De skiednis fan it Waadgebiet

Publisearre op 14 mei 2014

GERBEN DE VRIES – 

Oer it Waadseegebiet binne miskien gjin bibleteken, mar seker wol in stikmannich boekekasten fol skreaun. De measte lêzers realisearje it har nei alle gedachten hjoeddedei net dat de belangstelling foar dit gebiet – de eilannen, de Waadsee, de kustlinen fan benammen Fryslân en Grinslân – yn histoarysk opsicht fan resinte datum is. Foar 1960 ferskynden der domwei gjin oersichtswurken oer it gebiet. De literatuer beheinde him ta in lyts tal stúdzjes en beskriuwingen fan de aparte eilannen.

Sûnt 1960 groeit it oantal boeken dat oer it hiele Waadseegebiet giet stadich, mar it is nea in ûnderwerp west dat in protte skriuwers lutsen hat. De measte wurken rjochten har op de toeristen en dy geane no ienris nei it Amelân of Skylge. Pas de lêste jierren, no’t der hoe langer hoe mear syl- en motorskippen op it Waad ferskine, wurde der troch de fakânsjegongers meardere eilannen besocht en ek fanôf de eilannen sels kin men no ‘island hoppe’. De wichtichste reden wêrom’t lykwols de lêste tiid mear oer it hiele gebiet skreaun wurdt, is fansels de oanwizing fan de Waadsee yn 2009 as UNESCO-Wrâlderfguod. De bêste wurken oer it Waadgebiet as gehiel binne Wadden, verhalend landschap: cultuurhistorische reis langs de waddenkust van Denemarken, Duitsland en Nederland fan Jan Abrahamse en Martin Hillenga út 2005 en Waddenzee Werelderfgoed van Peter Burbridge et al, út 2012.

It is my net hielendal dúdlik wurden wêrom’t de auteur syn skiednis fan it Waad sa om en by de jierren fyftich fan de 20ste ieu ophâlde lit. Woe er syn fingers net baarne oan aktuele saken?

Ik wie dus wol benijd wat de doelstelling en de mearwearde fan it boek De Wadden. Een geschiedenis fan Matthijs Deen wêze soe. De neerlandikus en skriuwer Deen koe ik fan it radioprogramma OVT op sneintemoarns, dêr’t er oant desimber 2013 mei anneks wie. Neffens de ûndertitel hat er mei dit boek in skiednis fan it Waadgebiet skreaun en dêr is er aardich yn slagge. It is in goed lêsber, somtiden hast poëtysk boek wurden. Dat kin ek te fier gean: ‘Maar ze was ook alleen. De dagen lengden, de zon scheen warm op haar handen en haar hals. En als ze de bakkersknecht met ontblote armen zijn manden zag dragen of de boerenzonen zag hooien, dan kon ze dat soms niet uit haar gedachten zetten.’ (s. 165) De frou fan in Amelanner kommandeur liket hjir sa út in Bouquet-boekje wei te rinnen.

In boek sûnder plaatsjes ek, in echt ferhalenboek dus. Oer prehistoaryske boeren en fiskers, Romeinen (Deen lit Tacitus sels hurdop tinke…), Friezen en Vikingen, piraten en jutters, en foaral oer de ferskiedene soarten eilanners. De bewenners fan Teksel, Flylân, Skylge, it Amelân, Skiermuontseach en Rottumereach wennen letterlik en ek figuerlik op in eilân en wiene dus selsstannich, eigenwiis, ksenofoob ek. Deen fertelt in soad lytse en grutse skiednissen en hopt fan eilân nei eilân. Dyjingen dy’t it Waadgebiet al wat langer kenne, sille oars net safolle nijs mear fine yn De Wadden. De skriuwer brûkt de bekende literatuer oer it gebiet en hat sels gjin ûndersyk dien. Wol stean tusken de histoaryske teksten sa no en dan sjoernalistyke ferhalen, bygelyks oer de minsken fan de Stichting Verdronken Geschiedenis en wrakfiskers.

It is my net hielendal dúdlik wurden wêrom’t de auteur syn skiednis fan it Waad sa om en by de jierren fyftich fan de 20ste ieu ophâlde lit. Woe er syn fingers net baarne oan aktuele saken as bygelyks de fearboatkriich? Of komt der noch in twadde diel? It foel my fierders ek op – in soad oare skriuwers oer dizze matearje dogge dat ek – dat it eins allinnich mar giet om de eilannen. It Waad sels is op himsels foar Deen net ynteressant. Dochs komt er oan de ein fan it boek mei in wat tsjinstridige opmerking: op side 308 komt er mei Slauerhoff ta de konklúzje dat it oantreklike fan it Waadgebiet net ôfhinget fan de minsken dy’t der wenje, mar fan de fisike eilannen sels. En dat wylst it boek oer de minsken giet en hast gjin oandacht besteget oan natuer en lânskip. Foar wa hat er it boek dan skreaun?

By eintsjebeslút noch in pear details. Deen wol de Upstalbeam by Aurich op in terp hawwe, wylst it plak op in gaast leit (s. 61). Op Skylge binnen Seeryp en Stryp twa nammen foar itselde gehucht (s. 88) Niezijl leit net yn Fryslân, mar yn Grinslân (s. 116). Yn Grinslân praat men fan wierde, net fan terp (s. 156) Deen hat noch wol yn Grins studearre en wurke, dat hy soe witte moatte dat der lju foar minder delsketten wurde. En Minnertsgea lei eartiids net op it Bildt (s. 202), dat ist pas sûnt 1984 sa. Mar earlik is earlik: foar minsken dy’t noch net safolle ôfwitte fan it Waadgebiet, is dit foar bygelyks in boatfekânsje in moaie ynlieding yn de skiednis fan de eilannen.

Matthijs Deen, De Wadden. Een geschiedenis. Utjouwerij Thomas Rap, Amsterdam. 304 siden, € 19,90.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels