Boris Ryzji, dichtersreus en poète maudit

Publisearre op 19 november 2014

EELTSJE HETTINGA – 

(…) Dan hâldt
hookstrooks Apollo dy steande, poëtyske god, en seit lûd:
‘Dyn fersen binne goed, jongkeardel, mar sjochst der beroerd út.’

Boris Ryzji (1974-2001)

 

Koartby waard yn it Melklokaal op it Hearrenfean de útstalling ‘Het mooie leven’ fan skilder en byldzjend keunstner Jochem Hamstra iepene. Yn de sprutsen ynlieding op syn wurk kaam ûnder oaren it magistrale gedicht ‘Pan-Europese glans krijgt binnenkort…’ fan de Rus Boris Ryzji (1974-2001) nei foaren, ien fan Hamstra syn favorite dichters.

It fers is te finen yn de blomlêzing Afscheid in Rusland (2013), in troch Anne Stoffel nei it Nederlânsk oerbrochte seleksje fan Ryzji-gedichten. Wat in bondel! Wat in stim! In lûd dat tinken docht oan it wurk fan Joseph Brodsky, dy oare grutte Rus oan wa’t Ryzji him opluts en oan wa’t er ek skatplichtich is. Ek yn de rest fan syn poëzij referearret Ryzji mear as ien kear oan syn dichtersfaâr, bygelyks yn it yn memoriamgedicht ‘Vaarwel dan, Olympiër, weg uit dit land –’ / dat in oan Brodsky ûntliend motto meikrige: ‘Je zult terugkeren naar je vaderland…’

‘Testamint’
Boris Ryzji soe ferneamd wurde as dichter, bokser en heale hooligan, in soartemint fan tweintichste-ieuske broeder fan de poète maudit Arthur Rimbaud en dy syn eardere ‘omke’, de dichter-dief François Villon. Ryzji waard grut yn Sverdlovsk, nei Moskou en Petersburg de grutste stêd yn Ruslân, in plak dat foar de revolúsje fan 1917 de Europeeske namme Jekaterinaburch hie. De dichter syn heit, dy’t in baan as geofysikus hie, wie in leafhawwer fan de klassike Russyske poëzy, syn suster swarde by it wurk fan Majakovski, sels lies er de poëzy fan Brodsky, Poesjkin en Lermontov en modernisten lykas Alexander Blok en Osip Mandelstam.

By Ryzji binne it gauris de rûge en feale achterbuerten fan Sverdlovsk dy’t it dekôr fan syn gedichten foarmje. Der wurdt dronken en knokt, rôve en dieve op strjitten en yn stegen, dêr’t de hoerkes har business hawwe en maffiamantsjes en oar rapalje harren dealtsjes dogge. It gesicht fan de dichter wie skeind en tekene troch in lange, djippe groede, dy’t neffens Ryzji syn eigen ferhalen it gefolch west hie fan in knokpartij op strjitte. Oaren wolle hawwe dat er dy ‘gewoan’ oerholden hie fan in fal yn syn jeugd. De gewelddiedige stedswiken fan de grouwe en grize yndustrystêd Sverdlovsk ûndergiet Ryzji as in filiaal fan de ûnderwrâld. Hy libbet as sit de dea him op de hakken, as foarfielt er syn kommend lot. Yn dy dagen, novimber 1993, as it âlde Sovjetsysteem omtrint folslein tekrommele is, skriuwt er it ferneamde gedicht ‘Testament’, dêr’t de blomlêzing Afscheid in Rusland mei iepenet.

 

Testament

Voor V.S.

We spreken af dat jij, wanneer ik sterf,
een kruis laat zetten op mijn graf. Van buiten
mag het eruitzien zoals alle kruisen,
maar jij en ik, vriend, wij zullen weten
dat dit mijn signatuur is. Net zoals
analfabeten doen op formulieren
wil ik een kruis op deze wereld zetten.

Een kruisje, want ik kon grammaticaal
niet met het leven overweg. Ik heb
mijn lot gelezen, maar het niet begrepen.
Aan één soort van klappen was ik maar gewend:
aan van die klappen die in plaats van tanden
de letters laten rollen uit je mond,
met geur van bloed.

Testamint

Foar V.S.

Wy prate ôf datsto, wannear’t ik stjer,
in krús sette litst op myn grêf. Foar it each
mei ’t derút sjen as alle oare krusen
mar do en ik, freon, wy sille witte
dat dit myn hantekening is. Lykas
in analfabeet op in dokumint docht,
wol ik in krús op dizze wrâld sette.

In krúske, want ik koe grammatikaal
net mei it libben oerwei. Ik ha
myn lot ferstien, mar net begrepen.
Oan ien soarte fan slaggen wie ik bewend:
fan dy slaggen dy’t yn plak fan tosken
dy de letters út ’e bek klappe lieten,
mei rook fan bloed.

 

Boris Ryzji syn poëzy hâldt faak de metryske rigel mei rym oan en is yn syn foarm de tradisjonele kant it neist. De ynhâld dêrfoaroer is lykas yn it hjirûnder ôfprinte en ferfryske gedicht ‘Pan-Europese glans krijgt binnenkort…’ oer alle boegen modern. De toan yn syn fersen rint fan mankelyk, elegysk oant en mei iroanysk en synysk. By alle rauwens en wredens, ûnderdiel fan in swart soarte fan romantyk, is der likegoed sprake fan in yntime, teare en leafdefolle kant, bygelyks bywannear’t de dichter syn soantsje besjongt: ‘De jongen is nog zo klein, en sneeuwwit is het heden.’

Ryzji_Afscheid_Mear as ienkear is der in net te wjerstean ferlangen nei oare oarden. Unrêst driuwt. Der wurdt besocht om te ûntkommen oan in wrâld fan desolate flatwiken, rikjende stielyndustryen en plestik produsearjende stjonkfabriken. De perestrojka en de fal fan de Muorre yn Berlyn, spylje net swak by yn it besykjen en rekkenje ôf mei it isolemint fan it lege, treurmarsjearjende bestean yn Sverdlovsk. Lizzend op de wagons fan de treinen dy’t nei Moskou en Petersburg ride, liket der foar in inkeling, hoe gefaarlik ek, in ûntsnap te wêzen. (…) ‘En op ieder der wagons reed / eindelijk van dwang verlost, / vrijheidsdronken, ‘Prima’ rokend, heel het gajes van Sverdlovsk,’ sa einiget it gedicht ‘Boven op een trein gelegen stoomde ik naar Oefalej…’

 

‘Gjin bullshit’
Yn 2000 wie Boris Ryzji te hearren op Poetry International yn Rotterdam. Fanwegen in tefolle oan drank kaam er syn eigen optredens fierhinne te ûnderwrotten. Lykwols makke syn poëzy grutte yndruk. Pekuniaal soe er fan Rotterdam net folle wizer wurde, krekt oarsom: by ien fan syn dronkenskippen waard er bestellen, hy rekke syn jild, dokuminten en kamera kwyt. It iennige dat er mei nei Ruslân weromnimme soe, wienen syn oantekeningen oer Rotterdam en in nust gedichten, ûnder mear in fers foar syn soan: ‘Als ik straks terugkom uit Nederland, geef ik je Lego / en dan bouwen we samen een prachtig kasteel. / Je kunt mensen en jaren tot terugkeer bewegen, / en ook liefde – wat zeg ik, er is nog zo veel. (…)’

In jier letter wie it oer en út mei ‘it feest’ fan de dichter. Der wankte in dûnkere en bittere werklikheid. Yn de Sovjet-Uny wie de dream fan de lang bide frijheid dy’t de peristrojka bringe soe op gjin kanten nei ynlost. Mei de ekonomy wie it oars net as lijen. Yn de skroatwiken fan Sverdlovsk sloech de kriminaliteit foar master op. De maffia regearde. Moard en deaslach makken drok ferkear op de tsjerkhôven. Ryzji ferlear tal fan syn maten, ‘sij, de earste striders fan de peristrojka’. De herberch fan de siele pûle him út fan leechte, skamte en skuld. Yn de maitiid fan 2001 die er himsels tekoart yn de flat fan syn âlden. Op tafel in lêste brief: ‘Ik haw jim allegearre leaf hân en dat is gjin bullshit! Jimme Boris.’

 

‘bret út oare djerre’
Boris Ryzji is it klassike foarbyld fan de poète maudit, de ferflokte dichter dy’t, maatskiplik oer alle rânen hinne donderjend, lang om let, lês: op ‘jonge’ leeftiid, oan himsels te lider giet, in ferskynsel dat men yn de Fryske literatuer net tsjinkomt, of it soe al de troch Joast Hiddes Halbertsma ta maatskiplike ferskoveling bombadearre dichter J.C. Salverda (1783-1836) wêze moatte. Hy soe foar de earste Fryske poète maudit trochgean kinnen hawwe, al moat sein dat it begryp sels destiids, krekt oan it begjin fan de Romantyk, noch net bestie. Dat sjocht pas it ljocht mei it ferskinen fan de yn 1884 ferskynde blomlêzing Les poètes maudits fan Paul Verlaine.

wadman

Anne Wadman

Nei de oarloch is by it wurk fan de dichter G.N. Visser (1910-2001) it begryp poète maudit wol neamd. Oer syn yn 1947 ferskynde bondel Jolm, dy’t destiids nochal wat reaksjes oprôp, skreau Fokke Sierksma bygelyks, en ik sitearje Jo Smit yn syn essay De Fryske literatuer 1947-1967: ‘De greatskens fan de flokte dichters, is it greatste fan dizze bondel.’ De skeptyske, synyske en romantysk-dekadinte ynslach fan Visser syn fersen wie nij yn de Fryske literatuer. Sterker, de bondel joech safolle opskuor dat it tydskrift De Tsjerne der sels in sympoasium foar op priemmen sette. By dy gearkomste stelde skriuwer Pieter Terpstra, stipe troch Pieter Wybenga, op in stuit de like skrale as earmoedige fraach: ‘Hwer geane wy op dizze wize hinne?’

Dy fraach waard de oanlieding ta in fûleindige polemyk tusken Anne Wadman, Fedde Schurer en Douwe Tamminga. Schurer rûn dêrby mei twa fuotten yn ien hoas. Oan ’e iene kant makke er him sterk foar de autonomy fan de literatuer, oan ’e oare kant stie er, lykas Tamminga, negatyf en ôfwizend foaroer de libbensbeskoulike ynhâld fan Visser syn poëzij. Wadman, it moralisme foarby, in sjapiter dêr’t er earder as redakteur fan it tydskrift Podium ek al oer skreaun en dichte hie, stribbe nei in synteze fan foarm en ynhâld. Hy wie fan betinken dat ‘Visser syn symbolyk foar it protest as skientme betsjutte: yn it triennendal (dat de wrâld wêze kin, e.h.) is de dichter in (negatyf of posityf) boadskipper, en hwa’t it boadskip net oannimt, is ûnearlik as er de boadskipper in komplemintsje jowt foar syn moaije bewurdingen.’

 

‘Wille zur Nacht’-dichter
Nei oanlieding fan Jolm skreaune de bitterkoekjedichters Schurer en Tamminga beide in fers mei de titel ‘Poète maudit’. (…) ‘Gean út ’e wei,’ dichte Tamminga, ‘ik bin poète maudit!’ / In dichter-divel, bret út oare djerre / as dy’t yn Fryslân langer libje en stjerre: / libje yn Deugd en stjerre oan Harmoany.’ // G.N. Visser, fan profesje sosjaalgeograaf, wie de dichter dy’t Fryslân ta muze naam en alles wat syn ‘faam’ nadere of oars tenei kaam it leksum opsei. Uterst reaksjonêr as er wie, wie er net ûnomstriden. Yn de jierren tritich wie er ûnder mear lid fan de Fryske Folkspartij (FFP), de ultrarjochtse bent fan Douwe Hermans Kiestra en Jan Melles van der Goot, fan wa’t de lêste behelle wie yn de oprjochting it Frysk Faksiste Front (FFF). Utsein in tal fersen lykas ‘Komselden’, ‘Pas’ of ‘Mei it kliuwen fan de jierren’ is it wurk fan Visser not my cup of tea, al wie it mar fanwegen de man syn faak hystearysk Frysk nasjonalisme en syn tirades tsjin alles wat net suver en sûn Frysk wie.

Ferflokte dichters fan it slach Boris Ryzji, Slauerhoff of Sylvia Plath, om mar ris in pear te neamen, ken de nei-oarlochske Fryske literatuer net. Se is datoangeande de saaie kant it neist. Yn it kofjetafelboek Zolang de wind van de wolken waait komt it begryp poète maudit net foar. Ek yn De tromp fan Driessen (2010), de wat brave lêzing fan Hylke Tromp oer de Fryske poëzy tusken 2000 en 2010, gjin spoar fan literêr ‘maudit-wêzen’. Winliken jildt dat ek foar de trije Fryske blomlêzings fan de lêste jierren, te witten, Droom in blauwe regenjas (2004), Spiegel van de Friese poëzij (2008) en Het goud op de weg (2008). Yn beide lêstneamde bondels is lykwols ien dy’t ta in hichte it predikaat fan ferflokt dichter drage kin: de klassikus, bohémien en ‘Wille zur Nacht’-dichter Sybe Sybesma (1924-1986).

(…)
en leech to wêzen en net mear to wêzen,
gjin weet to hawwen yn dit nigro-neat
dêr’t alles ophâldt sûnder to bigjinnen:
men is folslein it vacuum fan binnen.

(Sybe Sybema, En marge, ‘Wille zur nacht’, s. 12)

Van de markt komtWerom nei Boris Ryzji. Skilder en byldzjende keunstner Jochem Hamstra wiisde my lêstendeis op de VPRO-dokumintêre dy’t Aliona van der Horst yn 2008 oer de Russyske dichter makke. Se reizge dêrfoar nei it winterske Sverdlovsk om de sfear fan syn gedichten te heinen. Tegearre mei Ryzji syn suster gie se werom nei de mistreastige trettjinferdjippingflats yn de romrofte ‘Stielskroatwyk’, de buert dêr’t Ryzji opgroeide en dy’t er ferivigje soe yn ‘Pan-Europese glans krijgt binnenkort…’. It is ien fan de gedichten, dêr’t gelokkich audio-opnamen fan binne. De oersetting is fan de hjir earder neamde Anne Stoffel dy’t yn 2005 de Aleida Schot-prijs krige foar har fertalings út it Ryssysk wei, yn it bysûnder foar de Ryzji-gedichten yn de yn 2004 ferskynde bondel Wolken boven E.

‘Op de vuilnisbelt van het geheugen’
De markante en oangripende dokumintêre fan Van der Horst lit jin de grize oer de grouwe gean. Der is de hast winterske noartskens en ôfhâldigens fan guon bewenners yn de Stielskroatwyk dy’t, bang of erchtinkend, net prate wolle. ‘Ik lit jimme der net yn!’ Klap. Doar ticht. Famylje, kunde en freonen komme oan it wurd oer it riedsel fan de dichter syn dea. Der is gjin antwurd. Foto’s en films rûgelje foarby. ‘Hoe minder je kijkt, hoe minder je huilt,’ seit Ryzji syn frou Irina op in stuit. It ‘mooie leven’. In âlde maat bringt de skamte en skuld fan de dichter op it aljemint. ‘Hy skamme him, omdat hy libbe, safolle oaren wienen stoarn.’

Van der Horst hat in fierhinne troch earmoed, geweld en kriminaliteit tramtearre miljeu oer it fuotljocht brocht, in tragyske en bitterhurde wrâld dy’t, hoe paradoksaal ek, troch de dichter Boris Ryzji in sublym moaie skientme meijûn is. (…) ‘Op de vuilnisbelt van het geheugen ligt van alles. / Zoals iemand die al dood is, eens zei: lelijkheid, dat is schoonheid / die te groot is voor je ziel. / Er is wel heel veel van dat grote…’

*

Pan-Europeeske glâns krijt meikoarten
dit wurk fan in trans-Asiatysk dichter,
sadat Sverdlovsk by my yn it ferjit kin –
de Stielskroatwyk, it skoalplein, de gesichten.

Mar wêr’t ik ek myn ein te finen kom,
yn gleon Paris of yn it rûpske Londen,
ik ried jo: skink myn lyk de grûn
op ’n nammeleas tsjerkhôf yn Sverlovsk’ donker.

Mar net as in pronk’rich, of sis mar,
bombastyske of artistike poaze,
mar omdat se dêr myn maten dellein ha,
har marmeren profyl, mei ringsom roazen.

De jonges dy’t mei koper yn ’e harsens,
de jierren fan de jûnsmulo skraachwurk dien,
yn giftich blauwe snie delstoarten,
sy dy’t de earste striders fan de perestrojka wien’.

Lit jammerje as in bas it Stielfabryk,
Plastpolymeer sisterje, fluitsje en smoke,
en lit de frou dy’t net by my wie
in album iepenslaan en eptich roke.

Sy sil in ljochtblau album iepenslaan,
mei eagen dy’t nei de takomst wize.
Dêr libje wy, dy’t yn dat album kamen,
it skûm fan d’ierde: dichters en misdiedigers.

(1998)

*
Pan-Europese glans krijgt binnenkort
dit werk van een trans-Aziatische dichter,
zodat Sverdlovsk door mij vergeten wordt –
de Staalschrootwijk, het schoolplein, de gezichten.

Maar waar ik ook mijn einde vinden moet,
in zwoel Parijs of in het kille Londen,
ik raad u aan: doet u mijn overschot
op ’n naamloos kerkhof in Sverdlovsk de grond in.

Niet als een aardige doch, zogezegd,
bombastische en artistieke pose,
maar omdat daar mijn maten zijn gelegd,
hun marmeren profiel omringd door rozen.

De jongens die met koper in hun brein
na ’t einde van hun avondmulojaren
in giftig blauwe sneeuw gestruikeld zijn,
alsof zij strijders van de perestrojka waren.

Laat Staalverwerking loeien als een bas,
Plastpolimeer mag fluitend staan te smoken,
en laat de vrouw die niet bij mij was
een album openslaan en deftig roken.

Zij zal een lichtblauw album openslaan
vol ogen die zich naar de toekomst richten.
Daar leven wij, die in dat album staan,
het aardse schuim: misdadigers en dichters.

(1998)

 

Boris Ryzji – Afscheid in Rusland. Vert. Anne Stoffel, Hoogland & Van Klaveren, Hoorn, 2004
Boris Ryzji – Wolken boven E. , vert. Anne Stoffel, Hoogland & Van Klaveren, Hoorn, 2013

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels