‘De Kommune’ as iepenloftspul yn Snakkerbuorren

Publisearre op 13 juni 2023

Woansdei 28 juny is op de Doarpstún yn Snakkerbuorren de premjêre fan iepenloftspulDe Kommune’  (‘Kollektivet’) fan Thomas Vinterberg en Mogens Rukov út Denemarken. Vinterberg – ek bekend fan’ Festen’ en ‘Jagten’ – hat it stik yn 2016 ferfilme.

As Erik de filla fan syn âlden erft, wol er dy sa gau mooglik ferkeapje. De oantinkens oan de jierren dy’t er as bern yn dat grutte hûs trochbrocht, binne him noch altyd in grouwel. Syn frou Anna sjocht oare mooglikheden: it enoarme ûnderkommen is foarbestimd om mear minsken in thús te bieden, minsken mei deselde dreamen en idealen. It duorret net lang of der der ûntstiet in hechte mienskip dy’t oanfielt as eigen famylje.

Alles feroaret as Erik ferlyfd wurdt op in jonge studinte en ek sy in plakje krijt yn de kommune. De dream dy’t se mei elkoar dielden, krijt stadichoan de foarm fan in nachtmerje.

Bouke Oldenhof hat it stik – in komysk drama – oerset yn it Frysk. Brecht Wassenaar docht, krekt as yn 2022, de regy.

De foarstellingen binne op 28 en 30 juny en op 1, 4, 6, 7 en 8 july. Oanfang: 21.00 oere.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]

  • MARITA DE JONG  - Akteur Freark Smink is yn 1948 berne yn Sondel. Hy hat 15 jier as akteur ferbûn west oan it toanielselskip Tryater. [...]

  • Kategory: Resinsje,Teater

    SOPHIE TEKELENBURG - ------------------------------------------------------------------------------------------------------------ Van: Sophie Tekelenburg Aan: redactie de Moanne Datum: 28 april 2004 Onderwerp: “Yerma” van Tryater ------------------------------------------------------------------------------------------------------------- Beste redactie, Yerma, van de [...]