar Net Mear Sa As Ik Tocht kaam yn my op doe’t ik thús oan it wurk wie mei in putsje wat eins al hiel lang in kear soe, mar it kaam der troch allegear drokte hieltiid mar net fan. Doe’t ik goed en wol oan de gong wie skille in freon fan my, dy ik al in hiel skoft net sjoen hie. Beide ha wy altyd fan alles by it ein en wenje wy ek net mear flak by elkoar. Hy frege my oft ik him dy dei helpe koe mei it ien oft oar. Ik die it my net oan tiid, we praten dernei noch twa tellen en hongen wer op. It bleaun my yn ‘e kop om tyskjen wylst ik fierder gie mei myn wurk. Sadwaande tocht ik nei oer wat wy allegear mei elkoar belibbe ha, mar ek oer hoe ús beide libbens feroare binne troch wurk, froulje en tal fan oare saken. It kontakt fan doedestiids is der net mear, it is feroare mar noch altyd freonnen.’

De onderwerpen van de teksten die jij schrijft voor dEROELS zijn sowieso heel divers. Waar haal jij over het algemeen je inspiratie vandaan voor dEROELS?
‘Ynspiraasje foar teksten sit yn alles, it is mar krekt wat we wolle. Somtiden komt in tekst sa as Net Mear Sa As Ik Tocht kant en klear de oefenromte yn. Ek komt it geregeld foar dat wy as band in ûnderwerp betinke. Ien fan ús giet der dan mei oan’e slach en wurket it út. Sa komt it dat teksten fan dEROELS oer fan alles gean kinne. Trochdat hast alle bandleden teksten foar dEROELS skriuwe is der ek in ferskaat oan skriuwstylen.’

Jij bent ook gitarist en zanger van dEROELS. Staan bij jou de teksten of de muziek voorop? Waarmee begin jij/beginnen jullie bij het maken van een nieuw nummer? Hoe gaat dat in zijn werk?
‘Teksten steane by dEROELS gelyk oan de muzyk; it iene fersterkt it oare. Sa as ik krekt al efkes oanhelle, betinke wy faaks yn de oefenromte in ûnderwerp foar in tekst. Dit ûntstiet faaks fanút in “Jam” sessie. Sawol de muzyk as tekst betinke wy njoggen fan de tsien kear as band. We “Jamme” wat en dêr komt hieltiid mear by. Dêrnei begjint it skrassen, feroarjen en bringe wy der struktuur yn. Dêr boartsje wy krekt salang mei oant wy fan miening binne dat it klear is. Sa komt it dat dEROELS net ien sjenre hat, it komt sels geregeld foar dat yn ien nûmer al meardere stilen sitte.

De “feel” fan de muzyk jout ús meastentiids it ûnderwerp fan de tekst. We ha it der tidens it skaven en boetsearen fan it liet oer. Net iens sa sear dat wy dan op syk binne nei in ûnderwerp, mar faaks trochdat wy elkoar mei termen besykje út te lizzen welke kant it muzikaal sjoen út gean moat of spile wurde moat. Ek komt it wolris foar dat in item út it nijs ús ynspiraasje jout, begelyks ha wy in liet oer in “Hjerstkatsje”. Dit is nei ús miening de namme fan it famke fan in Loverboy. Inkelt komt der in tekst mei muzyk kant en klear de oefenromte yn, sa as by “Net mear sa as ik tocht” mar wurdt dêr dan noch flink ûnder hânnen naam en komt der pas wer út as it in 100% dEROELS liet is.’

Hedser Tijtsma is gitarist en sjonger by dEROELS. Sjoch ek: www.deroels.nl.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.