De glysterinetriennen fan it Kristendom

JOSSE DE HAAN – 

Op side 191 fan syn nije roman Regaad yn ’e himel skriuwt Steven Sterk: ‘swit lei him (Petrus) yn Man Ray-dripkes op ’e foarholle (…) mar doe, by de tredde kear (tsjoenen) rûgelen der ynienen tûzenen pearels út ’e loft.’ Op side 6 hat Sterk al warskôge: ‘(oare) yntertekstuele ferwizings binne ornearre foar de goede fersteander.’

Dy ferwizings ‘foar de goede fersteander’ ha te krijen mei polityk, mei sensuer, mei literatuer, mei keunst en uteraard mei de religys (foaral de kristlike) dy’t freegje om spotsk satirysk kommentaar dêr’t se yn har bombastyske retoryk en arrogânsje noch altiten miene dat se oarstinkenden de wet foarskriuwe kinne en as it heal kin ûnderdrukke. De yndirekte moard troch de Roomske (kristlike) tsjerke op miljoenen aidspasjinten is der in goed foarbyld fan. De striid fan de Bush-wasps tsjin de ûnleauwige hûnen fan de islam in oar sterk foarbyld. Dêrby fergelike binne de oanslaggen fan Al Queda bagatels. Dat yntertekstueel prosedee fan de skriuwer makket dizze roman (dit essay?, dizze dokumintêre?) lêsber op ûnderskate nivo’s.

It ferhaaltsje fan de fûnemintalist-haadpersoan Andrys van der Keur koene wy al. It binne de maatskippij-krityske eleminten yn dit boek – set yn in heel persoanlik kader, en ferfrissele yn it narrative ferhaal, dêr’t keunst en literatuer in wichtige rol spylje – dy’t dizze roman spesjaal meitsje.

Sterk boartet mei de religieuze (glyserine=falske) gefoelens fan de psalmsjongers. Sterker, hy stekt se iepentlik de gek oan. Andrys (Knevel) mei it Keur(ige)merk is de ferpersoanliking fan al dy autoritêre bidders – ek hjoed de dei noch – dy’t miene dat har geloofsfiksje boppe de minsklike en literêre echte fiksje stiet.

 

Man Ray’s pearels
Meidat dizze roman ien grutte metafoar (parabel) foar it autokratyske leauwe neamd wurde kin, passe de ferwizings naadleas yn it ferhaal – sterker, se drage de stoarje dy’t op himsels neat nijs bringt.

It yntrodusearjen fan Man Ray-dripkes op ’e foarholle fan Petrus, en de tûzenen pearels, jout oan dat de wrâld fan Man Ray en syn kollega’s earder it echte (genotfolle) libben werjout as dat fan de haadpersoan Andrys, waans filosofy nau ferbûn is mei it ynfalide tinken fan bygelyks de oan him besibbe wasp-lju (White Anglo Saxon Protestants). Man Ray stiet foar it frije tinken, foar de keunst, foar it geniet. Syn freon ‘ready-made’ maat Marcel Duchamp neamde him net om ’e nocht de man fan joie, jouer et jouir (wille, boartsjen en genotterjen).

Man Ray wie yn ’t foarste plak fotograaf en hearde by de groep dadaïsten, surrealisten en oare fernijers dy’t de wearden en de boargerlike noarmen fan de Belle Epoque op ’e kop setten. Om sensuer en/of morele en etyske feroardielingen foar te kommen brûkte Ray foar syn neakenfoto’s glyserine dat op de lins smard waard. Dêrtroch ûntstiene prachtige ympresjonistyske foto’s.

Ien foto fan syn model Kiki de Montparnasse is wrâldbekend wurden – Les Larmes – 1932, mei de twa grutte glyserinetriennen dy’t út in each fan it model drippe. Op lettere foto’s binne se fan glês. De ûnechte folslein artifisjele triennen hiene de gek mei de hele romantyske bourgoiskultuer, ek mei de sentimintele filmtriennen op it swart-wite doek.

De switdrippen fan Petrus en de foar ’t ljocht tsjoende pearels (dy’t Andrys van der Keur brûkt as betelmiddel!) referearje oan de yndrukwekkende foto fan Man Ray en oan de tiid (1916-1940) doe’t keunstners fan ûnderskate dissiplines de religyfanaten streekrjocht yn ’t krús taasten, omdat dy alles ferbiede woene wat neffens har ûnfatsoenlik wie en sedebedjerrend. Feitliken de krityske keunst. De keunstners brûkten ûnechte materialen en kitscheleminten om de echte boargerkitsch foar ’t ljocht te heljen en de fatsoensrakkerts it masker ôf te strûpen. Religy wie allinne mar glyserine.

Regaad yn ’e himel skrabet de ferknipte tinkwize fan Van der Keur en konsorten skjin oant de bonken, dat oerbliuwe allinne noch bleat eigenbelang, autoritêr machtstinken, arrogant superioriteitsgefoel en kristlike heechmoed. Van der Keur wol de himel reorganisearje sa’t de wite neo-konservativen ûnder lieding fan de USA de wrâld werskikke wolle. Yn dat opsicht is it bekende ferhaaltsje oer Andrys van der Keur ek helendal aktueel. Man Ray en syn maten fersetten har as keunstners tsjin de reaksjonêre boerzoisy yn de jierren tweintich en tritich fan de foarige ieu. It liket dat de hjoeddeiske boerzoisy – de fette middenklasse neamt Henk Hofland dat – foar master opslacht. Ek keunstners kollaborearje mei it systeem en binne dêrtroch kritykleaze meirinners, konsumpsjedoazen en applausmasines wurden.

 

Earwraak yn de arena
In twadde ynteressante yntertekstuele ferwizing stiet op side 18. Haadpersoan Andrys van der Keur – ús Keurige Knevel – giet op de fûst mei de dûmny dy’t er in weiten hin fynt – in griemer dy’t it leauwe besmoarget mei syn tolerante hâlding.

De steile kristlike Van der Keur hat sa njonkelytsen mei elk rûzje – mei syn bern, mei it doarp en sels de tsjerkerie sit mei him yn ’e mage. Yn goed trettjin siden Prolooch skilderet Sterk in âldferwetske izerfretter dy’t de bibel út de holle ken en op elke opmerking antwurdet mei in yn syn eagen tapaslike bibeltekst. De skriuwer tekenet skerpsatirysk in kristenfûnemintalist, dêr’t radikale moslims noch wat fan leare kinne. Yn de ultrakristlikrjochtse steaten fan Amearika rinne sokken noch yn it wyld.

De (jonge) dûmny bringt him in besite en stelt út dat Van der Keur him net mear beskikber stelt foar de tsjerkerie – de eare oan himsels hâlde en in nederlaach tefoaren komme is it devys. De dûmny krijt in âlderwetske hel-, skel- en ferdommenispreek oer him hinne, dy’t sterk liket op dy fan de anty-abortus- en anty-homofanaten yn Amearika en Rome.

Op it lêst kin de dûmny der tusken komme mei in snedige bibeltekst, en ûntstiet der in gefjocht op it skerpst fan de bibelútlizzerij. Sterk hat hjir in masterlike demagogyskstjonkende dialooch skreaun dêr’t de twa opponinten elkoar, lykas yn in bollegefjocht – mar hjir mei wurden – besykje te killen: yntolerant, giftich, wraaksuchtich, moardsuchtich. Se rûke beide bloed. Van der Keur wol earwraak, syn wrâld is swier misledige.

Mei syn lêste oanfal krijt Van der Keur in oerwinnersgefoel – hy set Hindrik Algra kontra de lêzers fan Romeinen 6:15-23 yn de arena. Dûmny kin der allinne mar Fedde Schurer foaroer sette – De Tsjerne 1964, side 283, Spoek-by-de-Earte, lêste sin. Mei it ynfieren fan dy twa moraalridders hat Sterk de diskusje nei de literatuer ferpleatst, en tagelyk oanjûn dat de aktuele petearen oer sensuer, de frijheid fan it wurd en de frijheid fan de keunstner (c.q. skriuwer) fan alle tiden is. Andrys van der Keur: ‘der kaam by my gjin ûnkristlik stikje proaza yn ’e hûs’ (s. 13).

 

Dêr’t literatuer ferbean wurdt, wurde minsken ferbean
De yntroduksje fan Hindrik Algra en Fedde Schurer yn dizze roman leit yn it ferlingde fan de Man Ray-dripkes en -pearels. (Fûneminteel/radikaal) kristendom ferspijt keunst, frijheid fan miening en foaral skriuwers. Algra en Schurer wiene dêr wichtige eksponinten fan. Fan dy twa wie Hindrik Algra de meast rabiate fûnemintalist – Andrys van der Keur is him sa út de bek stapt. Mar ek Schurer spile net swak by: ‘[H]et is ongetwijfeld belangrijk dat Van het Reve homoseksueel is, maar als homoseksueel ben je nog geen schrijver’. (Vrij Nederland, 24 oktober 1964). Beide, Algra en Schurer, seagen yn Op weg naar het einde fan Van het Reve it begjin fan Sodom en Gomorra. Veenbaas hat de novelle fan Benny Holtrop, ‘Gomorra’ (boekewikegeskink fan 1999), op deselde wize as Algra en Schurer diene mei Van het Reve kapotskreaun. Tritich jier letter! Holtrop hie de resinsint yn syn leauwe misledige…

Hindrik Algra stelde op 7 maaie 1964 keamerfragen oer Op weg naar het einde. Hy sei dat it boek ‘propaganda wie foar homoseksualiteit yn in terroristyske foarm’. It boek soe ‘de geastlike sûnens fergiftigje’. Algra besocht Van het Reve kapot te krijen. It beruchte ‘Ezelsproses’ wie it gefolch. Troch de grutte publisiteit oer dat fenomeen fan kristlike sensuer koe de skriuwer ‘Huize Het Gras’ keapje yn Greonterp. De skriuwer wûn it proses yn tredde ynstânsje en waard frijsprutsen fan godslestering.

Op 10 maaie 1966 hâlde Algra op ’e nij in rede yn de Earste keamer, no tsjin de moderne literatuer, en foaral tsjin subsydzje foar dy literatuer. It wie sa slim dat sels it ‘Bûn fan Fryske keunstners’ – normaliter apatysk en konservatyf – in iepenbier protest hearre liet, meidat de oanfal fan Algra ‘in oantaasting is fan de frije en ûnbehindere uting fan de artistike persoanlikheid’. Algra krige gjin poat oan de grûn. De hele literêre (en keunst)wrâld gong achter Van het Reve stean – stridend foar it frije wurd (ynklusyf godslestering, beledigjen, satire en spot).

Wat Algra net slagget, berikt Fedde Schurer al: syn rabiate haat tsjin skriuwende homoseksuelen hat gjin effekt, mar syn kapotskriuwen fan de lytse roman Leafdedea fan Homme Eernstma (Feije Sixma van Heemstra) yn 1964 hat ta gefolch dat it boek sawat deaswijd wurdt. De lêste sin fan it skelstik fan Schurer is (Sterk doelt dêrop): ‘in fierdere analyse fan dit wurdbraeksel lit ik graach oan ‘e pathologen oer’. Schurer is op eigen terrein, en… it spilet yn Fryslân dêr’t it konservatisme doe de macht yn ’e hannen hie. En miskyn noch wol. As Schurer in skriuwer gek en siik ferklearre, moast it wol wier wêze.

Dy karaktermoard op in skriuwer troch Schurer koe pas tritich jier letter rjochtset wurde: yn 1994 ferskynde de twadde printinge fan Leafdedea en waard Van Heemstra rehabilitearre. De resepsje wie goed; der waard sels skreaun fan in ‘korrisearre byld fan de Fryske literatuer’. Yn 1997 is ‘dit wurdbraeksel’ yn it Frânsk ferskynd.

 

Aktuele roman
Steven Sterk hat in tige aktuele roman skreaun dy’t troch de yntertekstuele ferwizings (der binne noch ûnderskate mear as dy’t ik beskreaun haw) it boek yn de hjoeddeiske diskusje set – de opkomst fan de neo-konservative krêften dy’t wer sensuer útoefenje wolle en de keunst kontrolearje. Dy krêften hoege net perfoarst direkt-religieus te wêzen, mar manifestearje har wol op deselde wize as eartiids de Van der Keuren, Algra’s en Schurers. Lit ús sizze it werbernjen fan de âlde wyn yn de nije wearden – en noarmesekken fan Balkenende, cs – in oerpakesizzer fan boppeneamde kristlike fûnemintalisten. De op de Grutgermaan Kiestra (út de brune 30’er jierren) en konsorten geilende âldere jongere skriuwers slute hjir naadleas by oan.

It romanferhaal yn Regaad yn ‘e himel is ûndergeskikt oan de ideeën – it ferhaaltsje is net mear as in kapstok. Of, sa’t Jetske Bilker skriuwt op Farsk: ‘Andrys set troch’, mei oare wurden, in feredele jongesferhaal op it nivo fan Aap, Noot, Mies. Gelokkich is Sterk yn tsjinstelling ta wat Bilker begripe koe fierder gongen as dy kapstok. It is in ideeëroman dy’t bygelyks oanjout dat moslims yn de eagen fan de kristenhaadpersoan allinne mar neuke, frette en hoerearje – en dêrmei alle noarmen en wearden fan de westerske maatskippij besmoargjend. Froulju steane yn de hiërargy op deselde hichte as de geiten (sjoch ek Van Gogh oer syn geiten, en Riemersma yn in resinte kollum yn de LC oer de kristengeiten dy’t sa’n soad op dy moslimgeiten lykje). De geit, de ko fan de arbeider eartiids, wurdt wer populêr.

Regaad yn ’e himel giet oer wearden, moraal, etyk, mar ek oer fûnemintalisme, dogmatisme, radikalisme en sensuer. Yn ’t koart sein oer de frijheid fan de mins om mins te wêzen. Dat easket in iepen diskusje en de grutste frijheid fan mieningsutering dy’t der mar bestean kin. As ik dan lês op Farsk (dat dy frijheid op nul set hat) of op de plakferfanger, dat op in iepen poadium net flokt wurde mei, net misledige, net kotst, net provosearre, gjin skellerij thúsheart, gjin eksibisjonisme plak fine mei, gjin satire winske is, net bespot wurde mei en ek godslestering tabû is, en mear fan soksoarte neo-konservatyf âldwivepraat, dan freegje ik my echt ôf yn hokker autoritêre 19e-ieuske represjesteat wy libje. As soene der gjin rjochtbanken bestean dy’t eventuele ûntspoaringen opromje en korrisjearje kinne.

Yn literêre tydskriften hawwe al desennialang skriuwers gjin blêd foar de bek nommen. De literatuer is it frijplak foar skriuwers en oare gekken. De nar is der om de koaning de wierheid te sizzen, gekjeiend-satirysk en spotsk sûnder dat it him daalk de kop kostet. Jo binne in literêr tydskrift, of jo binne it net.

Der wurdt altiten skreaun oer it tolerante Nederlân. Sterk syn roman wiist op de sâltsoerbitende yntolerânsje, op de al ieuwenlang besteande apartheid dy’t it goede (it kristendom) sa presys fan it kweade (de rest) ûnderskiede koe, mar no troch de groeiende ynfaazje fan noch sa’n har selektfielende groep yn ’e problemen komt. Oan beide kanten tinkt men dat bekbinen en frijheid beheinen de oplossingen bringe. Yn Sterk syn roman binne de woartels fan it konflikt te finen. It is in tige engazjearre roman. Foar de goeie fersteander uteraard – de skriuwer sei it al.

 

Steven Sterk, Regaad yn ’e himel. Bornmeer, Ljouwert, 2004. 287 siden; €13,50.

 

Dit stik stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 4, 2005

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.