1345
BARTLE LAVERMAN –
it like wol
as wiene wij
oan it meanen
sa sloegen ús seinen
suver tagelyk
oer it somplân
de koppen fan dy grynders
dy’t fan oer it grutte wetter
oanlanne wiene
wij
went om te slachtsjen
ús baarch
de âlde ko
it bollekealtsje
wiene net oerâl te krijen
fan harren bloed
op ús baaitsje
en doe’t it dien wie
wie der bier