De berchrede fan Greet Andringa

Kommend wykein op Omrop Fryslân​ TV it ferfolch fan in seary Fryslân DOK’s ûnder de titel ‘De Berchrede fan it Flakke Lân’. Tinkers formulearje in perspektyf foar de maatskippij nei de Coronacrisis. Hokker ynsjoggen kinne wy meinimme nei de takomst?

Lês de ‘Berchrede’ fan Greet Andringa no alfêst op ‘de Moanne’.

 

 

Leave minsken,

In firus is gjin libben. It is oars net as in aaiwythúl mei ynformaasje om himsels te fermearderjen. It plucht yn op libjende sellen en set dy oan om mear fan dy libbenleaze sluven-mei-ynhâld te produsearjen en se te jaan wat se nedich binne, sels al kostet dat de gasthear de kraach. Wêrom’t se der binne? Joast mei it witte. Mar as wêzens dy’t hieltyd rjochte binne op it finen fan betsjutting, binne wy fansels allegearre Joast.

 

As wy it in toskje minder dogge, gewoan stilstean en sykhelje, wurdt ús omjouwing, de loft, it wetter ek wier skjinner.

 

As der eat is dat we fan COVID-19 leare, is it dat it sa net fierder kin. It moat oars. We kinne ússels net langer as firussen ferhâlde ta de wrâld, der op parasitearje en ússels sûnder rem fermearderje oant de ierde dea is. As we gjin pandemyen mear wolle, moatte we út in tink- en dochmodel wêryn’t it allinnich om de minske draait, dy’t fan boppe-ôf mient alles regelje en bepale te kinnen. We sille ta moatte nei in model mei in lykweardiger plak foar ússels yn in hieltyd ûntwikkeljend netwurk fan lykwichten fan libjende en libbenleaze natoer. Dat soe bygelyks betsjutte kinne: befolkingsgroei yndamje, ophâlde mei oerkonsumpsje, earliker ferdiele. Mear biodiversiteit yn stee fan hieltyd minder, gjin bisten mear opite en lokalere produksje en konsumpsje.

Mar hoe dan?

Ek hjir wiist it firus op in swarte wize it paad: it benimt ús letterlik de siken.

Frijút sykhelje: wat in genot! De lucht rêstich yn en út jo longen streame litte, sûnder benaudens, sûnder te fersûpen yn eigen lichemsfocht, sûnder wrakseljen tsjin hurd groedeweefsel. Sa gewoan, sa fan it begjin ôf by ús, dat we al lang fergetten binne derby stil te stean.

Yn- en útstreamende lucht. Skjinnere lucht. En dat jout hoop: as wy it in toskje minder dogge, gewoan stilstean en sykhelje, wurdt ús omjouwing, de loft, it wetter ek wier skjinner. It hat sin en it is mooglik.

Stilstean en sykhelje stimulearret kreativiteit en de meiminsklikens: muzykútfierings op it balkon, byldbelgearkomsten, grapkes, al dy wizen om yn ferbining te bliuwen of te kommen: der is mear fan as ea tefoaren.

Mar stilstean en sykhelje: dat slagget net elkenien, it slagget net altyd. Hiel faak net sels. Yn dizze krisis dogge we wat we altyd dogge as we gefaar waarnimme, allinnich is it no útfergrutte. Want de ûnfeiligens is fan in ûnbekende soarte: it is oeral, komt fan alle kanten, net ien wit hoe lang’t it duorret of hoe slim’t it foar ússels of ús neisten wurdt. Der binne de dravers en fleaners yn de soarch. Gjin tiid en romte om te sykheljen: it lijen fan de einleaze pasjintestream, skuld- en oerbelêstingsgefoelens, eangst, frustraasje. We moatte troch. Ek in soad thússitters geane mar troch en troch: wurk, thús, skoalmasterje, soargje foar, alles trochinoar, sûnder grinzen. ‘As ik noch in bytsje hurder doch, dan komt it miskien dochs noch goed, is der rêst!’ Oaren wurde gek fan eangst foar it firus, of fan it stilset wêzen op himsels: ha de smoar yn op it regear, it RIVM, it systeem, 5G. En dêrboppe-op, by ús allegearre it ferlet oan ferdôving, ûntkennen: we wolle ús derút tinke, gripe ús fêst oan sifers en wittenskip of sterkdwaande lieders. We sjogge de oare kant op, ferlieze ús yn byldskermen, ferdivedaasjeprogramma’s en spultsjes, keapje ynternetwinkels leech, ite tefolle, sûpe en/of bliuwe hingjen op pornosiden.

En by al dy gefoelens liket it sykheljen yn de fierste fierte net op rêstich yn- en útstreamen fan lucht, in balâns tusken krije en jaan. De siken sitte heech, binne oerflakkich en/of falle hast hielendal stil. En dat hat in funksje: As jo net goed trochazemje, fiele jo net. Fiele jo net écht ta yn de djipte. En as jo net echt trochfiele, as it earne ôfsnien is, of yn in kramp, dan moat der wier wol wat oan de hân wêze, tinke de ûnbewuste dielen fan it brein, en hâlde de ferdigeningsgefoelens op oarlochssterkte. En dêrwei dogge we al dy dingen dy’t ús by ússels, ús kearn, ús djipste wêzen weihâlde.

Trochdrave makket burn-out, swiersettigens jaget ús yn de isolaasje en nei de needútgong fan de wrâld ôf, troch eangst foar tekoart hamsterje we en keapje we wat we net nedich ha, troch frustraasje en ferdôving nimt húslik geweld en ferslaving ta. En alles by inoar fiele we ús allegearre ôfskieden en allinnich op de wrâld.

Mar, hear ik guon fan jimme al sizzen: Sa is it dochs ek? Dit binne dochs ûnûntkombere gefoelens? Dit komt dochs troch de feiten dêr’t we foar steane? Nee, doar ik te sizzen: we lije net ûnder de feiten, mar ûnder de betsjutting dy’t se foar ús ha. De betsjutting is libbensgefaar, mar fierwei de measten fan ús binne net yn libbensgefaar, net no dalik. En sels by de minsken dy’t wol stjerre, is it by dyjingen foar wa’t it in ymminse wrakseling is de betsjutting fan it stjerren dy’t it dreech makket. Sy dy’t wier yn frede geane, geane yn frede.

Betsjutting is wat we leare yn ús allerbetiidste libben.

Yn it begjin is der in azemswolch. De earste útwikseling tusken ús losbesteande sels en de bûtenwrâld. Sêfte hannen heine ús op en bringe ús nei it boarst, it antwurd op al ús ferlet. Dêr is waarmte, dêr is molke, dêr is beskerming en in blik fol leafde sûnder ein. En dat is mar goed ek: we binne fierste lyts, te brekber om foar ússels te soargjen. En fan tiid ha we ek noch gjin benul. Sa’t it no is, is it foar altyd. En as it goed is, is it ek hielendal goed, it paradys.

Mar spitigernôch is der gjin bliuwend lang en gelokkich. Sels de bêst bedoelende âlden hawwe sliep nedich, of romte foar harsels. Neat om jo skuldich oer te fielen. Lykwols sa’n lyts minskje: ien bondel ferlet en fielen en fierders neat en it krijt net wat it nedich hat. It hat honger, it lyts búkje knypt byinoar, yn al dy sellen ien grut, net beäntwurde langstme nei waarmte, leafde, molke, ienheid. En no’t dat der net is, yn syn of har belibbing ek nea komme sil: leechte, kjeld, pine, wanhoop, djippe, djippe iensumens… de hel. Dat is de ein, dat is deagean – miskien net fysyk, mar wol yn betsjutting.

Soks te fielen is ûndwaanlik foar in lyts berntsje. En gelokkich wurde we beskerme tsjin dy folsleine oerspieling. Us bewustwêzen splitst himsels ûnder ynfloed fan in weach oan stresshormoanen. It leit in kleed oer dat der wat mis wie: as it wer goed is, is it wer goed. Dat systeem wurket prima en sleept ús as bern dertroch. De pest is allinnich dat dy bernehel ús emosjonele brein en ús lea wol ynregelet. Us hiele libben slane we tenei oan as we (meastal ûnbewust) wat waarnimme dat op hokker wize dan ek, liket op wat foar ús as lytske sa gefaarlik wie. Omdat we wat we sjogge, de betsjutting jouwe fan doe, komme we telâne yn ferdigeningsemoasjes en gedrach dat ús tinke lit dat it lijen oer it no giet en dat we it no oplosse moatte. Allegearre om foar te kommen dat we fiele dat we doe, doe’t we folslein ôfhinklik wiene, net krigen ha wat we nedich hiene.

Ja, der is wier wat oan de hân en der is aksje nedich no en aanst yn it postfirale tiidrek. Mar dy aksje begjint mei stilstean en sykhelje. Fiele oft it libben, de kreativiteit, empaty, it gefoel fan frede en ferbining streamt – as dat sa is, dan witte we inoar te finen en komt it hoe fansels. Mar as it net streamt, as we eangst foar feroaring, foar tsjinwurking, ûnmacht en ûnkunde, frustraasje, ferset en ferlamming fiele, is der ark om dy blokkades, de âlde betsjuttings fan it no ôf te heljen. Net deromhinne, mar der trochhinne. Fansels, it is moai as wurkjouwers, ynstânsjes, it regear soks stimulearret, mar it begjint mei in libjend eigen, beslút, bygelyks om de dei dêrmei te begjinnen: kom fan bêd, lit de lucht djip streame, oant yn de siel. Dat kinne we, allegearre: we binne gjin ôfhinklike lytse berntsjes mear. En al hielendal gjin firus.

 

Greet Andringa

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.