De kloklieder fan Nij Daam
Publisearre op 24 augustus 2013
Startdatum: 24 augustus 2013
Eindatum: 21 septimber 2013
Lokaasje: de notaristûn
Plak: Jorwert
Kaarten: de kaartferkeap (€ 21,- it stik) set útein op sneon 1 juny op www.iepenloftspuljorwert.nl.
Yn 1953 waard yn it lytse Fryske doarpke Jorwert in iepenloftspul organisearre. Mei dit iepenloftspul, ‘De Klokken fan Jorwert’, waard elkenien betanke dy’t (finansjeel) holpen hie de toer fan de Jorwerter tsjerke wer op te bouwen nei’t dy yn 1951 nei ûnderen kaam wie. Notaris Van der Hem stelde genereus syn tún ta beskikking, net wittende dat ek syn soan 60 jier letter de helte fan syn tún de helte fan jier ‘kwyt’ is oan it Iepenloftspul…
Yn 2013 fiert it Iepenloftspul fan Jorwert har 60-jierrich jubileum mei it stik ‘De Kloklieder fan Nij Daam’; in stik dat rûkt oan it ferline, mar priuwt nei it hjoeddeistige Iepenloftspul Jorwert. It stik past yn de no populêre rige Skandinavyske trillers: ûnderhûdse spanning, moard en geheimen.
Kategory
Tags
Gjin tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Door de Nederlandse straten klinken melancholieke melodieën, een Russische straatmuzikant verdient zijn brood. Zijn talent blijft niet onopgemerkt. Gestaag beklimt hij de ladder van succes. [...]
Kategory: Aginda,Literatuer
Tresoar organiseert op 28 januari een middag over Harmen Wind, overleden op 1 oktober 2010, die bedoeld is als tribuut aan deze belangrijke dichter, schrijver [...]
Kategory: Aginda,Byldzjende keunst
Euf Lindeboom: schilderijen, grafiek en mobiele beelden, solo expositie van 5 februari t/m 13 maart 2011 Opening op zondag 6 februari 16.00 uur door Saskia [...]