De Voorbeschouwing

ELSKE SCHOTANUS – 

It Hearrenfean is mear as sport allinne. Al profilearret it Gouden Plak him as sportstêd, sels ha ik oan ien sportkompleks genôch, dat it wie net foar it item sport dat ik snein oanwêzich wie by ‘De Voorbeschouwing’. Under dy flagge wurdt, sûnt 2014, yn Grandcafé ‘Het Gerecht’ in diskusjefoarum op priemmen set oer sport, kultuer, wolwêzen en ûndernimmerskip. Snein wie de alfde ôflevering, tagelyk de earste dy’t ik meimakke. De facebookpagina folgje ik al langer, mar altyd kaam der wat tusken.

 

Wat my oer de drompel helle om diskear de aginda frij te hâlden om nei ‘De Voorbeschouwing’ wie de oankundiging dat de keunstners – tagelyk galeryhâlders – Age Hartsuiker en Albert Oost yn it programma sitte soenen.

 

De Voorbeschouwing hellet nijsgjirrige sprekkers nei Het Gerecht, der is muzyk en de tagong is fergees. In perfekte formule en alle stuollen binne dan ek beset. Op heldere wize liedt Frank van Hout de sprekkers yn en stelt hy syn fragen. As earste gast wurdt Udo de Goede, as ‘Heerenvener van het jaar’, oan tafel nûge. Sels hie De Goede tocht dat Yoram Ish-Hurwitz, de artistyk lieder fan it Oranjewoud Festival of Geert Bosman, eigner fan ûnder mear ‘Het Gerecht’ de earetitel drage soe. Fan De Goede hie ik noait heard, mar hy wie (mei-)inisjator fan it Herengrachtkonsert.

Nettsjinsteande myn sportkompleks, wisten Anke van Baar fan de talinte-akademy en turncoach Gerben Wiersma oer de kombinaasje fan topsport en it folgjen fan in oplieding my dochs te boeien. Der is in libben nei de sport en in sportkarriêre kin, troch hokker omstannichheden ek, fansels mislearje, dat it is wichtich om neist de trainingen ek in papierke te heljen. Oan de hân fan foarbylden fertelle de beide oer de ins en outs. 25 oeren wyks turne en, mei mar 15 lesoeren, in diploma yn it fuortset ûnderwiis helje, mei goede begelieding slagget dat. Sportnijs folgje ik net, net yn de kranten en net op ’e telefyzje, mar sa’n fraachpetear yn in seal makket in ûnderwerp, dat net jins persoanlike ynteresse hat, dochs nijsgjirrich.

Wat my oer de drompel helle om diskear de aginda frij te hâlden om nei ‘De Voorbeschouwing’ wie de oankundiging dat de keunstners – tagelyk galeryhâlders – Age Hartsuiker en Albert Oost yn it programma sitte soenen. Hartsuiker is eigner fan Galerie Loof yn Jobbegea, Oost (mei Monique Vogelsang) bringt útstallingen yn it Melklokaal op It Hearrenfean. Age wie al tritich jier as keunster dwaande, Albert makke, nei eigen sizzen, syn hiele libben al keunst foardat se, sa’n bytsje tagelyk, harren galery’s iepenen. Doe’t mannen elkoar sa ris troffen, kaam it praat op de beheinde eksposysjemooglikheden. “Anders kun je wel bij mij exposeren”, hie de ien sein. “Of jij bij mij.” Hartsuiker priizget Oost om it eksperimintele karakter fan it Melklokaal. “Soms een grote mond, maar altijd prikkelend. We letten op elkaar, samen bieden wij een breed spectrum.”

In punt dêr’t beide it oer iens binne is it te min oan wurdearring foar de keunstner. Sa soe Balk ‘wol’ €200.- euro oer ha foar in hufterproof keunstwurk en wurdt in keunstner allinne foar in talkshow útnûge as er mei in pappegaai op ’e holle ferskynt. Musea, sa wolle politisy ha, soenen keunstners foar in ekspo betelje moatte, mar tagelyk is it sa dat musea dêr amper of gjin budzjet foar ha. “Dan was het Belvédère allang gesloten.”

Nei it skoft jouwe trije politisy har achter de tafel del en dat betsjut dat, as it oan de sprekkers leit, nei de ferkiezings de belesting omleech giet en/óf it eigen risiko yn de soarch ôfskaft wurde sil. Ik ha it oanheard en bin nei ôfrin nei it Melklokaal set. Der wiene mear besikers fan de Voorbeschouwing dy’t op itselde idee kaam wienen. Meikoarten ek wer ris by Loof sjen.

 

De earstkommende Voorbeschouwing is op 9 april 12.30, ynrin 12.00

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.