De 101 Dalmatiërs

As ik tink oan famyljefoarstellingen, dan tink ik mei in protte wille werom oan myn earste stapkes by Tryater. Ronja de Rôversdochter, Hansje Brinker en letter de Bruorren Liuwehert.

It leuke is dat elk fan dy produksjes wer totaal ferskillend wie, útsein dat se allegear yn de Harmonie te sjen wiene en bedoeld wiene foar 8 oant 88. En fansels rint in famyljefoarstelling altyd goed ôf. En dat mei ek wolris; om de swiere kost te kompensearjen dy’t wy somtiden oanskôgje, net wier?

De foarstelling dy’t ik útljochtsje wol – De 101 Dalmatiërs – hat yn alle gefallen reitsflakken mei twa fan de earder neamde produksjes. Tryaterkollega Theun Plantinga, dy’t ek yn Hansje Brinker spile, docht mei. Syn passy leit by de kombinaasje sjongen en teater en hy spilet al in pear jier mei sukses bûten de provinsje. Sûnder twivel sil dit in produksje wêze dêr’t hy him lekker yn útlibje kin.

It twadde reitsflak is teatermakker/byldzjend keunstner Rieks Swarte, dy’t by ús Liuwehert foar syn rekken naam. Sa’t it programmaboekje fan it Posthús seit: Hy nimt de ‘theatrale vondsten’ foar syn rekken. En dat is him wol tafertroud. Foar wa’t noch noait wat fan him sjoen hat soe ’k sizze:
gean nei De 101 Dalmatiërs en nim jo bern of bernsbern mei!

De 101 Dalamtiërs. 9 febrewaris, Posthuis Theater, It Hearrenfean.

Eelco Venema

Comments are closed.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.