fotografy: Ton Groot Haar

Arjan Hut is de fyfde ‘Wâlddichter’

TSJOMME DIJKSTRA –

Arjan Hut (1976) is de kommende twa jier ‘Wâlddichter’, dichter fan de gemeente Achtkarspelen. Hy is de opfolger fan Meindert Talma dy’t it dichterskip de ôfrûne twa jier ferfolle hat. Hut sil in oantal kear yn it jier troch de gemeente frege wurde om by in spesjale oangelegenheid in gedicht foar te dragen en is frij om der in eigen ynfolling oan te jaan.

 

Ik haw wol in pear dagen lyn in dream hân dat ik op Facebook al myn freonen yn Achtkarspelen hjiroer ynljochte en frege oft ik by elk in kear sliepe kinne soe. ‘Arjan blijft slapen’, yts yn dy trant.

 

“It earste dêr’t ik foar frege bin is om in gedicht te skriuwen foar de ynstallaasje fan de nije boargemaster Oebele Brouwer fan Achtkarspelen, dat is op 7 febrewaris”, seit de dichter út Ljouwert. “Ik bin ek al mei dat gedicht dwaande, it hat as wurktitel Smook yn de Wâlden.”

Arjan Hut is âld-ynwenner fan de gemeente. Hy groeide op yn Surhústerfean en gie yn Bûtenpost nei skoalle. “Ik ha der oant ’96 wenne. Myn mem en broerke wenje der noch. As ik der kom is it dêrom foar my altyd wat oft ik yn myn jeugd omstap. It is wat nostalgysk.”

Tafallich is it in ferlykbere gefoelsbân mei de gemeente, sjocht Hut, as syn foargonger Meindert Talma dy’t lykas hy yn Surhústerfean opwoeks. “Meindert wie de ôfrûne jierren eins ‘wâldsjonger’. Hy hat der yn syn teksten wol oer skreaun, oer syn herinneringen, aparte karakters beskreaun ensa. Ik haw wol by ien fan syn optredens west. Ik ken him net persoanlik, mar bin der letter efter kommen dat hy mar ien strjitte fierder wenne.”

Hut stelt dat bylden út it ferline noch fakentiden troch syn dreamen sjitte. “Mar ik wol wol besykje yn de kommende jierren wat op aktuele saken yn te spyljen. Ik hâld de Feanster online al wol yn de gaten.”

Wat syn dichterskip opsmite sil, wit hy noch net rjocht. “Wy sille it wol sjen. Dêr haw ik haw noch net djip oer neitocht. Ik haw wol in pear dagen lyn in dream hân dat ik op Facebook al myn freonen yn Achtkarspelen hjiroer ynljochte en frege oft ik by elk in kear sliepe kinne soe. ‘Arjan blijft slapen’, yts yn dy trant. Dat sil ik sa net dwaan hear, dêr bin ik te bleu foar. Mar dochs, ik fûn it net in hiel raar idee.”

Yn 2009, doe’t de earste Wâlddichter beneamd waard, makke Hut al ris gading nei de titel. “Ik hie doe ek in hiel wurkplan makke, mar doe bin ik it úteinlik net wurden. Ik hie yn de perioade ek wat lêst fan in writer’s block.” In pear moannen lyn krige hy de fraach oft hy de folgjende Wâlddichter wêze wolle soe. En hy hat der in protte sin oan.

“Yn 2005 en 2006 haw ik fansels ek stedsdichter fan Ljouwert west. Dat fûn ik doe earst hiel spannend, mar ik haw dêr in hiel soad fan leard. Sa as, hoe’t ik my presintearje moat. En hoe’t je foardrage foar in net perfoarst literêr publyk, of foar minsken dy’t eins net op in dichter sitte te wachtsjen, spesjale gelegenheden. Doe haw ik ek wol ûntdutsen dat ik it aardich fyn om yn opdracht te wurkjen. En ik mei safolle mooglik skriuwe yn it Frysk.”

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.