De Friezen: hynders en seelju

Publisearre op 22 mei 2014

GERBEN DE VRIES –

Lêsten, yn jannewaris dit jier, wie Dan Brown op besite yn Fryslân. De ferneamde skriuwer fan boeken as De Da Vinci Code, Het Bernini Mysterie en Inferno, de Nederlânske oersetting, is sljocht op it Frysk hynder, hat der thús in stik as sân fan omrinnen en de bêste man wie útnoege foar in hynstekeuring fan Het Friesch Paarden-Stamboek yn it heitelân fan de ‘happe’s’.

Ik bin der net grutsk op, mar ik haw boppesteande trije titels fan de hear Brown ek lêzen. Ik haw der net in soad wille oan belibbe, want de yntriizjes binne te simpel en de styl is domwei te swak. Sa meitsje de kriminelen yn alle trije boeken riedsels dy’t presys op de ekspertize fan professor Robert Langdon oanslute. Tafal? Nee, fansels net. It moat foaral demonstrearje hoe tûk en bewittenskippe menear Langdon en dus Dan Brown is.

Mar ach, ek omdat it in hype wie, woe ik De da Vinci Code lêze, Het Bernini Mysterie om’t it yn Rome spile en Inferno om’t der in sêne yn Istanbul yn siet. Ta myn ferrassing stie der yn Inferno ek wat oer Fryslân en it Fryske hynder. Neffens de skriuwer wiene de brûnzen hynders fan de San Marco yn Venezia út de fjirde ieu al Frysk hynders. Ik kin my fersinne, mar ik tocht net dat Het Friesch Paarden-Stamboek yn dy tiid al bestie. Brown giet fan de hynders oer nei de provinsje. Neffens him benammen it bertelân fan ferneamde minsken as Mata Hari en Escher. Dat sil er fan Wikipedia hawwe, want hy hie ek Jasper S. of Alma Tadema neame kind, ek in krimineel en in keunstner.

‘Door mijn langdurige ervaring met de Friezen had ik voldoende zelfvertrouwen opgedaan om de eerste dagen zijn gereserveerde, korzelige gezelschap te verdragen.’

Hawar, dit is in lange oanrin op wêr’t ik eins oer skriuwe woe. Dan Brown is fansels net de earste bûtenlanske skriuwer dy’t oer Fryslân of syn ynwenners skriuwt, al binne se der net in soad. No hie’k hope, foar myn stikje, dat de lêstlyn ferstoarne Kolombiaanske skriuwer Gabriel Garcia Márquez (1927-2014) ek wat oer Fryslân of de Friezen skreaun hie, mar dêr koe’k sa gau neat oer fine. It skeat my doe lykwols yn’t sin dat syn lângenoat en freon Alvaro Mutis (1923-2013), ek krekt dea en ek frij âld wurden, dat wol dien hie. In skriuwer dy’t in soad oer it seemanslibben skreau en ferlike wurde kin mei auteurs as Joseph Conrad en Patrick O’Brian. Ik hie it boek sa’n tweintich jier lyn lêzen, dat it wie eefkes sykjen, mar ik ha de passaazje fûn. Syn boeken spylje faak yn havensteden, geane oer de see en oer it fertellen fan ferhalen. Yn dy snuorje komt er yn Ilona komt met de regen, in Nederlanner tsjin.

Cornelius hjit de man, lyts en grou, smoket ynferieure piiptabak en is wat erchtinkend. Dan skriuwt Mutis wat nuveraardichs. ‘Ik heb al beschreven hoe zijn eerste reactie op mij was. Door mijn langdurige ervaring met de Friezen had ik voldoende zelfvertrouwen opgedaan om de eerste dagen zijn gereserveerde, korzelige gezelschap te verdragen.’ Dy komt oan, dêr kinne wy it mei dwaan! No is de ik-persoan in seeman, dat dat sil wol de reden wêze dat er faker mei Friezen yn de kunde kaam. Lange tiid wie Fryslân in eksportnaasje fan ûnderwizers, plysjemannen en seelju. Mar dochs, de typearring is sterk en de measte Nederlanners sille him ek no noch ûnderskriuwe. Moai is ek dat de ik-ferteller oars gjin ferskil makket tusket Nederlanners en Friezen, beide binne yn ’t earstoan reservearre en brimstich.

Dat lêste herinnere ik my net fan de earste kear dat ik it boek lies. Wol dat it my doe ek al fenuvere dat in Súd-Amearikaansk skriuwer ‘de Friezen’ sûnder ienige ferklearring opfiert. Ik kin my net yntinke dat in lêzer út Kolombia of desnoads Meksiko of Sjili wit dat Friezen ek Nederlanners binne. Alvaro Mutis hat dan wol yn België wenne, mar dat wie yn it doe noch Frânsktalige Brussel oant syn alfde jier. Dat kin dus ek net de reden wêze dat er Friezen koe. Dochs moat de auteur heard of lêzen ha oer it karakter fan ‘de Friezen’, dat kin net oars. Yn de tiid dat er dit boek publisearre (1988), wie der noch gjin ynternet. En ik tink ek net dat Mutis, lykas Dan Brown, fia it Fryske hynder by ‘de Friezen’ yn dy Nederlânske provinsje kommen is. Guon mystearjes kinne miskien better mystearjes bliuwe.

Ilona komt met de regen, Álvaro Mutis Jaramillo. Uitgeverij Bakker, 1997, 108 siden.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels