de Moanne Live, 12 maart

De twadde Moanne Live fan dit jier wurdt holden op tiisdei 12 maart. En ditkear stean op it poadium fan de Moanne: Sjoerd Bottema en Bouke van der Hem.

Oer streekliteratuer, it neisyngronisaasje-effekt, wrâldboargers, stêd en plattelân, Nederlanners, Belgen, Friezen en Turken, Nij Beets en New York, Frysksinnigens, de Fryske Beweger, de Tokkys, hurdfytsers en bûtersmokkelers, Marktplaats.nl, oarloch, echte helden, krúswurdpuzelje, leafde foar de twasylinder, motorcampings, Yndyske typkes, Spaanske fuery, biersûpe, The Black Devils, ienriedigens, Duo Kostverloren, De Wibra’s, The Beasts, fol is fol, Jongemastate, Opel Kapitein, Srebrenica, Dutchbat, de Weidumer Herkules, ferienigingsmatinee, de Lycklamatapes, amateurtoaniel, de grutte boaze wolf ensafuorthinne.

Tiisdei 12 maart 2013, oanfang 20.00 oere yn de Gysbert Japicx-seal, Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert.

Wy sjogge út nei jim komst! Opjefte graach foar 11 maart by Sito Wijngaarden: s.wijngaarden@afuk.nl.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.