De folkshegeskoalle en de Kameleon

GERBEN DE VRIES – 

Mei sa’n 15 miljoen boeken oer De Kameleon is Hotze de Roos sûnder mis de bêst ferkochte skriuwer fan Nederlân. Ferjit Annie MG of Dan Brown, dy sille dy oantallen nea berikke. De healwize aventueren fan Hielke en Sietse Klinkhamer, Gerben Zonderland, Kees Dijkstra, fjildwachter Zwart en oaren hawwe sûnt 1948 al ferskate generaasjes lêzers in soad wille besoarge. Opmerklik is dat De Roos (1909-1991) yn syn jonge jierren net sa’n grappenmakker wie, alteast, dat hat er doe aardich ferburgen holden. Hy groeide as timmermanssoan op yn de krisistiid, rekke wurkleas en gie yn 1932 nei Allardsoog. De Gerdykster De Roos waard der as wurkleaze hinne stjoerd om him yn syn fak fierder te ûntjaan en ek syn fierdere sosjale en edukative foarming gerak te jaan. Allardsoog by Bakkefean wie yn datselde jier oprjochten as earste folkshegeskoalle fan Nederlan. Hjir koene ‘omke Jarich’ en de oare pioniers fan de folkshegeskoalle him goed brûke, want der waard noch drok boud oan it kompleks dat dêr op it krúspunt fan trije provinsjes komma moast. Hotze de Roos skreau ek stikken foar de skoallekrante en sa begûn yn Allardsoog syn karriêre as skriuwer.

Neffens Frieswijk hat ek Hotze de Roos de mienskipssin en it gefoel fan frijheit fan de folkshegeskoalle syn hiele libben meinaam en ek yn syn Kameleonrige útdroegen.

Johan Frieswijk en Maarten van der Linde skreaunen in boek oer de skiednis fan dit fenomeen: De Volkshogeschool in Nederland, 1925-2010. De grutte kenner fan de Fryske arbeidersskiednis en it soasjalisme Frieswijk skreau de foarste twa dielen oer de gedachten achter de folkshegeskoalle en de oprjochting en groei fan de earste skoalle fan Allardsoog. Van der Linde soarge foar de twa oare dielen oer de oprjochting, bloei en ûndergong fan de talleaze folkshegeskoallen yn oare provinsjes. It seit himsels dat hjir benammen sjoen wurdt nei de twa dielen fan Frieswijk, de earste twa dielen.

Yn de ynlieding wurdt al steld dat wa’t hjoeddedei ûnder de fyftich jier is, amperoan noch wit wat in folkshegeskoalle is. Dêrom pak ik de âlde ensyklopedy fan Fryslân der even by om foar de jongerein in definysje fan it doel fan de folkshegeskoalle te jaan: ‘Het geven van zedelijk-geestelijke ontwikkeling aan volwassen personen, als grondslag voor de vernieuwing der volkscultuur en (sedert 1938) ter versterking der volksgemeenschap’. Dat klinket anno 2014 sa idealistysk, heechdravend en faach, dat it gjin wûnder hjitte mei dat sawat al dy hegeskoallen troch fan rykswege opleine fuzy’s en besunigingen opdoekt binne. Allinnich de Frysksinnige Folkshegeskoalle Skylgeralân (fan 1939) hat noait in strukturele oerheidssubsyzje hawwe wold en hat it mei dêrtroch oerlibbe.

Dochs foel it it yn de praktyk bot ta. It idee fan de folkshegeskoallen kaam yn de 19e ieu op yn Denemarken en waaide dêrnei oer nei oare lannen. Yn 1925 yntrodusearre Hermien van der Heide – dochter fan de Fryske reade dominy Albertinus van der Heide – it folkshegeskoallewurk yn Nederlân. Hoewol’t it begryp ferpyldering (‘verzuiling’) doe noch net bestie, waard de sosjale en politieke ferdieldheid as in grut probleem foar de ienheid fan it lân beskoge. Dy tsjinstellings moasten oerbrêge wurde troch emansipaasje en ienigens en krekt dêrby koene folkshegeskoallen in wichtige rol spylje. Dat dizze skoallen oars in echt ‘linkse hobby’ wiene, docht út alles wol bliken, al diene de oprjochters noch sa har bêst om gjin polityk te bedriuwen.

Yn 1930 kaam in lytse delegaasje idealisten nei Allardsoog. Dêr liet de eks-suvelarbeider, eks-cowboy en eks-wat al net Jarich van der Wielen as lânûntginner wurklezen foar de Nederlandsche Heidemaatschappij heidefjliden omploegje en wegen oanlizze. Tegearre mei ûnder mear syn neef Henk van der Wielen sette ‘omke Jarich’ útein mei de earste folkshegeskoalle. Idealistysk en dochs hiel praktysk, mei fakoplieding en foarming foar jonge wurklezen, ûntwikkelingswurk foar jonge froulju, kursussen foar jongeren, boeren, studinten en underwizers. Frieswijk fertelt yn it boek it boeiende ferhaal fan dizze pioniersjierren yn it fjild. Dat waard wolris tiid, want behalve de dissertaasje fan H.D. de Vries Reilingh út 1946 en it boek fan H.G.W. (Henk dus) van der Wielen ut 1956 oer de folkshegeskoalle(beweging) is der feitlik net folle oer dit opmerklike fenomeen skreaun, in tinkboekje út 1981 bûten beskôging litten.

It sil oan in gebrek oan boarnen lizze, mar wy wurde as lezer net folle gewaar fan siz mar de ‘kliïnten’ fan de folkshegeskoalle. Trije jier lyn ferskynde it prachtige en tagelyk tragyske boek Zo zijn wij elkaars geschenk: een liefde uit de jaren dertig. Hjiryn spylje brieven fan in Rotterdamske wurkleaze oan syn ferloofde fanut Allardsoog in sintrale rol. Ek yn dy brieven dript it idealisme en de opteinens oer de sfear der ôf. Mar dochs, set tsientallen jonge manlju en froulju byinoar en der bart wat. Ofwaaid praat, stiekem drankgebrûk, yntime relaasjes? We lêze der neat oer. As wiene dizze jongelju, lykas in soad idealisten, dochs wat oan de saaie, humorleaze kant? Dochs ha’k it boek mei wille lêzen, al wie it allinnich mar om de faak kleurrike pommeranten fan de folkshegeskoalle. Neffens Frieswijk hat ek Hotze de Roos de mienskipssin en it gefoel fan frijheid fan de folkshegeskoalle syn hiele libben meinaam en ek yn syn Kameleonrige útdroegen. Mar soed er miskien ek in hiel lyts bytsje fan dy brike humor fan bygelyks Gerben Zonderland opdien hawwe op Allardsoog?

 

De Volkshogeschool in Nederland, 1925-2010. Johan Frieswijk en Maarten van der Linde, útjouwerij Verloren, 522 siden, EUR. 39,00

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.