De mjitte

SJOERD BOTTEMA –

Doe en noch en wer: saken dy’t yn it ferline bard binne, en noch altyd trochwurkje of op ’e nij begjinne – sa soe men yn it koart de ynhâld fan Koos Tiemersma’s nijste roman De mjitte gearfetsje kinne. Itselde etiket kin plakt wurde op it skriuwerskip fan Koos Tiemersma, dy’t yn syn twadde boek folslein trou bleaun is oan foarm en ynhâld fan syn debút.

Dat earste boek, De ljedder, giet oer skuldgefoelens dy’t haadpersoan Jacob Nauta as bern oprûn hat. Yn De mjitte is it net oars: Mette Dou dûkt yn it ferline en hellet fan alles en noch wat ûndersteboppen om de spoeken fan doe yn ’e eagen te sjen, yn te damjen en fuort te jeien.

It plak fan hanneling is ek itselde: in Frysk provinsjestedsje dat net by namme neamd wurdt, mar net oars as Frjentsjer wêze kin. En de pleats tusken de keninginnebuert en it Kanaal, ien fan de lokaasjes dêr’t guon sênes har ôfspylje, no bewenne troch Ybele Hoekstra en Gekke Gel, ‘in apart frommes dat elkenien erchtinkend achter de fok wei beloerde en in hekel hie oan minsken yn it algemien en bern yn ’t bysûnder’, dat moat hast wol it stee wêze dêr’t de Nauta’s earder taholden: ‘Ferhalen leine yn klibers tusken de heech opsketten stikels, ferhalen oer de oarloch, in Joad, in ynfal op ljochtskyndei. Der waard grute fan in ûnderdûker dy’t him ferdien hie; tsjuster praat by it teisterich skynsel fan oaljelampen, lange skaden walmjend oer de koppen fan goederleausk folk en benaude bern dy’t mei nóch gruttere bochten om de pleats lutsen, mei nóch mear respekt Gekke Gel mijden.’ Gekke Gel! It mist net, dat is Jacob Nauta syn muoike Gel. Dy wie doe ek al wat apart. En dy erchtinkende eachopslach, dat is har sprekend. Dat wie der yn ’e sechstiger jierren yn Frjentsjer dus noch oer fan de Nauta’s: Gekke Gel. En dat hat ek net lang mear duorre: Gekke Gel ferdwynt yn in ynrjochting foar senuwpasjinten, Ybele Hoekstra wurdt útkocht troch de gemeente, de pleats komt leech te stean en wurdt in leafdesnêst en hingplak foar de jongerein.

Ek de opbou fan De mjitte docht tinken oan De ljedder. Yn dat boek wie elk haadstik ûnderferdield yn in ynlieding, sân flashbacks, in tuskenstik en nochris sân flashbacks. De haadstikken yn De mjitte ha deselde ûnderferdieling, mar no mei in ‘útlieding’ ynstee fan in ynlieding.

‘Net it eigentlike ferhaal,’skreau ik yn myn resinsje fan De ljedder, ‘mar it dekor dêromhinne soarget derfoar dat dit boek boppe himsels útstiicht’. Ek yn De mjitte drage de byfigueren en de bysaken substansjeel by oan it lêsgenot.

De begraffenis fan beppe Sjoek bygelyks. Beppe hat in dochter dy’t har út de bek stapt is, sadat it foar har beppesizzers net oars liket of it is beppe Sjoek sels dy’t mei de minsken fûstket: ‘Ta ús ferbjustering seagen wy dat beppe Sjoek hielendal net dea wie. Sterker noch: persoanlik stie se de kondoleânses yn ûntfangst te nimmen. Krekt wat foar har. Sels op har eigen begraffenis woe se de boel troch it gat sjen, ik begriep it fuortdaalks. Wa wiene der en fral: wa wiene der net, wat hiene se oan, sjouden de dragers har wetterpas de tsjerke yn, hokker wurden waarden der sein, sieten der stofrântsjes op de kiste, hongen der losse splinters oan it te goedkeape hout, waard se útgniisd om it hoekje fan de dea hinne?’

Of Wisse Berch, de meubelmakker. Wisse sjocht – letterlik – it Ljocht en heart in Stim, dy’t him ûnthjit it krús op te nimmen en it Wurd te preekjen. Wisse makket earst in krús fan twa mânske ikehouten balken, mar it is gjin dwaan en sleep dat ding troch de strjitten. De oplossing is finear: ‘As de ûnleauwigen fan ’e wrâld it in hiele jûn útholden by syn televyzjetaffeltjses, dan soe in krús fan licht hout mei in plaatsje ikefinear it ek hâlde. In gouden idee, sa die bliken. It lêste probleem, slitaazje oan it hoekje dat oer de strjitstiennen sleepte, waard oplost mei in pear draaitsjiltsjes oan ’e ûnderein.’ Wat in prachtich foarbyld fan hoe’t in profeet ek praktysk wêze kin. De primitive sjarme fan it slûchslimme: se piipje, dy tsjiltsjes. De mem fan de haadfiguer is wakker yn ’e besnijing fan dizze Wisse Berch, dy’t oankundiget dat de ierde mei âld en nij fergean sil. Mar likemin as Wisse ferliest hja de praktyk fan de deistige problemen út it each: ‘Nee, de wrâld fergiet miskien net op ien jannewaris: ús wrâld ís al fergien… En no is it moal ek noch op. Soe de HelpSelf noch iepen wêze, wat tinkst?’

En fermaaklik is ek it byld fan prins Bernard as protezemonteur. Herre, de twadde heit fan Mette, hat in skonk ferlern by de polisjonele aksjes op Java. Soms giet der wat stikken oan syn keunstpoat: ‘Gelokkich hie Herre kunde oan de keninginne, wennen wy net yn ’e Juliana? Logysk, hy hie syn skonk net samar offere, voor wat hoort wat. Even nei Soestdyk, sei er as de boel yn reparaasje moast. Yn gedachten seach ik him by de majesteit op besite. Bernard siet op ’e knibbels oer de flier yn it fytshok dat neffens Herre yn ’e bosk achter it paleis te finen wie as je dêr bekend wiene. “Sjroevendraaier”, sei de prins oer ’t skouder, wylst er de hân nei achteren stuts. “Asjeblieft gemaal”, sei Juliana, dy’t der op kop en earen by stie. Har man loerde troch syn fanatyk Dútsk briltsje, prutste krekt salang troch oant de knieren wer funksjonearren. Tegearre draaiden se nei ôfrin noch ien, Juliana sette in bakje en dan gie it op hûs oan.’
Krekt sa as yn De ljedder komt yn De mjitte it ûntdekken of it fermoeden fan in ferburgen of oare werklikheid op allerhande nivo’s foar. De haadfiguer sels is net altyd sa as se har foardocht, har healbroer heart stimmen en sjocht bylden út ‘in oare werklikheid’, Herre ferkeapet yn syn boartersguodwinkel seksbledsjes ûnder de toanbank en it helde-imago dat om him hinne sweeft, is inkeld lucht.

Yn De ljedder is Jacob Nauta 56 as er begjint mei it opskriuwen fan syn oantinkens oan de oarloch. Mette Dou, de haadfiguer fan De mjitte, is yn ’e fjirtich as se it ynferno fan har jeugd yndûkt, de sechstiger jierren yn ’e keninginnewyk, in earmeljusbuert yn Frjentsjer. ‘Nei it ynferno begûn myn twadde libben.’ Se hat besocht har earste libben te ferjitten, mar dat biedt gjin oplossing. Dêrom is se no ‘dwaande de dingen op in rychje te setten, útelkoar te heljen, terrein werom te winnen, besykjend te begripen wat ik net begriep, de demontaazje en rekonstruksje fan in libben.’ Se wol it ferline fan har ôfskriuwe en boppedat har healbroer Boyen opspoare, dy’t se jierren lyn út it each ferlern hat. Dêrby hat se de help ynroppen fan Jan Baal, in eardere buertgenoat, de absolute good guy yn it boek, dy’t destiids Boyen fan de ferdrinkingsdea rêden hat, altyd in lústerjend ear foar de bern hie en der by harren âlders op oantrune om Mette en Boyen – mei syn finansjele stipe – nei de HBS yn Ljouwert te stjoeren. Jan Baal lêst Mette har manuskript en wit foar har it adres te efterheljen fan Boyen.

De haadfigueren yn it earste libben fan Mette binne har styfheit Herre Dou, har mem Frouke Wilbers, har healbroer Boyen en Paulus Vendt, har earste en grutste leafde. Al kiest Mette úteinlik, sa’t se sels oanjout, foar Paulus – de sintrale figuer dêr’t alles om draait, is it healbroerke, Boyen. Hy is it dy’t yn it ynferno de measte skea oprûn hat, skea dy’t ek letter noch trochwurket: hy hat opnommen west yn in ynrjochting, slikt noch alle dagen in hânfol medisinen en kin gjin Frysk – de taal fan syn frustraasje – mear oer de lippen krije.

As lyts jonkje is er yn it Kanaal fallen en mar krekt oan de ferdrinkingsdea ûntsnapt. Fan dy hast-dea-ûnderfining binne in pear bylden hingjen bleaun: in fûgel dy’t yn in fisk feroare en in bern, Boyen syn evenbyld. ‘It bern tusken de weagjende snilen woe Boyen net loslitte. My ek net.’ Boyen hâldt soms hiele petearen mei ‘it wetterbern’. ‘Ik ferwûndere my deroer dat der sa’n soad dingen bestean koene yn ’e ferbylding, sels koe ik dat net. Ik wie jaloersk op myn healbroer.’
Der is mear dêr’t Mette jaloersk op is. Dat Boyen klappen fan syn heit kriget – Boyen ferdielt se yn trije kategoryen: de foarklap, de sydklap en de achterklap – en sy net: ‘Wêrom ferkocht Herre mý noait ien? Hy liet my gewurde, ik wie net ien fan him. Net om út te stean, it wie krekt of wie ik net goed genôch.’ As Boyen in oare jonge fan him ôfslein hat en Herre dêr wakker grutsk op is: ‘… Herre syn lofprizings [stutsen] gatten yn myn gefoel fan eigenwearde, sa heech hie er my komselden’. As Boyen boksles fan Herre krijt: ‘Wêrom fûn Herre dat syn jonge in knokker wurde moast? En wêrom ik net? Hoegde ik my soms net steande te hâlden?’
As Boyen – tweintich jier letter – seit dat er frede hat mei de dingen – ‘Weet je, eigenlijk was het wel eerlijk zoals het ging. Heit was niet jouw vader, maar de mijne. Als er gestraft moest worden, hoorde ík de pineut te zijn…’ – is Mette har jaloerskens noch net kwyt: ‘As der ien wie dy’t mei de nekke oansjoen waard, dan wie ík it wol. Sa seach ik it teminsten. Dat Herre my altyd oan ’e kant skode, ik koe it net útstean… En no komsto my fertellen dat it allegear okee wie? Kom op, Boyen!’ En dat harren deminte mem noch wol Boyen syn namme flústeret, mar net harres, makket Mette poer: ‘Eagen sykje in doel. Har hân nimt in beslút en slacht ta. Hurd, ien kear.’

Is dy jaloerskens fan Mette eins wol terjochte? Of is Mette in ûnbetrouber, egoïstysk en egosintrysk kring? In snoade yntrigante dy’t de werklikheid fertekent en nei har hân set? Jan Baal, de eardere buertgenoat dy’t Mette har skriuwen begeliedt, set fandatoangeande ek syn fraachtekens en ropt Mette ta de oarder: ‘Ik ha no in moai stik fan dyn skriuwerij ûnder eagen hân. En Mette, ik freegje my ôf: bist altyd te fertrouwen?’ Jan Baal is derachter kaam dat Mette har âlders en har broer by de poat hân hat sûnder dat dy it wisten. ‘Dêrmei is dyn ferhaal driuwsân. Wêr nimst noch mear in loopke mei de wierheid? En wat wiest no werklik fan doel mei Boyen? Oanlûke en ôfstjitte? Mette, ast werklik oars wolst, dan moatst ek oer sokke dingen iepen wêze. Miskien wurdt it tiid dyn eigen hâlden en dragen ris te hifkjen.’

Is negeard te wurden slimmer as oan ientriedwei fernedere en tramtearre, lykas Boyen? Troch syn heit, troch Paulus Vendt en syn maten, troch de oare jonges, troch de badmeester. Altyd en ivich only the lonely. Wylst Mette freondinnen by de rûs hie, har mantsje(s) stie, as freondinne útferkard waard troch Paulus Vendt, de kening fan de buert. Har wol altyd skuldich fiele, mar noait in helpende of sels mar in treastende hân útstekke: ‘Ik hie oanstriid en gean nei him ta. Mar ik hold my yn. En dat is krekt sa’t wy it altyd diene: wy holden ús yn, lieten ús net yn ’e kaart sjen en keazen as it derop oan kaam foar ússels.’ Mei dat ‘wy’ skoot Mette de ferantwurdlikheid foar in part ôf op oaren en dat is typearjend: ta in werklik grut gebeart is hja net by steat. Dat moat – by einbeslút – fan Boyen komme: ‘Droech wjerkeatst de klets yn de romte, ferstuivere sjocht Boyen har oan wylst er oer it pynlik wang wriuwt. Se krimpt ynelkoar, de hân foar de mûle. Nei in ivichheid bûcht Boyen him oar har hinne en tutet har op de foarholle. Dan lûkt er har oerein. “Kom, we moeten gaan…”

Tiemersma syn earste boek is oer it algemien tige posityf ûntfongen. Hy wûn dêrmei ek noch de Rink van der Velde-priis. It koe dus net op. Nei sa’n himmelhochjauchzend wolkom is de toansetting fan de resinsinten by it twadde boek faak wat suniger. De ferrassing is derôf, men wit wat men – miskien – ferwachtsje kin en it is de fraach oft de skriuwer dy ‘belofte’ wiermeitsje sil. Is Koos Tiemersma dêryn slagge?
Sels rôp ik destiids ek wakker jûchhei. Neffens de flaptekst fan De ljedder is dat boek skreaun ‘yn in folslein eigen styl, fol poëtyske bylden, djipsinnich en humoristysk tagelyk.’ Dêrmei wie gjin wurd tefolle sein, fûn ik doe.

En noch. En wer.

Koos Tiemersma, De mjitte. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2004. 264 siden;

Earder ferskynd yn de Moanne 4 (2005) 2 (maart), s. 49-51.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.