De scharlaken pest

Publisearre op 15 april 2020

WILLEM WINTERS – 

It boek ‘De scharlaken pest’ fan Jack London út 1912 hat in nuveraardige aktualiteit. In slim agressyf soart pestbassil joech de totale wrâldbefolking (8 miljard, in oantal dat we hjoed noch krek net helje: 7,5 miljard) de dea yn. Sa woest as London it beskriuwt sil it no hooplik net gean. Mar de deskundigen komme elke dei mei nije teoryen en ferwachtings dy’t der net fier fân ôf sitte.

 

Feit en fiksje, juster, hjoed en takomst komme yslik ticht byinoar yn dit boek wer’t jin de teanen krûm fan steane.

 

Mar in pear hûnderd minsken oerlibje dizze ôfgryslike útbraak, dy’t – yn it boek – yn 2013 begûn. Wat is dernei bard en hoe is de tastân 60 jier nei de ramp yn 2073? It wurdt ferteld troch haadpersoan James Smith, hy wie professor Ingelske literatuer, no hoedet hy – klaaid yn in bistefel – in keppel geiten. Trije jonges  – pakesizzers – binne by him: ‘De jongens waren echte wilden en kenden alleen den wreeden humor, die den wilde eigen is.’

Hy tinkt nei en fertelt de jonges hoe’t it eartiids foar de ramp wie: ‘Alle menschlijk zwoegen op deze planeet was niets dan schuim.’ De wrâldoarder spatte út inoar. Wapene bendes stekke de boel yn ‘e brân. Alle kennis rekket fuort, biblioteken brâne ôf’, de minsken ferfalle ta in úterst primityf stadium, boeken, archiven, hûzen en oare bouwurken gean yn flammen op. As de earste gefallen har foardogge besykje de autoriteiten dit stil te hâlden. Wat net slagget. Noch in paralel mei hjoed is it sterke byleauwe. Smith warskôget foar minsken dy’t har útjouwe foar dokter, mar it binne duvelskeunstners, ligers en kwaksalvers.

Hjoed hawwe wy te meitshen mei lju dy’t miene dat de GSM mêsten it Coronavirus fuortbrocht ha. Dêrom yn ‘e hens der mei! De oarsaak fan besmettelike syktes siket Jack London yn it tanimmen fan ‘e befolkingsgroei: ‘naarmate de menschen in getal toenamen en dicht-op-een gedrongen in de grote steden leefden, ontstonden er nieuwe ongesteldheden en drongen er nieuwe soorten bacillen hun lichaam binnen. Zoo werden ontelbare millioenen menschelijke wezens gedood. Hoe dichter op elkander de menschen huisden, hoe vreeselijker de nieuwe ongesteldheden werden.’

Oan de skarlekken pest gongen de Swarte Pest, tbc, de Bûdepest, de Sliepsykte, de Asiatyske Goalera foarôf. Dêr kinne we foar ús tiid oan ta heakje: berneferlamming, gekke kowe sykte, Ebola, Aids, Polio, Veteranesykte, ensafh. Besmetting troch kontakt wie doe al bekend, om karantêneplakken waard fochten. Wa besmet rekke, ferstoar binnen in healoere.

Hoe tinkt London oer de takomst? De pear manlju en froulju dy’t oerlibje geane relaasjes oan, der komme wer bern,it giet hiel stadich. Mar de kultuur sil him ferwinne. Dan opnij de delgong. Feit en fiksje, juster, hjoed en takomst komme yslik ticht byinoar yn dit boek wer’t jin de teanen krûm fan steane.

 

‘De scharlaken pest’ Jack London, uitgeverij  Johannes Müller, Amsterdam 1923 (oarspronklik Ingelske útjefte 1912)

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels