De daam nei it Amelân (3)

GERBEN DE VRIES –

Nei de emigraasje fan Worp van Peyma nei de Feriene Steaten yn 1849 publisearren freonen syn rapport oer in daam nei it Amelân. Underwilens waard op it eilân tusken 1846 en 1851 de Moldyk oanlein, letter yn dat desennium folge troch in stiennen daam ter hichte fan de Ballummerbocht. It gefaar fan oerstreamingen wie dêrmei in stik minder wurden. Dochs bleau it idee fan in daam nei it eilân om dêrnei in stik waad yn te polderjen, yn ‘e hollen fan guon belutsenen omspûkjen.

Ien fan dyjingen wie in bewenner fan it binnenlân en ek noch fan aristokratyske komôf. Jonkhear mr. Pieter Jan Willem Teding van Berkhout (1825-1895) wenne yn it Oeriselske Huize Hoenlo yn de gemeente Olst. De ûndernimmende edelman bestudearre âlde kaarten en syn each foel op it Waad, ‘dat halfland’. Hy sil grif ek it rapport fan Van Peijma lêzen hawwe. Boppedat hied-er nochal wat wettersteatkundige ynsjeneurs yn de famylje en dy seine him dat in daam nei it Amelân technysk mooglik wie. Dêrom frege er yn 1860 in konsesje foar lânoanwinning tusken de Fryske kust en it Amelân, troch middel fan bedikingen te realisearjen.

De ryksoerheid seach er ynearsten net safolle yn. Deskundigen twifelen oan de helberheid fan it plan en minister-president Thorbecke fûn it mear in saak foar it ryk as foar in partikuliere ûndernimming. Yn septimber 1864 prate Teding van Berkhout wol mei de wetterskippen Bildtpollen, Noorderleeg, de Holwerter Wester-en Oosterpolder, de Ternaarder polder en ôffeardigingen fan de gemeenten Ferwerderadiel, West- en East-Dongeradiel. Dy fielden der wol foar. De Fryske kust soe better beskerme wurde en dat skeelde de dykbestjoeren in soad jild oan de seewering. Boppedat koe der 14 oant 16.000 hektare fruchtbere grûn wûn wurde.

Trije jier letter, yn 1867, besocht de jonker de publike opiny te bewurkjen mei in brosjuere mei de titel De landaanwinning op de Friesche Wadden in haar noodzakelijkheid, uitvoerbaarheid en voordeelen. Yn dizze brochure lei de jonker út dat it ynpolderjen fan in part fan it Fryske waad net allinnich ‘nuttig en noodzakelijk’ wie fanwegen de ‘duurzame beveiliging’ fan it Amelân en Noard-Fryslân. Nee, hy noege ‘grootere en kleinere kapitalisten’ út om jild yn dit projekt te stekken. Hy beloofde de ‘meest voordelige uitkomsten’.

Njonken de feilichheid en de foardielige belizzing neamde Teding van Berkhout noch in pluspunt: wurk. Op de minimaal 15.000 en makismaal 28.000 hektare nije grûn koene tûzenen boeren en arbeiders wurk fine. Dat wie in wichtich elemint, want de grutte agraryske krisis hie taslein. Dat hie de jonkhear ek fernommen, want hy synjalearre in protte ‘pauperisme’ wylst der ek in soad minsken emigrearren.

It plan waard mei ynstimming begroete. It doel wie in lege en net al te djoere daam nei it Amelân oan te lizzen. Troch natuerlike oanslibbing koe jierren dêrnei in hegere daam lein wurde. Wol moast earst in NV oprjochte wurde. Al yn 1868 seine de Steaten fan Fryslan 200.000 gûne ta, op betingst dat it ryk itselde bedrach jaan soe. Yn oktober 1869 waard de konsesje einliks ferliend en yn july 1870 folge de wettelike bekrachtiging fan dit beslút.

Yn oktober 1870 waard de NV Maatschappij tot Landaanwinning op de Friesche Wadden oprjochte, mei Pieter Jan Willem Teding van Berkhout as direkteur en Holwert as setel. It maatskiplik kapitaal foar de lânoanwinning waard steld op 600.000 gûne. Fan Fryske side wie ien fan de kommissariaten fan it fennoatskip mr. Wilco Julius van Welderen baron Rengers.

Neat like in flugge oanlis fan in dyk nei it Amelân en de suksessyflike ynpoldering fan in stik Waadsee yn de wei te stean. Der wiene in pear protestantske dûmnjes dy’t benaud wiene dat mei de daam Satan en syn maten nei it Amelân komme soene en dêrom preekten hja tsjin de ‘Duvelsdaam’.

Slimmer wie it dat de Fryske Maatskippij fan Lânbou ek tsjin wie. Yn 1867 hie de twadde ôfdieling fan dizze stânsorganisaasje al pleite foar de ynpoldering fan de folsleine Waadsee en Sudersee. Allinnich it Marsgat tusken Teksel en Flylân soe iepen bliuwe meie.

Noch yn 1870 kaam de maatskippij mei in nije brochure mei fansels ek in lange titel. Yn Frieslands boezemwater, in verband beschouwd tot de voorgenomen aandamming van Ameland aan den vasten wal, en de wenschelijkheid eener indijking van de Zuiderzee, Wadden en Lauwerzee beklamme de skriuwer dat de wêzentlike swierrichheden fan de hege wetterstannen yn Fryslân sels troch dizze daam net oplosse waard. Sterker noch, it lizzen fan in dyk wie tige gefaarlik.

Oant no ta koe by noardwesterwyn it wetter fan it Fryske Gat (tusken it Amelân en Skiermuuontseach) fuortrinne troch it Amelanner Gat (tusken it Amelân en Skylge). Troch it lizzen fan in daam koe dat net mear en soe it wetter mei alle krêft op de Fryske seediken bûkje. Boppedat soe de winske opslibbing by in dyk by de earste stoarm weislein wurde. Dêrom waard opnij pleite foar de folsleine ôfslúting fan de Waadsee troch it lizzen fan diken tusken de eilannen, ek troch it Marsgat.

De maatskippij die dêrom in lêste oprop om de plannen van Teding van Berkhout te kearen. Yn 1870 wie dy lykwols al drok dwaande mei it tarieden fan it plan.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.