De triomf fan in reedridersmem

SYDS WIERSMA & RIK KLAVER – 

No sneintejûn 10 jannewaris 2016 stiet reedridersleginde Atje Keulen-Deelstra sintraal yn Andere Tijden Sport. Under de titel ‘Atje Keulen-Deelstra, triomf van een schaatsmoeder’ fertelt Andere Tijden it ferhaal fan ‘ús Atsje’ oan de hân fan amateurbylden fan partikulieren en út it Fries Film Archief. Bynammen de 16mm-bylden dy’t de Ljouwerter drogist en fotohanneler Piet Plantinga yn 1974 fan it WK froulju allround op Thialf makke binne prachtich.

Atsje út Jirnsum waard begjin jierren santich fjouwer kear wrâldkampioene. Se wie al yn de tritich en mem fan trije bern. De soarch foar har bern lei yn de wintermoannen by har man Jelle en de âlden. It wie doe in unikum yn Nederlân dat in jonge mem sa folslein foar de topsport gie. Unbedoeld waard Atsje in rolmodel yn de frouljusemansipaasje.

Piet Plantinga wie fan de jierren tritich oant de jierren santich aktyf as filmer. Earst hobbymjittich en letter profesjoneel. Hy wie yn dy perioade oansluten by de wichtichste filmrûntes foar filmers yn Fryslân: Film yn Fryslân, de Fryske Filmrounte en de Kleare Kimen. Sa wurke er mei oan ‘Kar út Twa’, de earste Frysktalige spylfilm (1937), filmreportaazjes fan de Alvestêdetochten fan 1954, 1956 en 1963 en fan oare wichtige eveneminten yn de provinsje, lykas de besite fan keningin Juliana en prins Bernhard.

Plantinga, bynamme Piet Pil, wie drogist oan de Sint Jabiksstrjitte yn Ljouwert. Yn de jierren fyftich iepene er syn Fotokino en makke er beropsmjittich ferskate foto- en filmreportaazjes. Hy filme ûnderoaren foar it Reade Krús, makke in filmrige oer it Fryske hynder yn de lânbou, in film oer Fryske ambachten en folkskeunst en oer it Frysk kostúm. De measte fan syn films binne yntusken yn besit fan it Fries Film Archief.

Syn film oer it WK allround 1974, mei de huldiging fan Atsje as wrâldkampioene, is fan útsûnderlike kwaliteit, qua kamerawurk en as sjoernalistike reportaazje. It liket hast wol televyzjewurk, ynklusyf slow motion. Hjirboppe in koarte seleksje fan bylden út dizze film.

 

‘Atje Keulen-Deelstra, triomf van een schaatsmoeder’, Andere Tijden Sport, 10 jannewaris 2016 om 22.20 oere op NPO 

Comments
Ien reaksje oan “De triomf fan in reedridersmem”
  1. Pieter postma schreef:

    Die krans heb ik nog gemaakt
    Mooie herinneringen aan

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.