Boekefeest: op kromme teannen troch de húskeamer dûnsje

ELSKE SCHOTANUS –

De Fryske Boekewike fûn dit jier plak fan 6 oant 14 maart. Sjoernalist en skriuwster Elske Schotanus wie der by, thús, en yn tinzen.

Wêrom keapest (of lêst) in boek, en wêrom krekt dát boek of dy boeken? Yn myn skoallejierren wie dat troch it entûsjaste ferhaal fan in learaar of klassegenoaten. Letter: resinsjes, dat boek dat op de sichtplanke leit, dat oansprekt ast it trochblêdest. Soms is der immen yn dyn omjouwing dy’t seit: ‘Moatst lêze, ju.’ Benammen ek boekeprogramma’s op televyzje ha in wichtige rol as it giet om omtinken te generearjen. Ek as it om Fryske boeken giet?

Freedtejûn 6 maart sette de Fryske boekewike útein mei jûns it ‘boekefeest’, fanút de Westertsjerke útsjoerd troch Omrop Fryslân, mei yn it programma Hilda Talsma as skriuwster fan it kadoboek Lockdown leafde en, sa waard oankundige: nijsgjirrige ynterviews, muzyk en foarpriuwkes.

Earder dy deis hie de Omrop folgers op Facebook de fraach steld: “Wat is dyn favorite Fryske boek?’ Dêr kwamen 313 reaksjes op wêrfan likernoch fjirtich fan guon dy’t ien of mear wurken fan in proazaskriuwer neamden. Fan dy fjirtich wie it tal minsken dat in titel, yn dizze iuw publisearre, neamde op de fingers fan ien hân te tellen. Nimmen hie in poëzybondel as favoryt, inkelde reaksjes wiene gjin antwurd op de fraach en fierder: berneboeken, berneboeken en mear berneboeken. Geweldich dus dat Omrop Fryslân televyzje dy jûns in fol oere op feestlike wize omtinken jaan soe oan nije Fryske boeken. Toch?

De Fryske boekewike soe tagelyk mei de Nederlânske wêze. Om ‘it firus’ is de Nederlânske nei de simmer skood, wat as bykommend foardiel hat dat skriuwster Hilda Talsma op it boekefeest net yn it skaad stean soe fan Hanna Bervoets dy’t, sa wie de bedoeling, tagelyk mei har yn ’e tsjerke sitte soe. Bervoets har boekewikegeskink is yn it Frysk oerset, mar de ferfrysking sil net earder te krijen wêze as wannear’t ek it orizjineel by de oankeap fan in boek kado dien wurdt.

Alternatief Boekenbal
Lykas de Omrop brocht it BNNVARA-programma De Vooravond in ‘Alternatief Boekenbal’. Oan tafel ferskynde net allinne Hanna Bervoets, ek Roxane van Iperen dy’t it boekewike-essee skreaun, en noch seis skriuwers sieten yn it programma, útstjoerd fanút De Stadsschouwburg. Wat it lêzen fan in boek mei dy docht, wie ûnder mear ûnderwerp fan it noflik petear. Moaie bylden fan eardere boekebals, in stikje muzyk, libbene presintatoaren … Prachtig wie Babs Gons har foardracht fanôf it balkon fan it boekewikegedicht ‘Polyglot’, en Leona Philippo song ‘You can’t judge a book by its cover.’

Gjin Hanna Bervoets, dat soe Fryske skriuwers de romte jaan kinne op it ‘boekefeest’. Nei it alternative ‘bal’ yn De Vooravond hie ik it al hielendal foar my sjoen: Anne Feddema dy’t fanôf it balkon fan de Westertsjerke foardraacht út Lippenbiter van L. Sipke de Schiffart lêst in fragmint út syn roman Sjappy. Koos Tiemersma fertelt oer Quist. Martsje de Jong hat it oer ‘Pippi’ en it belang fan it oersetten fan berneboeken. Ernst Bruinsma besprekt ris gjin boeken, mar hâldt in praatsje oer wat it lêzen him persoanlik bringt. De tydskriften presintearje har. Om mar wat mooglikheden oan te jaan …
Yn it lêste nûmer fan de moanne – nûmer 1 – is Karen Bies har kollum ‘Ofhechtsje’ te lêzen, har ôfskied fan it tydskrift as kollumnist. ‘Wêr’t ik klear mei bin’, skriuwt se, ‘is de argewaasje en de strideraasje yn de Fryske literatuer’. Se leit dat, sûnder ‘man en paard’ te neamen, yn koart bestek út, en slút ôf mei de wurden: ‘Skriuw in moai ferhaal of gedicht. Lês dat fan in oar. Gean meielkoar yn ’e kroech sitten en praat deroer.’
Karen Bies is lykwols net sadanich ‘klear’ mei de Fryske literatuer, dat sy net ree wie om it ‘boekefeest’ as ôftraap fan de boekewike te presintearjen. No is it sa dat skriuwers net oantrúnd hoege te wurden ‘moaie ferhalen en gedichten te skriuwen’, dat dogge se.
Dat docht Hilda Talsma mei Lockdown leafde, dat as kadoboek net sámar in kadootsje is, mar in kadootsje dat it (potinsjele) lêzerspublyk fertokje moat in Frysk boek oan te skaffen. Mar hokker Frysk boek? Of leaver noch: hokker resint Frysk boek? Foarich jier ferskynden 79 Frysktalige titels, dit jier seis. Oersettingen, sammele wurk, kadoboeken, en werútjeften net meirekkene wie der de kar út sawat fjirtich skriuwers en dichters dy’t frege wurde koene om nei de tsjerke te kommen om dêr har wurk foar it fuotljocht te bringen.
Wat hie ik deputearre Sietske Poepjes ek alwer skreaun doe’t sy my ein oktober foarich jier om feedback frege oangeande it ôfskaffen fan nominaasjes foar de Gysbert en in oare opset fan de útrikking? Under mear dit: “Folle wichtiger as hoe om te gean mei de Gysbert, is de fraach: hoe minsken oan it lêzen fan / harkjen nei Frysktalich wurk te krijen. En ek: hoe tefoaren te kommen dat it proaza ferdwynt no’t de skriuwer dêrfan, tagelyk mei de skries, in útstjerrende soarte is. Ja, de sfear is betiden stikelich, mar foar it (potinsjele) lêzerspublyk docht dat der net ta: lekker yn in hoekje mei in boekje, dêr draait it om.”

En hokker ‘boekje’ dat wêze kinne soe, dy kar soe de feestlike útsjtoering op de Omrop fêst in bydrage oan leverje.

Bier en frituer

Yn har kollum yn de freedsbylage fan de Ljouwerter, 5 maart, skriuwt Martsje de Jong dat de kombinaasje fan bier, frituer, smoute ferhalen en goeie myziek minsken lûkt, ‘as je der mar gjin subsydzjeferantwurde gekwezel oan foarôfgean litte.’ Se soe der plat foar, en ik likegoed. Tagelyk mei Martsje de Jong stimde ik, elk op it eigen honk – sy mei in pot bier en frituer, ik mei in glês wyn en in board pasta – ôf op Omrop Fryslân. It ‘feest’ wie noch net sa lang oan ’e gong of ik krige in berjochtsje fan har. We wikselen opmerkingen út: ‘Wat in ergernis, it geëamel oer ferkeap en taal.’ ‘Ik bin der wis fan dat net in harses dit útsit, allinnich de diehards…’ En we hellen sitaten fan de gasten oan: ‘Goed dat er aandacht is voor het boek.’ En: ‘Je kunt het boek niet genoeg vieren.’
Yndied: it boek – IT BÓÉK!!! – hie op it boekefeest fierd wurde kind, mar dat kin perfoarst net mei in boekhanneler, de afûkdirekteur of dy fan it CPNB oan tafel as sy it net oer boeken!!! ha. De beide skriuwers op it ‘feest’ kamen net ta har rjocht, Hilda Talsma net, en Hein Jaap Hilarides, skriuwer fan de resint ferskynde roman Xenia, likemin. ‘De skriuwers dienen harren best om net yn it negatyfisme mei te gean fan frou Bies’, liet immen fan bûten it literêre wrâldsje Martsje witte. ‘Doe’t hja de skriuwer oanspruts oer de Gysbert Japikspriis … haw ik de tillevyzje útset.’
Sels fertocht ik de organisaasje derfan Hein Jaap Hilarides net allinne frege te hawwen om oer syn roman te praten, mar benammen om’t hy as sjuerylid foar de Gysbert Japicxpriis foar poëzy op ’e kop skiten waard troch skriuwers dy’t miene dat de kwaliteit fan de sjueryleden net oerhâldt. Dat de presintatrise dêrom besocht har eigen ‘blokje nocht oan ûnnocht’ op it fjoer fan de ‘strideraasjes yn de Fryske literatuer’ te smiten.
Al mei al woe it ‘feest’ op gjin inkelde wize feestlik wurde. Krekt net, dat nei ôfrin fan it programma dûnse ik op kromme teannen troch de húskeamer.
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.