De Frouwepenje: moard moat men mei moard kuolje

SJOERD BOTTEMA – 

Bremer en Hoekstra: yn kapitale letters steane de nammen fan de skriuwers op it omslach fan De Frouwepenje. Blykber sjocht de útjouwer dy nammen as in hannelsmerk en hat er minder fidúsje yn de titel, want dêr moat de lêsbril by. Dy titel sit ek net folle rook of smaak oan en komt op it earste gesicht wat nuver oer, al hielendal foar in boek fan taalpuristen as Bremer en Hoekstra, fanwege dat ‘frouwe’ dat der útsjocht as in Frysk ‘modernisme’ (mar dat fansels net is: it giet hjir nammentlik net om in ‘frouljuspenje’ mar om in penje mei de byltenis fan Maria, ‘ús Leaffrouwe’). De achterkant fan it omslach sjocht der trouwens in stik oantrekliker út as de foarkant.

Dy foarkant koe ik net folle fan meitsje: in ôfbylding fan hals en boppeliif fan in frou miskien, mar it kin om my ek wol gean om in echo of röntgenfoto fan ûnbestimde ynwindige organen. De achterkant fan it boek pronket mei de ôfbylding fan in side út in fraai fersierd Aldfrysk hânskrift. De ûntwerper fan it omslach is neffens it kolofon Jelle F. Post, mar om hokker hânskrift it giet op it achteromslach wurdt men net gewaar. Ik ha my fertelle litten dat útjouwerij Bornmeer, ûnder waans flagge De Frouwepenje útbrocht is, oernommen is troch Steven Sterk, de útjouwer fan Asega, is het dingtijd? Hoogtepunten uit de Oudfriese tekstoverlevering, en it die my dan ek gjin nij dat deselde ôfbylding ek te finen is yn dy útjefte, yn de ôfdieling Bronnen in beeld II en dêr docht bliken dat it giet om in side út de earste Fryske ynkunabel, bekend wurden ûnder de namme Druk en printe yn 1484-1486.

 

Bremer en Hoekstra: in hannelsmerk dat ferwachtingen wekt.

 

Bremer en Hoekstra: in hannelsmerk dat ferwachtingen wekt. De ferhalen oer hear Bommel en Tom Poes binne yn de Fryske oersetting fan Harke Bremer en Jarich Hoekstra ommers hast noch moaier as yn de orizjinele ferzy. It prachtige âldfrinzige Frysk fan Bremer en Hoekstra slút perfekt oan by it argayske Nederlânsk fan Marten Toonder en ek by syn nostalgyske tekenstyl: Rommeldam is in âld stedsje, de muorren fan de huzen skeane skeef fan âlderdom, it tilt dêr op fan de smelle strjitsjes en steechjes, yn de omkriten fan it stedsje gloaie de heuvels en kronkelje de wegen en yn it Donkere Bomenbos slommet tusken de ieuwenâlde beammen in magyske oerwrâld. Troch de iroanyske toan, de karikaturale personaazjes en de royale slapstick krijt de argayske styl wat komyks, op in hiel eigen en aparte wize.

De kombinaasje fan gekjeiend lichtfuottich en stimmich âlderwetsk wurket ek poerbêst yn Bremer en Hoekstra harren roman Hâld faasje, oer de mislearre biologylearaar Havermans dy’t mei it fertellen fan healwize bistefabels de oarder yn syn lessen, of wat dêr noch fan oer is, besiket te rêden.

‘Morth mot ma mith morthe kela’ is it motto fan De Frouwepenje: ‘Moard moat men mei moard kuolje’, in rigel út de 16e kêst fan de Aldfryske 17 kêsten. Yn dy 16e kêst wurdt mei it twadde ‘moard’ trouwens de deastraf bedoeld en net in nije moard om de earste te wreken, lykas yn De Frouwepenje. De 17 kêsten binne te finen yn Oebele Vries syn mânske blomlêzing fan hichtepunten út de Aldfryske tekstoerlevering, it hjir al earder neamde Asega, is het dingtijd? Yn dy Aldfryske wetsteksten lêst men soms ferbjusterjende dingen. Sa stiet yn deselde 16e kêst dêr’t it motto fan De Frouwepenje oan ûntliend is, in moai foarbyld fan klassejustysje ûnder de ‘frije’ Friezen: in dief moat, as er gjin jild hat, ophongen wurde.

De setting yn De Frouwepenje is it let-midsieuske Fryslân út de tiid fan de Fryske Frijheid, doe’t de Fryske ‘seelannen’ in gebiet besloegen, dêr’t behalve de tsjintwurdige provinsje Fryslân ek Grinslân en it Dútske Ost-Friesland by hearden. Dy ‘seelannen’ foarmen net in steatkundige ienheid, mar gongen elk har eigen gong, al is yn de 14e ieu wol besocht om ta ûnderlinge gearwurking en stipe te kommen yn in soarte fan federaasje, it saneamde ‘bûn fan de Opstalsbeam’.

Krekt yn dy tiid spilet De Frouwepenje. Sa sydlings komt de lêzer wol wat te witten fan wat der spile yn de Fryslannen fan 1323, mar De Frouwepenje is yn ’t foarste plak in detectiveroman, mei ‘broer’ Nanne, de riedsman fan abbet Lolle fan it kleaster Blomkamp, yn de rol fan speurder. Op it kleaster Ilo, yn ’e omkriten fan Aurich, binne geastliken út de sân Fryske seelannen byinoar kommen om te praten oer it advys dat se útbringe sille oan de ôffurdigen fan ’e Opstalsbeam oer de fernijing fan it bûn. Dêr is om fersocht troch de Westerlauwerske Fryslannen (it tsjintwurdige Fryslân) fanwege de driging fan in ynfal troch greve Willem fan West-Fryslân (= Noard-Hollân) yn Westergoa en Eastergoa.

Der is gjin ienriedichheid. De Easterlauwerske Fryslannen (= Grinslân en Ost-Friesland) ferwite Westergoa en Eastergoa dat dy har earder nea net folle om ’e Opstalsbeam bekroade ha. It oerlis wurdt wreed fersteurd troch de moard op de soan fan ien fan de Easterlauwerske ôffurdigen. Dat is trouwens net de earste moard yn it boek. En ek net de lêste. Al daliks yn it earste haadstik komt, alhiel neffens de reseptuer fan de detektiveroman, in lyk boppedriuwen, it lichem fan in jonge frou, yn in sleatswâl yn ’e omkriten fan Aurich, dêr’t it fûn wurdt troch ien fan de wurklju dy’t dwaande wiene mei it útmeanen fan ’e sleatswâlen. Dy deade frou hat grif wat te krijen mei de twadde moard, oars soe it boek der net mei begûn wêze, tinkt de lêzer terjochte. En de tredde moard stiet nei alle gedachten ek net los fan de twadde: de deade is in freon fan it slachtoffer fan de twadde moard. It echte speurwurk kin no begjinne.

De karakters binne frijwat houterich en rjochtlinich: in bangeskiterige dogeneat (abbet Okke), in pastoar mei it ien en oar achter de earmtakke (hear Inne), in útbluste âlde freon (Tsjaard), in grutske en opljeppen jongfeint (Reimer), in ferbittere bidler (Wobbe), in falske ferrieder (Sibe fan Wognum). Utsûndering op dy rjochtút-rjochtoan regel en dêrtroch it boeiendste personaazje, is Frouke Wiarda, de frou fan Nanne syn freon Tsjaard. Har hâlden en dragen hat ûnferwachte kanten, weardich draacht se har tragysk lot, mar ûnder it oerflak fan dat kâlde en stille wetter brûst en siedt it. Broer Nanne is der suver wat mei oan:

 

‘Frouke fernaam dat er der mei oan wie. Se krige de weefspoel wer op en sei: “Sjuchris, dizze trie.” Wûpsty fleach it houtsje hinne en wer. “Hy wurdt ienris troch de skearing sketten en ear’t er der euvelmoed yn hat, sit er fêst beweefd yn ’t doek.” Mei in pear rimpene halen helle se de kaam troch de opgeande triedden. “Sa giet it ús ommers ek. Wy binne fêst oan ús neisten ferbûn en wy kinne ús net mear fan har losmeitsje. Of…” Se raamde de skjirre en snapte nei ’t web.

“Net dwaan!” Nanne griep har by de pols. “Sa makkest alles stikken!”

Frouke glimke en liet har sûnder ferwar de skjirre ôfkrije.’

De fêste yngrediïnten – of, as men wol: klisjees – fan ‘de’ speurdersroman binne ek oanwêzich yn De Frouwepenje: mear as ien fertochte en úteinlik in dieder dy’t út in hiele oare, ûnferwachtse hoeke komt, geheimen út it ferline dy’t har skaad smite oer it hjoed en it no, in opbloeiende mar ûnmooglike leafde tusken de speurder en in moaie frou, de skerpe blik fan de fêsthâldende speurder – in echte ‘lone wolf’ dy’t in dramatysk ferline meitôget – en de koartsichtige ynterpretaasjes en konklúzjes fan it omsittend laach. Fertroud foar de lêzers fan it eardere wurk fan Bremer en Hoekstra is ek harren jargon: “Hy sloech de seine yn ’e stannen en lei in breed swee del”, “it njoere balten fan ’e reiddomp”, “De jongfeint wie by de lêste sleat oankommen dy’t him noch fan ’e mieren skate”, “Hy skrille op út syn tinzen troch in neare flok”, “[hy] stoarre ferheistere foardel”, “De wâlmeander stie yn ’t gat beneile mei de fûsten stiif om ’t fiem”, “[hy] wie op it trelit yndachtich wurden” ensfh., ensfh.

Wat ûntbrekt, is dy foar Bremer en Hoekstra oars sa typearjende spanning tusken foarm en ynhâld, in kontrast dat tagelyk in symbioaze ynhâldt, tusken it kakkineuze Frysk en it karikaturale ferhaal, tusken stimmich en oerdwealsk, tsjinpoalen dy’t de ‘smaakmakers’ binne fan harren oar wurk. Fandatoangeande is De Frouwepenje wat in teloarstelling, hoe ûnderhâldend en sfearfol oars ek. Men kin it ek oars sizze: De Frouwepenje is in spannende detektiveroman mei in beskieden en evenredige, sympatike en tragyske speurder, mei in bûnt ferskaat fan nijsgjirrige byfigueren, sfearryk en ryk fan taal, mei in bysûndere setting, mei op de keap ta in moai ferstille frouljusportret, mei in subtile oantsjutting fan stil lôgjend fjoer, mei in ferrassende ûntknoping – ja, wat wol men eins noch mear?

Harke Bremer & Jarich Hoekstra De Frouwepenje. Utjouwerij Bornmeer, Gerdyk 2009. € 15,00.

 

Earder ferskynd yn de Moanne 2009, nr 4 maaie, s. 36-37

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.