Boarrelpraat

GERBEN DE VRIES

Dat it omslach tige bekend foarkomt, is noch net it slimste.  Yn 2001 publisearre Korrie Korevaart Ziften en zemeleknoopen. Literaire kritiek in de Nederlandse dag-, nieuws- en weekbladen 1814-1848. Op it omslach is in skilderij út 1826 ôfbylde, makke troch Tjeerd Eernstman. It heart ta de kolleksje fan it Frysk Museum yn Ljouwert. Der binne fjouwer manlju op te sjen, deftige lju, mei bril, piip, in glês jenever en de Leeuwarder Courant. Itselde skilderij is brûkt foar de foarkant fan Opkomst en bloei van het Friese nationalisme, 1740-1875 fan Philippus Breuker út 2014. Dêr stean oars mar trije mannen op de foarkant, de lofter boarger mei kachelpiip is it hoekje omgien.

 

Orizjineel is it net, mar hawar, as it boek goed is, makket it ek net sa’n soad út dat de blikfanger wat al te maklik wie. It probleem is: it is net sa’n goed boek.

 

Yn 2017, mar trije jier nei it boek fan Breuker, prestearret in skriuwer fan namme it opnij om it skilderij fan Eernstman op de omslach te setten. No wol wer mei in kwartet mantsjes. Orizjineel is it net, mar hawar, as it boek goed is, makket it ek net sa’n soad út dat de blikfanger wat al te maklik wie. It probleem is: it is net sa’n goed boek. Goed, hear ik guon minsken sizzen, it giet ek mar oer de Groote Sociëteit fan Ljouwert: in wat saaie heareklup en dêr waard allinnich mar wat omjeuzele en jenever dronken. Wiere en wize wurden. It is ek mar in tin boekje fan 100 siden wurden. Mar nim dan ris De Groote Sociëteit te Groningen 1765-2015, goed twa jier lyn ferskynd. Mear as 300 siden en de Sociëteit wurdt benammen besjoen fanut de ‘sociaal-maatschappelijke betekenis en bijdrage’, sa’t de de ûndertitel seit.  Sjoch, dat neam ik no in wat heger ambysjenivo.

Dat hat it boek mei de namme Onder Heeren. 250 jaar Groote Sociëteit in Leeuwarden dochs in stik minder. It begjint wol goed. De auteur, yn it sâlt bebiten yn de skiedskriuwing fan Fryslân, set útein mei de oprjochting fan de sosiëteit en de Heeren dy’t dêrmei anneks wiene. Al rillegau giet dat lykwols oer yn in algemiene skiednis fan Fryslân yn de 18e en 19e iuw. Ik moat wol oannimme dat der hielendal gjin argyf is fan de Groote Sociëteit út dizze perioade, al seit de skriuwer dêr gjin wurd oer. Ek de folgjende haadstikken binne algemiene skiednis, mei hjir en dêr ris in ferwizing nei ‘de soas’. Pas op de helte fan it boek komme wy einliks oan by in eigen gebou fan dizze Sociëteit, oan de lange Pijp yn de Fryske haadstêd. Neffens de foetnoaten brûkt de skriuwer noch altiten gjin argyfstikken. Dan binne wy hast al 150 jier fierder.

Op Tresoar en yn it Histoarysk Sintrum Ljouwert is gjin argyf fan de Groote Sociëteit te finen, dat dat sil grif noch by de feriening sels lizze. As ik it goed sjoen ha, wurdt pas op side 68 de earste ferwizing nei in argyfstik opnaam, de notulen fan in direksjegearkomste út 1916. Der binne dus wol notulen, mar de auteur brûkt se hast net? Of wie dat mar ien losse ‘notuul’ út 1916? Wy komme der net achter. Wol blykt dat in frij soad ynformaasje ôfkomstich is út B.O.M. Bomers’ Borrelpraat over de Geschiedenis van de Groote Sociëteit op 18 maart 1994. Hie dy Bomers dan wol de beskikking oer mear argyfmateriaal?

It leste haadstik, ‘Het jongste verleden (1940-2015)’ lit pynlik dúdlik sjen dat de skriuwer it dreech hat mei de resinte skiednis. Neffens de Nieuwe Encyclopedie van Fryslan is de auteur spesjalisearre yn ûnder mear de Fryske skiednis fan de 19e iuw. Hy is al oer de 80 jier. Faaks hie foar dit lêste part in wat jongere skriuwer útsocht wurde kind. Ut de inkelde noaten docht wol bliken dat der notulen en jierferslaggen binne, mar der komt hast neat leuks foarbydriuwen. Waard de politike elite fan de 18e en 19e iuw noch aardich wiidweidich sosjologysk behannele, foar de 20ste iuw wurdt der feitlik gjin inkelde stap yn dy rjochting dien. Of binne de leden fan de Ljouwerter Groote Sociëteit wier sa oerflakkich as it no liket? It hapke en noch mear in drankje, sa út en troch in lêzing, in ‘Oranjeavond’ en by eintsjebeslút in groepsportret. It is tekenjend dat dit slothaadstik mar 17 siden telt, werfan’t ek noch in stik as wat mei foto’s. En der sit ek noch in heechst merkwaardig útstapke by nei in pear oare ‘charitatieve instellingen’ as it Sint Anthony Gasthuis en it St. Jobslien, dêr’t ek leden fan de Groote Sociëteit bestjoerders fan wiene. Tsja. Tsjoch.

 

 

J.J. Huizinga, Onder Heeren, 250 jaar Groote Sociëteit in Leeuwarden. Uitgeverij Wijdemeer, 2017. 98 siden, €15,00

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.