De Prutsers nûgje dy út foar in noflik jûntsje teäter en iten
De nijste foarstelling fan de Prutsers hjit Wol de echte Mozes/held/…(m/f/x) no opstean?
By in gesellich jûntsje iten en drinke wikselje De Prutsers fan gedachten oer ferskillende hjoeddeiske ûnderwerpen. Bygelyks it waar, dat it lang lyn is dat we wite krystdagen hienen. En wol snie yn maart. Tsja, klimaatferoaring. Hieltyd mear fielber…
Wa hat it noch oan tiid om media te folgjen? Lit ús gewoan mei elkoar ite, genietsje fan wat ferbining, dat amper noch te finen is.
Foar Wol de echte Mozes/held/…(m/f/x) no opstean? stipet Tryater De Prutsers yn de útfier fan de foarstelling. Tryater fersterket it teaterklimaat yn Fryslân, troch nije teatermakkers de mooglikheid te bieden kwalitatyf heechweardige foarstellingen te meitsjen. Tryater stipet har mei ekspertize, romte en materiaal. De nije teatermakkers binne foar Tryater in ynspirearjende krêft binnen it selskip.
De foarstelling is te sjen fan 7 o/m 22 april yn De DOAS yn Ljouwert. De tagongspriis is ynklusyf in fegetarysk miel fan de dei fan Restaurant d’Ambacht. Mear witte? Kaartsjes keapje? Klik hjir.