Boekeman mei in missy

Publisearre op 9 augustus 2019

BERT DE JONG – 

De misjonarissen ha it paad útlein foar de Ljouwerter boekhanneler Ad Peek. Harren ferhalen fan doe binne syn ynspiraasje foar no. Net allinnich wat boeken oangiet.

 

Laat de jeugd lezen op school. Het is essentieel om het een beetje verder te schoppen in de maatschappij en cruciaal in je leven.

 

Yn it machtige geberchte fan de Himalaya giet in lyts man. It rinnen oer de smelle paadsjes de hichte yn is in aventoer, alhiel as it ticht by de râne lâns is. Hichte is foar guon benearjend. It útsjoch op de djipte fan tûzenen meters makket him deabenaud.

Boekeman Ad Peek ken gjin eangsten, útsein hichtefrees. Dochs fljocht er nei Nepal om oerweldige te wurden troch de hege bergen. ‘Ik wil mijn eigen grenzen verleggen’, ferklearret er. Skitend benaud klammet er him fêst oan syn foarrinner by in tocht oer in hingbrêge. De loksilligens oerhearsket. ‘Alle perspectief is weg. Je ziet er de sterrenhemel met meer sterren dan zwart. Het is terug naar de basis. Lekker.’

Ferhalen hawwe by Peek it fjoer fan it lêzen oanstutsen. Op ’e legere skoalle rekket er yn ’e besnijing fan itjinge de misjonarissen twaris yn it jier oer harren goede wurk yn Brazilië fertelle. Dy ferhalen misse harren doel net.

De leafde foar boeken hat syn paad fine moatten. Mei lêzen koe er yn syn jongesjierren op skoalle hielendal net goed meikomme. Dat er behindere waard troch dysleksy moasten de masters en juffers doe noch útfine. Se wisten wol ried foar hegere sifers: ‘Ik moest heel veel lezen. Ik ben het geweldig gaan vinden.’

Hy moast omstean leare doe’t er as jonge fan tolve nei in kostskoalle yn Goirle gie. In pear kear jiers koe er nei hûs. ‘Dat was toentertijd normaal, maar als je het nu bekijkt, dan is het idioot. Wie stuurt zijn kinderen zo jong nu nog weg?’ It learde him de grinzen te ferlizzen en al jong sels saken op te lossen en om sosjaal te wêzen. De bern ha dat meikrigen. Dochter Sanne studearret farmasy en hat in jier nei Nepal west om te helpen. Soan Jesse docht in accountantsstúdzje. Op syn fjirtjinde hie er al in fleanbrevet. ‘Dan moet je ballen hebben. Als ouders moet je je kinderen leren angsten te overwinnen. Het begint met zeilen in een Flits.’

Seis jier lang lei yn Goirle syn doel op lêzen en op sport, oare ferdivedaasje wie der amper. It wie fan wearde: ‘Laat de jeugd lezen op school. Het is essentieel om het een beetje verder te schoppen in de maatschappij en cruciaal in je leven.’

Tûzenen boeken hat er ferslynd. ‘Ik vind lezen geweldig. Boeken zijn mijn thermometer’, ferklearret Peek. ‘Als ik lees, dan weet ik dat het goed met mij gaat.’ Jûns giet er mei boeken op bêd. Hy kin mei sa’n fiif oeren sliep ta. At er om trije oere wekker wurdt, dan lêst er noch in oere en sliept dêrnei wer fierder.

 

****

 

Tegearre mei eigener Rutger van der Velde (48) stiet Ad Peek (66) oan it roer fan in bedriuw dat mei syn suksesfolle oanpak rûnom yn it lân respekt ôftwingt. De boekhannels fan Van der Velde binne as de grutste selsstannige keten fan it lân in spegel foar oaren. De oankeap fan de ferneamde boekhannel Waanders yn de Broerenkerk yn Swol fan ’t simmer is ‘de kers op de taart’.

In monumint fol boeken en noch is it net genôch. Yn de machtige Broerenkerk is krektlyn mei man en macht wurke om de boeken fan ’t plak te heljen en dêr hûnderten titels oan ta te foegjen. It resept foar de njoggen boekhannels fan Van der Velde is simpel: der moat in grut ferskaat wêze. ‘Mensen willen wat te kiezen hebben. In een groot aanbod zit de verleiding.’

It is in bysûndere gearwurking fan twa mannen dy’t grutte ambysjes hawwe mei boeken. Peek is yn 1975 nei Ljouwert kaam. Hy waard doe de help en bystân fan boekhanneler Adriaan van der Velde en yn 1992 direkteur. No is hy dat mei soan Rutger, dy’t as fjirde generaasje in bedriuw hat mei in jieromset fan 21 miljoen euro en 140 minsken oan it wurk. De keten is útgroeid ta in grutte en foaroansteande spiler yn it lân.

De mannen binne as yin en yang. Peek hie oant dit jier in kwart fan de oandielen yn it bedriuw, mar hat dy oerdien oan Van der Velde. Wol giet er noch troch mei lieding jaan. ‘Ik vind het boekenvak nog veel te mooi. Maar uiterlijk in 2021 is het mooi geweest. Dan ga ik naar Nepal. Ik heb er al grond gekocht voor een huis met een gastenverblijf.’

Wat yn 1892 begûn is mei in boekhannel fan Rinze van der Velde yn Ljouwert is no in keten fan njoggen winkels. Der binne twa yn de stêd Grins en fierders binne der winkels yn Drachten, Snits, Dokkum, Assen en Swol. Begjin 2019 komt Harns dêr noch by. It is dêr in bysûndere gearwurking ûnder ien dak, fan museum Hannemahuis, de biblioteek en de nije boekhannel.

Dat soarte gearwurkingen binne de takomst treast. ‘Het is van belang dat mensen blijven lezen. Het lezen van boeken heeft ook met welzijn te maken’, filosofearret de boekeman. Mei Harns as foarbyld hopet er dat folle mear stêden in kultureel kertier krije mei dêryn in biblioteek en in boekhannel. Syn oertsjûging: ‘Boeken geven mensen plezier’.

 

****

 

Ad Peek is in man fan sifers. Hy wit foar hoefolle kapitaal der op ’e planken stiet, mar lykwols net hoefolle boeken der stean. Der binne oaren dy’t dêroer gean, de minsken yn de winkels witte folle mear fan boeken as de direksje, seit er. ‘Onze mensen zijn het belangrijkste, die maken het succes. Zij staan op nummer één. Mensen kun je niet digitaliseren, dat is het mooie.’

Op it each is hy de tûke sakeman: ‘Ik ben ondernemer en best wel ambitieus.’ Mar yn him giet in oar minske beskûl. ‘Het klinkt basaal, maar de kern is hoe je als mensen met elkaar omgaat. Van belang is wat je gedaan hebt met je leven. Je moet er voor andere mensen toe doen.’

Dat ferklearret mei syn ynspanningen foar projekten yn ûnder oaren Nepal. Syn jongesdream om as misjonaris nei it bûtenlân te gean, komt sa dochs noch út. It is begûn mei in reis mei in freon nei Kathmandu, no set er dêr geregeldwei hinne om stipe te jaan oan goede doelen: ‘Scholing is de beste ontwikkelingshulp die je kunt geven.’

Itselde docht er as bestjoerder fan de Ljouwerter stifting Amelanderhof. Mei it rendemint fan it besit dêrfan wurdt help jûn, ûnder oaren foar de soarch oan deminte âlderen. Fan âlds wie dat it fûns foar de katolike earmesoarch. Oant it roomske geloof yn 1853 wer in offisjele status krige, wie it foar de ‘papen’ heukerjen. Yn it Ljouwert fan dy tiid al hielendal: in kwart fan de ynwenners krige stipe, de katoliken in kwart fan wat de luthersken útbetelle waard.

It fûns fan Amelanderhof is no foar elkenien. Peek hat ek gjin ferbining mear mei de tsjerke dêr’t er mei grut wurden is. ‘Het Vaticaan is een van de rijkste staten. Dat gaat tegen mijn gevoel in. Dat kan ik niet verenigen met “Heb je naasten lief”.’ Grut wurden yn in katolike arbeidershúshâlding yn Vianen folget er de goede ried fan heit: ‘Als je gelukkig kunt zijn met een oude fiets, dan ben je onkwetsbaar.’ Dat is him ynprinte en ek oaren krije it fan him mei. ‘Daarin zit zoveel wijsheid.’

Opgroeid yn it tiidrek fan de flowerpower kaam Ad Peek as in nozem ‘met lange haren en een flapperende Afghaanse jas’ nei it âlderlik stee werom. Foar in fierdere stúdzje ûntbruts him de nocht. Syn heit hie foar him in baantsje regele op kantoar by in fruitymportbedriuw. ‘Ik ben goed in cijfers en ik leerde alles van snelle handel. Er zat zoveel dynamiek in.’

No 43 jier ferlyn is er nei ‘de mooiste provincie’ Fryslân kaam. Earder wie er yn de Ardennen fereale rekke op Gerry Roersma fan De Ryp, no syn frou. Op syk nei in hûs die al gau bliken dat de kânsen yn Fryslân better leinen. Oan wurk ek gjin gebrek, it wie it famyljegefoel dat de trochslach joech om foar Van der Velde te kiezen. ‘De boekhandel is er echt een manier van leven.’

 

***

 

De wille dy’t hy belibbet oan boeken, bringt Ad Peek graach oer op oaren. It krewearjen is dêrop rjochte. As bestjoerslid fan de CPNB, it propagandaburo fan it Nederlânske boek, mar ek as inisjatyfnimmer foar it Fryske boekewikegeskink as oersetting. ‘Het is zo ontzettend belangrijk om mensen aan het lezen te krijgen. Zo wek je belangstelling voor het Friese boek.’

Hiel optimistysk foar de takomst fan it Fryske boek is er lykwols net. Safolle Fryske literatuer wurdt der net skreaun, is syn observaasje. ‘Ik denk dat het lastig wordt. Het beste perspectief voor het Fries is er als spreektaal.’

Der wurde yn in jier tiid yn it hiele lân sa’n 41 miljoen boeken ferkocht. In grut part is om wei te jaan. ‘Een boek is een ideaal geschenk, je geeft iets persoonlijks. Een boek is godzijdank een belangrijk onderdeel in onze cadeautraditie.’

Mei grut genoegen hat hy De zomer van 1927 fan de skriuwer Bill Bryson lêzen, oer it hichtepunt fan de ‘roaring twenties’ en it begjin fan de loftfeart mei Charles Lindbergh. ‘Dat vind ik mooi. Ik hou van historische boeken.’ Syn favorite romanskriuwer is Haruki Murakami. ‘Kafka op het Strand vind ik mijn mooiste boek.’ En de glimkes kamen by it lêzen fan de columns fan Kees van Kooten yn it boek Sterk Verdund.

Begjin 2019 folget der wer in missy nei Nepal. ‘Het is er bijna gesloten gebied, er mogen amper toeristen komen. Als je daar komt, leer je weer de wijsheid van de oude fiets. Je moet ertoe doen. Er zijn zoveel goede doelen, daar kun je veel betekenen. Het zijn de mooiste ervaringen.’

‘Ik geniet ongelooflijk van het leven’, konstatearret Peek. Hy seit it mei relativearring. ‘We leven in zulke gouden jaren, we hebben het zo goed met elkaar.’ Hy is ûndernimmend, sa hat er altyd west. Fan alles hat er by de ein hân. In âlde stienbakkerij hat er opknapt, in garnalekotter. ‘Het kostbaarste wat je hebt is tijd. Doe er wat mee in je leven. Je moet wel zorgen dat het je eigen feestje wordt.’

 

 

(Earder ferskynd yn de Moanne nûmer 7, 2018)

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels