De Moanne nr 4 – De Kleau

Sietske Harkema
Neidat de hiele simmer de ferhalen fan seis skriuwers te lêzen wiene yn Ljouwerter Krante en op de webside fan de Moanne, is no alles moai bondele yn in spesjale útjêfte fan de Moanne: de Kleau. Nijsgjirrich? Bestel dizze edysje dan fia ynfo@demoanne.nl.
– – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – –
Proazasimmer 2022 ‒ de kleau
Hieltyd dûkt er wer op, ‘de kleau’. As in ferûnderstelde ôfstân, in ravyn, in spelonk, tusken Rânestêd en regio, tusken akademysk en mear praktysk oplaat, tusken ryk en legerbetelle, tusken ynformearre troch fake of regulier nijs.
En der binne mear kleauwen − tusken minsken, tusken generaasjes, tusken âlders en harren bern, tusken freonen, en ja, wa’t by himsels nei binnen doart te gluorkjen, wurdt dêr ek wolris in kleau gewaar, of mear as ien.
Wat húsmannet der yn dy tsjustere nissen, yn de ûnbekende djipten? Allinnich mar ûnheil of ljochtet der ek hoop? En bestiet dy kleau einliks wol, of is it in selsbetocht konstrukt, in kultuerprodukt, in opblaasde media-utering, in selsoplein frame?
De Moanne en de Ljouwerter Krante bondelen dizze simmer harren krêften en joegen tegearre in poadium oan seis jonge, ûnbekende, mar supertalintearre skriuwers en dichters út Fryslân.
Wy fregen harren om teksten te meitsjen oer it tema ‘de kleau’. De foarm wie frij, de taal ek. Dy opdracht resultearre yn seis orizjinele bydragen dy’t yn de simmerwiken yn de Leeuwarder Courant en op de site fan de Moanne publisearre waarden, mei yllustraasjes fan oanstoarmjend tekentalint Sietske Harkema.
Yn dit magazine fine jo de teksten bondele werom. De skriuwers en dichters dy’t se makken kinne jo yn aksje sjen, dan yn ’e mande mei in filosoof, op tiisdei 4 oktober yn De Stadskas fan Explore the North yn Ljouwert.
Wy winskje jo in protte lêsplezier en in hiel moaie neisimmer ta!
Amarins Geveke, haadredakteur de Moanne
Tialda Hoogeveen, einredakteur de Moanne
Kirsten van Santen, kultuerredakteur Ljouwerter Krante