De berchrede fan Oeds Westerhof

Publisearre op 15 mei 2020

Kommend wykein op Omrop Fryslân​ TV de earste fan in seary Fryslân DOK’s ûnder de titel ‘De Berchrede fan it Flakke Lân’. Tinkers formulearje in perspektyf foar de maatskippij nei de Coronacrisis. Hokker ynsjoggen kinne wy meinimme nei de takomst?

Lês de ‘Berchrede’ fan Oeds Westerhof no alfêst op ‘de Moanne’.

 

 

Leave minsken,

De flinter is in flearmûs wurden. As in orkaan fljocht it coronafirus oer de wrâld. Wa’t sûn is wurdt siik, wa’t swak is ferstjert. Dat jildt foar minsken en likegoed ek foar bedriuwen. It binne ûnwisse tiden foar elk, behalve dan foar ûnheilsprofeten, wûnderdokters, predikers fan het eind der tijden, synisy, utopisten en oare selskroane keningen fan de wissichheid.

Ik wit net wat dizze coronakrisis foar ús betsjutte sil. Ik ha in krisis fan dizze omfang nea meimakke. Myn gefoel komt it tichtst by de tiid fan Tsjernobyl en de útbraak fan aids. Dat wiene ek fan dy ûnsichtbere meunsters. De ynternasjonale spanning liket wat mear op dy fan 9-11, wylst de ekonomyske panyk wat mear oan de bankekrisis tinken docht. Eins komme al dy dingen gear yn de coronakrisis. Hoe’t it komt, dat witte we net, mar we binne yn gefaar.

 

Sûnt Rutger Bregman it basisynkommen ‘Gratis Geld voor Iedereen’ neamd hat, liket it my tûker it te sykjen yn it belestingstelsel.

 

Minsken reagearje ferskillend op gefaar. Guon geane de striid oan, se hamsterje húskepapier of twitterje harren de fingers blau. Guon skûlje by elkoar, se sjonge tegearre op in balkon of klappe foar de soarch, guon flechtsje, dizze kear nei binnen, en guon befrieze, se dogge sa folle mooglik wat se oars ek dogge. Dy reaksjes kinne je net feroarje, dy komme út in djip ynstinkt. Op syn heechst kinne je de emoasjes in bytsje delbêdzje, mei salvjende wurden fan kening, regear en minsken mei ferstân fan saken.

Foar de measten fan ús, sil dizze krisis ferlies ynhâlde; leafde, famylje, freonen, wurk, bedriuw, hûs of deistich libben. Yn sokke tiden helpt it my altiten, my bewust te wêzen fan de fiif fêste fazen fan rou, dêr’t je eins altiten trochhinne moatte as je ferlies te ferwurkjen hawwe; we negearje de situaasje – it is mar in gryp -, wurde lulk – it regear hat te let yngrypt -, we skarrelje wat – lit ús in oardelmeterekonomy besykje -, binne ferslein – it wurdt nea mear sa’t it wie – en dan akseptearje we de nije situaasje en sette wer útein. Wa’t him bewust is fan it rouproses en stilstiet by syn gefoel yn de ferskillende fazen, fielt yn de regel minder pine.

Der binne in protte famyljes en bedriuwen dêr’t it ferlies al field wurdt, mar foar de measten moat it djiptepunt noch komme. Dizze krisis is mear as in tebeksetter. Dit firus grypt yn op alle lagen fan it komplekse systeem dat wy ús deistich libben neame; soarch, ûnderwiis, bedriuwen, lânbou, ynternasjonale polityk, sosjale ferhâldings, kultuer en kapitaal.

It wichtichste kenmerk fan elk kompleks systeem, dus ek fan ús maatskippij, is dat it uteraard te kompleks is om yn in model te fangen. Je kinne it domwei net oersjen, mei gjin inkeld wittenskiplik model. Dat betsjut, dat fan gjin inkele yngreep yn dat systeem te foarsizzen is, wat it effekt wêze sil. Hoe bot in oanpak ek trochtocht is, mei de bêste yntinsjes, de nijste kennis, alle beskikbere middels en in krityske dialooch, it bliuwt griemerij yn de marzje fan it systeem. My stelt dat gerêst. Want dat betsjut dat ik it mei elke oanpak, hoe tûk ek, net iens hoech te wêzen. Ik mei altiten myn eigen autonome ôfwaging meitsje.

In grutte krisis freget stevige maatregels. It sit net yn ús aard en doch neat. Bakken mei jild komme frij, op hope fan business as usual. Under it motto never waste a good crisis, sille guon harren skrep sette om ôf te kommen fan de ferplichtings dêr’t se foar de krisis ek al fan ôf woenen – lykas de miljeumaatregels of de ûntslachbeskerming – wylst oaren besykje harren eigen hobbelhynder foar in bettere takomst – lykas in basisynkommen of in skjinnere lânbou – foar elkoar te krijen. Alle maatregels dy’t foarsteld wurde, binne earder in wjerklank fan ambysje, pine of lobby, as fan needsaaklikheden. Lykas sein. It is domwei te kompleks. Mar as we dan dochs wat dwaan wolle…

Lit ús dan begjinne mei it wearber meitsjen fan minsken. Lit ús oan elk de wissichheid jaan dat der moarn jild is om iten, hûs, soarch en persoanlike ûntwikkeling te beteljen. Troch romme sekerheid te bieden foar de meast basale saken, beheine we risiko’s op ûnnedich leed en rebûlje. Dat kin regele wurde troch in basisynkommen of dat kin troch in nij belestingstelsel mei, sa nedich, negative belesting. Sûnt Rutger Bregman it basisynkommen ‘Gratis Geld voor Iedereen’ neamd hat, liket it my tûker it te sykjen yn it belestingstelsel. Selde effekt, minder wjerstân.

Lit ús soargje foar ús grûn, ús loft, ús wetter, ús natoer. Dat wat we allegearre fergees krigen ha, dêr’t we allegearre fan ôfhinklik binne en dat we sa ferskriklik tramtearje. Lit ús soargje foar it moais dat de skiednis ús jûn hat, ús lânskip, ús erfskip, ús taal, ús kultuer, ús keunst. Lit ús ynvestearje yn de oplieding fan ús bern, ús jongerein en yn de soarch foar de siken. Lit ús rjochtspraak ta syn rjocht komme, lit ús boeren de kâns krije it iten te meitsjen dat sûn is foar de grûn, de boer en foar ússels. Lit ús hert en siel gean nei dat wat ús jûn is, dat wat ús ferbynt en dat wat ús soarch freget. De Friezen neame dat Mienskip, de Saksen sprekke fan Noaberschap, de Skandinaviërs fan Alleman en de Angelsaksen fan Commons. We kinne troch de wrâld in keatling smeie fan minsken dy’t mei elkoar der it bêste fan meitsje wolle, sa docht bliken yn tiden fan corona. Lit ús dy enerzjy meinimme nei bettere tiden.

Litte wy ússels wearber meitsje. De meast nijsgjirrige gedachten oer wearberens en it behearskjen fan risiko’s dy’t ea ta my kamen, binne fan de publisist Nassim Taleb. Taleb praat net fan it behearskjen fan risiko’s. Nei syn idee, moatte we der op taret wêze dat it ûntinkbere altiten barre kin. Wa hie betinke kind dat in healgeare flearmûs ús ekonomy op syn gat lizze kin. It giet der om, dat as it ûntinkbere bart, dat dan de gefolgen behearskber bliuwe. It minskdom, sa seit Taleb, moat domwei gjin struktueren bouwe dy’t sa kompleks binne, dat as it mis giet, it ûnbehearskber mis giet. Ik fyn dat in briljant ienfâldich ynsjoch. It stelt ús by steat de juste fragen te stellen; giet it ûnbehearskber mis as we de boaiem útputte, te folle minsken by elkoar wenje litte ûnder de seespegel, foar ús deistige neden folslein ôfhinklik binne fan komplekse ynternasjonale hannelsrelaasjes. Lit ús de moed hawwe dizze kwestjes oan de oarder te stellen, de krêft hawwe om foarby de koarte termyn te sjen en optimistysk arbeidzje oan de takomst.

De gaosteory, dêr’t ik dizze rede mei begûn, beskriuwt hoe’t de wjukken fan in flinter úteinlik in orkaan feroarsaakje kin. Neffens dy teory sille der altiten rampen oer ús komme. Mei dizze berchrede fan it flakke lân, hoopje ik in bytsje by te dragen oan de fraach hoe’t we dêrmei omgean kinne. Myn gebeden soene wêze:

 

Lit my de minsken dy’t miene it te witten negearje;

Lit my it ferskil tusken minsken akseptearje;

Lit my taret wêze op ferlies en stilstean by de fazen fan rou;

Lit my leare wat it betsjut dat ús wrâld kompleks is;

Lit my beseffe dat der dêrom gjin bêste oanpak bestean kin;

Lit my witte dat ik dêrom frij wêze kin;

Jou elk minske in solide basis;

Soargje foar de Commons;

Bou in wearbere mienskip;

Stel de grutte fragen

Haw it each op de lange termyn

Wurkje optimistysk oan de takomst

En nim mysels net te serieus, want ik wit it ek net.

 

 

Oeds Westerhof

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels