De daam nei it Amelân (6)

GERBEN DE VRIES – 

De hjerststoarmen fan 1881 en 1882 hiene in ein makke oan de daam fan Teding van Berkhout tusken Holwert en it Amelân. De mei dizze dyk bedoelde lânoanwinning – op langere termyn sels fan de hiele Waadsee – gie dus net troch. Ynsjeneur Cornelis Lely rekkene in tal jieren letter yn syn Eerste Technische Nota (1886) ôf mei it idee om de seegatten tusken de Waadeilannen ôf te damjen. Hy keas foar in ôfslutdyk tusken it eilân Wieringen en de Fryske Súdwesthoeke. Ienris minister fan Wettersteat wurden ivere Lely foar de ôfsluting en ynpoldering fan de Sudersee, mar troch it ôfgean fan it kabinet yn 1901 koe dat ûntwurp net fierder behannele wurde.

Yn 1901 ek besocht Jan Herman Riemersma, ûnderwizer te Gytsjerk, nochris de lânoanwinning op it Fryske waad op de aginda te krijen. Yn it populêre tydskrift Vragen van den Dag woe Riemersma dat it regear de konsesje fan Teding van Berkhout’s Maatschappij tot Landaanwinning op de Friesche Wadden oernaam. Minister Lely hie doe al oanjûn dat dit plan en ek de ynpoldering fan de Lauwerssee, beide rûze op 15 à 20 miljoen gûne, gewoanwei te djoer wie. Syn opfolger werhelle yn 1906 nochris dat in ‘reconstructie’ fan de daam nei it Amelân te folle jild kostte en dat de lânoanwinning dêr ûnwis wie. Riemersma keas tenei mear berikbere doelen. Hy rjochte yn 1911 it Bun fan Sjongkoaren op en letter folge de Federaasje fan Begraffenisferienings.

Lely waard yn 1913 op ‘e nij minister en koe doe einliks de ôfsluting fan de Sudersee yn it regearprogramma opnimme litte. Dat soks om reden fan feilichheid ek echt nedich wie, die bliken ut de grutte stoarmfloed fan jannewaris 1916. Benammen yn Oerisel en Noard-Hollân wie de skea grut. Yn Fryslân rûnen de bûtendykse lannen by Holwert ûnder wetter. Op dat stuit – midden yn de Earste Wrâldkriich – wiene der ynienen ek wer plannen om Fryslân mei in dyk mei it Amelân te ferbinen. Dr. L.A. Sanders fan Amsterdam frege yn july 1915 in konsesje oan foar yndiking en lânoanwinning fan in stik Frysk waad troch it oanlizzen fan twa diken. Hy woe in dyk fan de uterste eastpunt fan it Amelân nei Wierum en ien fan de Zuider Grie op it eilân nei Swarte Haan yn it Bildt ha. Dit soe 15.000 ha lân opsmite en de kosten waarden skatte op hast 12,9 miljoen gûne. Hjirfoar waarden dan wol twa seediken, rizendamen, in skutslûs, dieselgemalen, de ferkaveling en de oanliz fan kanalen, brêgen en wegen betelle. De saak slepe in tiid troch en Sanders rjochte ek noch de feriening ‘De Amelandsche Polder’ op, mar úteinlik kaam it der net fan.

No’t de tariedingen foar de droechlizzing fan de Sudersee nei 1918 út ein setten, kamen der ek fanút Fryslân lûden om it Waad yn te polderjen. De stienfabrikant Arjen Draisma de Vries (1843-1936) fan Achlum hie ek al in lange amtelik wurkpaad achter him. Hy wie riedslid fan Frjentsjeradiel, lid fan Provinsjale Steaten, boargemaster fan Frjentseradiel en dykgraaf fan it wetterskip Vijf Deelen Zeedijken Binnendijks west. Yn 1921, op 78-jierrige leeftiid, weage er it der op en skreau in brosjure De Wadden polder. Een studie. It gong him foaral om de ‘onhoudbaren toestand’ op de eilannen, dy’t neffens him tige isolearre wiene. It wie makliker fan Amsterdam út Parys te berikken as it Amelân of Skiermuontseach en dat moast oars.

Draisma de Vries seach it grut. De eks-dykgraaf wie noch ien fan de generaasje minsken dy’t graach atlassen en kaarten beseach en dan weidreamde. De Waadsee wie foar him dêrom íen grutte, yn te dykjen kwelder, dy’t dochs allinne mar fan belang wie foar wat fûgels en in pear fiskers. Hy foarseach earst ien ôfslutdyk tusken Fryslân en Skylge, dan ien nei it Amelân en as lêste tusken de Grinzer kust en Skiermuontseach. Dêrnei koene de ‘gatten’ tusken de eilannen bedike wurde. Sa koe net minder as 70.000 ha wûn wurde en Draisma de Vries ferwachtte dat dy 1000 gûne de ha opbringe soene. Der wiene neffens him allinnich mar foardielen: in smite fruchtbere grûn, de isolearre eilannen waarden ferbûne mei de kust en de kustline waard in hiel ein ynkoarte. Yn in wat apart terside meldde er trouwens dat dy nije polders benammen foar it fokken fan skiep brûkt wurde koene.

Syn foarstel waard ôfbaarnd troch ir. J.C. Ramaer, dy’t wat út de hichte yn De Ingenieur skreau dat Draisma de Vries no ienris gjin ‘deskundigheid’ op dit mêd hie. Dat koe de ynsjeneur fernimme oan it folslein ferkearde plak fan de dyk nei Skylge, dy’t neffens Draisma de Vries al slingerjend troch djippe slinken lein wurde moast: yn totaal 20 km. Ramaer stelde in mear eastlike dyk út fan mar 16 km. Ek wie it better west at de âld-dykgraaf  it âlde trasé fan de daam nei it Amelân folge hie, want al wie dy no sa’n 60 sm sakke, dy daam koe mei in 2 miljoen bymakke wurde. En tsja, de kosten. Draisma de Vries tocht dat syn ryklik megalomane plan al foar 70 miljoen gûne útfierd wurde koe, der’t Ramaer dochs al gau op 230 miljoen kaam. Ramaer lei ek de finger op in oar sear plak yn al dizze diken: dy trije eilannen fan Draisma de Vries telden bijmekoar noch gjin 6000 ynwenners, dat wêrom soe it ryk of by need partikulieren dêrfoar sokke grutte kosten meitsje? De needsaak fan de ôfsluting fan de Sudersee wie folle grutter en dat wie ek it oardiel fan de publike opiny. Draisma de Vries skreau noch in swak werwurd mar joech belies. It wurd wie no oan de technyk.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.