Under de tsjoen fan Blue June

ARJAN HUT – 

Oan it begjin fan it jier ferskynde de titelleaze EP fan Blue June. In debút, mei seis ferskes en in yntroduksje, dat yndruk makke. Op de foarkant in foto fan in jonge frou, oan in finster, mei sinne yn har ljochte hier. In koart, föhn-foarme Doris Day-kapsel. In ljocht dat dreamerich en mankelyk is. It past by de namme Blue June, twa wurden dy’t suver al in lyts gedicht foarmje. Har echte namme is Pien Breeuwsma. Op it stuit dat wy prate is se yn Haarlim, dêr’t sy oan it konservatorium studearret.

Earst wol ik wolris witte wêrom’t safolle Ljouwerter optredens fan har net trochgiene.
“Nou, it wie gewoan pech hieltyd. It optreden yn de Spoek koe net trochgean omdat ik in kielûntstekking hie. It sjongen waard neat en it optreden gong oer. Yn Romein soenen we mei de hiele band optrede, mar der wienen ynterne strubbelingen. De bassist fan de band en ik hienen in relaasje en dy rûn op neat út. No ja, de relaasje wie foarby, mar de bassist stapte ek fuortendaliks út de band en dat wie krekt foar Romein. No ja, alwer in optreden dat net trochgie.”

In optreden yn Asteriks as opwaarmer foar Tommy Ebben gie wol troch.
“Ja, gjin problemen diskear haha. Dat wie in hiel moai optreden. Ik fyn Asteriks in noflik plak om te spyljen. De sfear is hiel bysûnder en it publyk komt dêr echt om te harkjen.”

Ik tink datst de ferskes wol in pear kear draaie moatst foardatst se werklik heart hast.

Wêr komsto eins wei?
“Ik kom út Aldeboarn, dêr ha ik fan’t wykein ek west, bin krekt wer yn Haarlim oankommen. Ik gean net alle wykeinen werom nei Fryslân, mar wol gauris. Om freonen en kunde te sjen, mar ek wol om te wurkjen oan nije ferskes.”

Komst út in muzikale famylje?
“Nou, nee, dat kin ik sa net sizze. Ien pake sjit my yn it sin, mar nee, net in opfallend tal muzikanten ofsa.”

Hoe bist mei sjongen begong? En hoe fûn men dat thús?
“Op myn tsiende bin ik begongen mei gitaarles. Wat letter woe ik graach myn eigen ferskes skriuwe en song dêr ek by. Mar ik bin faaks in perfeksionist en fûn myn eigen sjongerij mar min. Op myn 16e ha ik sjongles naam. Troch ús heit en mem waard ik dêryn wol stimulearre. Ik ha trije âldere bruorren, dy dogge allegear hiel oare dingen. Elkenien wurdt by ús thús stipe, kultuer en de frijheid om dyn eigen dingen te dwaan binne hiel belangryk.”

Wêr komt de namme Blue June wei?
“Ik lústere thús nei alle soarten muzyk, net allinne moderne pop mar ek The Beatles en The Doors. Of Etta James. Of de hiele iere blues fan Robert Johnson. Dat soarget dat ik ek in soad ynfloeden fan bûten de artysten fan hjoeddei ha tink ik. De namme Blue ferwiist foar my nei dat ûngrypbere muzikale gefoel, it hat wat tsjusters en dreamerichs. Wylst de namme June – myn jierdei is yn juny – dêr in kontrast mei foarmet: ljocht en waarm.”

Dyn debút is in prachtige EP mei daliks pakkende ferskes, dy’t dochs hiel folle subtile lagen biede. Lykas de blazerspartijen yn Rollin’ Tides, of de strikers en toetsen dêr’t op stylfolle wize kleuren en sfearen mei oanbrocht. In moai visitekaartsje!
“De reaksjes oant no ta binne hiel posityf. Ja, ik tink ek wol datst de ferskes wol in pear kear draaie moatst foardatst se werklik heart hast. Ik bin der yn alle gefallen hiel wiis mei. By it skriuwen en it opnimmen woe ik alles safolle mooglik yn eigen hân hâlde. It momint fêstlizze dêr’t ik no bin, in persoanlike plaat meitsje. Ik wit net krekt wat de takomst bringe sil. Ast mei in band of in producer fan bûten wurkest, wurdt it dochs oars. Dizze EP is foar my de basis en in iikpunt fan wêr’t Blue June foar stiet.”

Dizze EP is foar my de basis en in iikpunt fan wêr’t Blue June foar stiet.

Do hast ris ferkes skreaun mei Piter Wilkens, foar it jubileumkonsert fan Friesland Pop.
“Dat gong hiel maklik eins. Piter levere in idee oan en ik levere in idee oan en sa ha wy tegearre in pear nije ferskes makke. Oft ik mear yn it Frysk dwaan soe? By gelegenheid wol. It sjongt noflik, al fernim ik dat it wat persoanliker, direkter is. Efkes wenne. Miskien nochris foar in pear ferskes, al sjoch ik der net in hiel album fan kommen.”

Ljouwert is no in tige libbene muzykstêd. Der bart fan alles en it tilt op fan de talinten. Hoe sit dat yn Haarlim? Sitst dêr no net krekt ferkeard?
“Haarlim sit ticht op Amsterdam, wêrtroch’t der yn de omkriten altyd wol wat te dwaan is en der binne ek in soad artysten, der is hiel wat aktiviteit yn de omjouwing allinne al. Mar ek Haarlim sels hat in grutte klup muzikanten, artysten en bands as Jacqueline Govaerts, Speelman & Speelman en Chef’Special.”

Guon dêrfan wurkje tegearre yn it ynformele, hieltyd fan leden wikseljende kollektyf Club Helmbreker, dat ûnder oaren mei muzikanten fan Gotcha, The Kik enGuus Meeuwis syn band wurkje. Nei Gem en Daniel Lohues waard Blue June ek frege om in ferske op te nimmen.
“Neidat ik op it befrijdingsfestival hjir spile ha, bin ik folle sichtberder wurden foar oare muzikanten hjir yn de stêd, dat kin ik goed fernimme. Sa bin ik ek frege om mei Club Helmbreker op te nimmen. By de ferskes dy’t sy meitsje, meastal in cover fan in oare bekende artyst, wurdt in klip makke foar op Youtube. Ik wit net oft der noch mear mei dien wurde sil… Wy ha meiinoar in nûmer fan Beck opnommen, “Don’t let it go.”

Under ús petear lit Breeuwsma in pear kear de namme ‘Schrijfhuisje’ falle, in plak dêr’t sy hinne giet om allinne te wêzen, ynspiraasje op te dwaan en nije ferskes te betinken. It klinkt as in romte dy’t troch in kulturele organisaasje oan artysten ferhierd wurdt?
“Nee, dat is net, haha, do silst it net yn in gids ofsa fine. It is in plakje foar mysels oan it wetter by Grou. Ik gean dêr gauris hinne, as it ris sa útkomt, en dan hoech ik mar te wachtsjen of der komt wol wat. Meikoarten wol ik dêr wer hinne.”

En dan oan in nij album wurkje?
“Ja, dat is wol it plan. Dan pakke wy it wol oars oan as mei de EP. Net alles yn eigen hân hâlde, mar mei in echte band en in producer fan bûten, wa wit. En dan sjen wêr’t wy útkomme. Ik bin hiel benijd. It soe wolris wat mear rock wurde kinne…”

As it mar net minder Blue June wurdt!
“Ha nee, ik bliuw Blue June, hear!”

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.