chemistry publishing
fotografy: Marleen Annema

Chemistry publishing, yn gearwurking mei keunstners moaie dingen meitsje

ERIK DE BOER & SUSANNE VISSER – 

Yn de DOAS yn Ljouwert sit útjouwerij en printshop Chemistry Publishing. Oprjochter Roald de Jong hat in eigen plak ta stân brocht dêr’t er mei tal fan keunstners moaie publikaasjes makket. Mar hoe komt ien dy’t him ynteressearret foar wynenerzjy ta in eigen útjouwerij yn keunstboeken en grafyske keunstprojekten? Byldzjend keunstner Erik de Boer gong derhinne om ris achter de skermen te sjen.

It measte wurk wurdt dien ûnder ien dak, syn dak dêr’t Chemistry Publishing sit, in ienmanssaak dêr’t De Jong kontaktpersoan, ferkeaper, foarmjouwer, drukker én útjouwer fan keunstboeken, prints en magazines is. Altyd yn gearwurking mei oaren. Dat makket dat elk projekt oars is en wat unyks opleveret. Ast nei De Jong lústerest en eagest, sjochst in besiele ambachtsman en hearst him mei in soad passy en eigenheid praten oer it fak en de keunstners. Ast it him op de man ôf fregest, sjocht er himsels foaral as foarmjouwer: ‘Die rol vind ik in alle facetten het leukst. Dan sta ik naast de kunstenaar en kan ik meedenken. Ik vind het object het belangrijkst, hoe gaat dat eruitzien? De voorbereiding is hierin belangrijk. Er is een gesprek met een artiest over wat hij wil maken, en daar wil ik hem de vrijheid in geven.’

De dissiplines dêr’t er mei gearwurket, binne yn haadsaak it saneamde ‘platte wurk’; skilderjen, tekenjen, graffity en fotografy. Benammen mei fotografen soe er mear gearwurkje wolle, ek om’t dêr syn eigen ynteresse leit. Neist de gearwurkingen wurket De Jong ek yn opdracht fanút syn printshop. 

Wynenerzjy

Wêr’t sommige minsken fan jongs ôf oan al in ropping hawwe, leit dat by him oars. Hy is berne yn 1987 yn Harns en opgroeid op Flylân. Syn âlders wurken yn ’e binnenfeart. Hysels gong letter nei de hegere seefeartskoalle yn Amsterdam en waard maritym offisier. De Jong ynteressearret him foaral foar wynenerzjy, mar dêr wienen doe noch net de goede plakken foar. Hy hat in pear jier wurke yn de masinekeamer fan in hotelakkommodaasje foar wurklju fan gas- en oaljeboarplatfoarms op see. En úteinlik by Boskalis en Van Oord, twa grutte sivile bedriuwen dêr’t er oan wynprojekten wurke. De Jong hie altyd al belangstelling foar fotografy, mar noch net op it profesjonele flak. ‘Door mijn werk, maar zeker ook door mijn omgeving, zie je fotografie dan als hobby, en denk je niet: hé, ik kan hier ook een opleiding in volgen.’

It wurkjen op see blykt in ideaal wurkklimaat te wêzen foar it fierder ûntwikkeljen fan syn hobby en ynteresses. ‘Bij zo’n olieplatform zit je vier weken op zee en dan weer vier weken thuis.’ Yn 2017 begûn De Jong mei it online magazine Chemistry, mei dêryn oandacht foar ûnder mear graffity, urban exploring, street art, fotografy. De Jong sammele it wurk foar dat tydskrift troch op Flickr en oare sosjale netwurken en foarums minsken te freegjen om in bydrage te leverjen oan it tydskrift, mar oaren kamen ek sels mei materiaal nei him ta. Yn it begjin fersprate er dy magazines online, as pdf. 

chemistry publishing

Marleen Annema

In kantelpunt

De lêste jierren wurke De Jong foaral oan wynprojekten. Dêr siet in soad wurkdruk op, wêrtroch’t er hieltyd minder tiid oerhold foar fotografy en Chemistry. Hy besleat dêrom it roer om te goaien. ‘Ik beleefde echt een kantelpunt door te stoppen met mijn baan en serieus werk te maken van mijn ambitie om uitgever te worden en in samenwerking met kunstenaars mooie dingen te maken’, sjocht De Jong werom. No, trije jier letter, is Chemistry Publishing enoarm groeid en in útjouwerij wurden. Mar dêr begûn it net daliks mei. 

It online tydskrift rûn hartstikke goed. Mar De Jong fielde de needsaak om ek wat taastbers te meitsjen. Fia in online drukker drukte er in magazine, mar de kwaliteit foel ôf: ‘Het viel letterlijk uit elkaar. Daarom zocht ik contact met een drukkerij, zij gaven aan dat ik net de verkeerde keuzes had gemaakt voor het drukken en daardoor realiseerde ik mij dat ik samenwerking bij het maken miste, en ook de ervaring.’

Untwikkeling fan in ambacht

De teloarstellende kwaliteit fan de earste drukûnderfining stimulearre De Jong om út te sykjen hoe’t dat drukken en útjaan no yninoar stekt. Hy gong nei in lokale drukkerij en in boekbiner dêr’t er krekt fanút gearwurking de knepen fan it fak learde. ‘Hier leerde ik wat de keuze voor een materiaal doet met het eindresultaat. Denk aan de reacties van materialen op elkaar, de vorm en ga zo maar door. Dat moet je wel eerst zien en ervaren voordat je weet hoe je daarmee moet werken. Daarom wil ik ook samenwerken met mensen om te zien wat er in zo’n proces gebeurt. Het is belangrijk om daar de tijd voor te nemen, zodat je een eindproduct krijgt waar iedereen tevreden over is. Dat is een heel ander proces dan dat je iets naar een drukker stuurt en eigenlijk niet weet wat je terugkrijgt.’

Foarsjoen fan de nedige kennis en kunde giet er ûnder de namme Chemistry Publishing fierder. Ien fan de earste gearwurkingen is mei graffity-artyst Swet. ‘Hij maakt heel vette dingen, maar alles wat hij maakt staat direct op Instagram. We wilden een boek maken, maar waarom zouden mensen een boek van 70 euro kopen als ze alles ook op hun telefoon kunnen zien? Toch hebben we binnen een jaar 500 boeken verkocht. Daar leer je van dat mensen dat tastbare ook tof vinden. Instagram is heel vluchtig, maar zo’n boek kunnen ze over tien jaar nog uit de kast pakken.’

Oare keunstners sjogge dêrnei wer publikaasjes fan Chemistry Publishing en sykje him dan ek op foar gearwurkingen of opdrachten. In goed foarbyld dêrfan is de gearwurking mei fisueel keunstner Super A. Super A siet noch aardich oan it begjin fan in searje wurken mei de titel Trapped. Twaenheal jier letter is de searje ôf en is der in boek. De Jong: ‘Dat een gedeelde passie en het verlangen om iets echt tofs te maken leidt tot zo’n mooi boek dat de hele wereld overgaat, had ik niet verwacht.’

Sa’n sukses iepenet fansels wer oare doarren. De Jong: ‘Drie jaar geleden had ik hem nooit durven vragen, en nu vroeg Stom 500 − een kunstenaar uit Straatsburg − mij voor een samenwerking!’ Sa binne de projekten ek syn fisitekaartsjes wurden.

Keunstdissiplines

In soad ferskillende projekten betsjut ek mei in soad ferskillende minsken gearwurkje. De iene kear is De Jong oan it oparbeidzjen mei in yllustrator, sa as Micha Huigen. En in oare kear mei in ynternasjonale keunstskilder lykas Zane Prater. Chemistry Publishing is sa in plak wurden dêr’t in breed skala oan keunstdissiplines útjûn wurdt. ‘Je moet heel goed doorhebben hoe een artiest werkt. Ik ben heel precies, maar een artiest is dat ook in zijn werk. Je moet daarom de juiste vragen stellen, het juiste beeld erbij hebben van hoe de artiest het ook ziet. Er moet een goede chemie zijn.’  

Chemistry Publishing gong krekt foar de pandemy fan start. En doe lei alles kompleet stil… Mar it bedriuw begûn in Instagrampagina dêr’t opdrachten pleatst waarden, en geandewei fernaam De Jong dat der hieltyd mear lokale minsken nei him ta kamen. Ynteressante opdrachten dêr’t er ek syn artistike kyk yn kwyt koe, folgen. Sa ûntstie de printshop dêr’t hieltyd mear gearwurkingen út fuortkamen.

De romte stiet fol mei printers, parsen en byn- en snijmasines. Der wurdt suver neat útbestege. As der wat net slagget yn de DOAS, siket er in goede partner. ‘Dat zie ik niet als uitbesteden, maar investeren in samenwerkingen. Zo kijk ik per project of het past om met andere creatieve vakmensen samen te werken.’

Hoe mear as er groeit, hoe mear as er sels yn ’e hûs helje kin. Sa is der koartlyn in digitale printer ynstallearre, dêr’t er no mei eksperimintearret en de mooglikheden ûntdekt.

Duorsumheid

Der wurdt op in duorsume manier drukt, sawol yn materiaal as oplage. By grutte drukkerijen is in hegere oplage goedkeaper, mar as je yn in gruttere oplage ôfnimme, is it risiko ek folle grutter om by ôffallende ferkeap mei restpartijen sitten te bliuwen. Trochdat De Jong gâns techniken yn ’e hûs hat, kin hy ek makliker it ‘printing on demand’-prinsipe tapasse. Fierder wurdt der safolle mooglik op recycle papier drukt en wurde materialen lykas doazen en kokers opnij brûkt.

Keunstners − lokaal en ynternasjonaal – fine him noch altyd. In krúsjaal kritearium foar in gearwurking is de mjitte wêryn’t De Jong romte hat foar syn eigen ynbring. Undertusken hawwe der 36 gearwurkingen/publikaasjes west en ferdielt De Jong syn tiid tûk. Hy wurket trije dagen oan opdrachten en de oare twa dagen wurket er oan de gearwurkingen as útjouwer.

Neist publikaasjes yn oplage binne der ek unika te krijen yn syn webshop. Sa binne de omkaften fan de boekerige fan Zane Prater stik foar stik op in oare wize mei de hân beskildere. Neist it ferkeappunt yn de DOAS binne der oer de hiele wrâld spesjalisearre winkels dy’t de boeken fan Chemistry Publishing ferkeapje.

Yn de takomst wol De Jong ek eksposysjes en lêzingen organisearje by publikaasjes. Op dit stuit tinkt er tegearre mei Bouwe Brouwer − ‘Een té bescheiden megatalent’ − nei oer in boek oer autocross op het circuit van Blauhús. In projekt dat se útwreidzje wolle mei in eksposysje op meardere plakken. ‘Ik wil niet alleen iets aanbieden in de webshop. Ik wil het aanbieden van de publicaties en prints tot een beleving maken.’

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.